De kraachfazanten (wittenskiplike namme: Chrysolophus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e echte fazantfûgels (Phasianini). Ta dit skaai hearre twa soarten, wêrûnder de goudfazant (Chrysolophus pictus), dy't in populêre foliêrefûgel is.
Taksonomy It skaai fan 'e kraachfazanten waard yn 1834 troch de Ingelske biolooch John Edward Gray yntrodusearre. De wittenskiplike namme Chrysolophus komt fan it Aldgrykske χρυσολοφος, chrysolofos, dat letterlik "goudtoefd" betsjut.
Soarten
skaai kraachfazanten (Chrysolophus) goudfazant (Chrysolophus pictus) lady-amherstfazant, Lady Amhersts fazant of diamantfazant (Chrysolophus amherstiae)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Fazanteftige