De Eddy Christiani Award wie in gitaristepriis dy 't alle jierren yn Vlissingen útrikt waard oan in gitarist dy 't (ynter)nasjonaal syn spoaren fertsjinne hat. De priis is in ûntwerp fan de byldzjend keunstners Bentall en Bommeljé. https://encyclopedievanzeeland.nl/Eddy_Christiani_Award. Argivearre op 30 juny 2018.

Skiednis Yn 2006 besleat it provinsjale popplatfoarm Poppunt Zeeland, op inisjatyf fan de doetiidske konsulint popmuzyk Cor de Jonge, in priis yn it libben te roppen, ferneamd nei de legindaryske sjonger en gitarist Eddy Christiani. De priis waard alle jierren takend oan in (ynter)nasjonaal bekend gitarist dy 't krekt as Christiani in ynspirearjende bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de elektryske gitaarmuzyk. Eddy Christiani wie yn 1939 de alderearste gitarist yn Europa mei in elektryske gitaar.

Oant en mei 2010 rikte Christiani sels de priis út. Steve Lukather dy 't yn 2010 foar de priis spesjaal oerfleach út Los Angeles joech de priis in ynternasjonale útstrieling. Yn 2011 koe de 93 - jierrige nammejouwer foar it earst net komme. Dat jier waard de priis útrikt troch Ad Vandenberg. Yn 2012 stie de priisútrikking ûnder lieding fan Leo Blokhuis. Els Swart, Eddy Christiani Award voor George Kooymans. VPRO (15 oktober 2012).

Yn maaie 2013 waard de organisaasje fan de gitaarpriis oernaam troch in lanlike stichting en gie fierder ûnder de namme European Electric Guitar Award. Eddy Christiani Award verdwijnt uit Zeeland, omroepzeeland.nl, 25 april 2012

Winners Eddy Christiani Award jier priiswinner gitarist yn band (fan)2006Leendert Haaksmasjongster Anouk Teeuwe2007Dany LademacherHerman Brood and his Wild Romance2008Ad VandenbergVandenberg · Whitesnake2009Jan AkkermanFocus · Johnny and his Cellar Rockers · The Hunters · Brainbox2010Steve LukatherToto2011Brian MayQueen2012George KooymansGolden Earring Sena Performers European Guitar Award jier priiswinner gitarist yn band (fan)2014Slash Guns 'n' Roses en Velvet Revolver2015Walter TroutJohn Mayall's Bluesbreakers en Walter Trout and The Radicals2016Steve VaiWhitesnake en Alcatrazz2017Joe Bonamassa2018Joe SatrianiChickenfoot2019John PetrucciDream Theater

Kategory:Nederlânske muzykpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2006