Lammert Voos (Eenrum, 1962) is in Nederlânske dichter en skriuwer. Voos Nederlandse Poëzie Encyclopedie. Argivearre op 28 maaie 2023. Hy skriuwt yn it Grinslânsk en Nederlânsk.

Biografy Voos waard berne yn Eenrum, mar waard grutbrocht yn Snits. Mids tachtiger jierren fan de 20ste iuw wie er sjonger/gitarist/komponist en tekstskriuwer fan de band Umberto di Bosso é Compadres.

Hy debutearre yn 2008 mei de dichtbondel Klaai. Dêrnei folgen ferskate oare dichtbondels. Yn 2011 waard er stedsdichter fan de stêd Dimter. Stentor: Lammert Voos: stadsdichter Yn 2016 publisearre er it non-fiksjewurk Abdou en de anderen, dêr 't er ferslach yn die fan syn ûnderfiningen as flechtlingewurker. Yn 2018 ferskynde de novelle Malterfoske. Dy novelle is basearre op syn drege jeugd en syn wrakseljen mei alkoholferslaving. Hoe Lammert Voos zich ontworstelde aan zijn ellendige jeugd in Groningen en zijn alcoholverslaving, ynterview yn De Volkskrant, 11 maart 2019. Argivearre op 11 maaie 2021. Dit boek waard nominearre foar de priis Beste Groninger Boek.

Bibliografy Klaai. Gedichten. Utjouwerij De Contrabas, Utert etc., 2008 De stemmingsvreter. Kort proza. De Contrabas, Utert etc., 2011 Mien zinloze aanwezeghaid (gedichten yn it Grînslânsk). Kleine Uil, Grins, 2012 Rigor (gedichten; yllustraasjes Heleen Simons). Utjouwerij Stanza, Amsterdam, 2015 Abdou en de anderen. Ooggetuigenverslag van een ex-vluchtelingenwerker (non-fiksje). AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2016 Malterfoske. Een novelle. AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2018 (2de druk 2019) Canisius. AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2020 Gannef. AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2021

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Grinslânsk Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1962