De waskbearen (wittenskiplike namme: Procyon) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de boppefamylje fan 'e marterdieren (Musteloidea), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae), de ûnderfamylje fan 'e echte waskbeareftigen (Procyoninae), de tûke fan 'e waskbearen en sibben (Procyonini) en de ûndertûke fan 'e echte waskbearen (Procyonina). __TOC__ Beskriuwing Ta dit skaai hearre trije 3 libbene soarten, wêrfan't de (gewoane) waskbear (Procyon lotor) út Noard- en Midden-Amearika sûnder mis it bekendst is. De oare beide soarten komme foar yn 'e tropen: de krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus) fan Súd-Amearika en de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus), dy't yn syn ferspriedingsgebiet beheind is ta it Meksikaanske eilân Cozumel. Waskbearen steane bekend om harren knaphandigens mei de 'hannen', dêr't se bgl. ôfsletten jiskefetten en doarren mei iepenje kinne. De neiste sibben fan 'e waskbearen binne de noasbearen of koätys (Nasua) fan Latynsk-Amearika.
Soarten
skaai waskbearen (Procyon) Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus) krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus) gewoane waskbear (Procyon lotor) Ferskate oare soarten dy't foarhinne ta dit skaai rekkene waarden, wurde no sjoen as ûndersoarten fan 'e (gewoane) waskbear. Dêrby giet it om 'e Bahamaanske waskbear (P. l. maynardi), de Gûadelûpwaskbear (P. l. minor), de Tres-Mariaswaskbear (P. l. insularis) en de útstoarne Barbadoswaskbear (P. l. gloveralleni). In fyfde soarte, Procyon brachyurus (Wiegmann, 1837), waard beskreaun op basis fan twa fongen eksimplaren, mar de identiteit fan dit bist is net mear nei te kommen mei't de preservearre restanten fan 'e beide bisten wei rekke binne.
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Lytse bear