thumb|400px|Foarbyld fan in wurdfrissel thumb|400px|Oplossing fan de wurdfrissel In wurdfrissel is in taalpuzel dêr ’t wurden troch elkoar flechte wurde moatte yn in fjild mei losse fekjes. De puzels binne betocht troch puzelútjouwer Jelmer Steenhuis en ferskine al jierren geregeldwei yn de NRC ûnder de namme 'Woordvlechten'.Woordvlechten, NRC, 22 jannewaris, 2021
De frege wurden foarmje ûnderling langere wurden of wurdkombinaasjes dy ’t yn de puzel troch linen mei elkoar ferbûn binne. De kleur fan de linen jout oan fan wêr oant wêr in langer wurd rint. Yn it Fryske foarbyld hjirnjonken moatte de koarte wurden ynfold wurde yn pompeblêdsjes. De omskriuwings fan de sochte wurden steane op alfabetyske folchoarder ûnder elkoar. De langere wurden steane beskreaun yn in eigen kolom. Efter de omskriuwings stiet tusken heakjes oanjûn hoefolle letters it omskreaune wurd hat.
Foarbyld Yn it foarbyld moatte de koarte wurden yn ynfold wurde yn pompeblêdsjes. De omskriuwings fan de sochte wurden steane of alfabetyske folchoarder hjir ûnder. Ien oplossingswurd is al ynfold.
Omskriuwings by de foarbyldpuzel (alfabetysk) <small>Koarte wurden arbeid (4)brân (5)fartúch (4)ferfiermiddel (4)heech gebou (4)klinkert (5)nachtfûgel (3)pear (4)timmerark (4)timmermateriaal (4)</small> | width="50%" valign="top" | <small>Lange wurdenfeimasine (12)ferfiermiddel foar boskarbeiders (8)goudûle (7)ynstallaasje foar oaljewinning bg.(8)knalartikel (9)ljochtbeaken (9)lytse ûle (8)mûklaach (7)om gatten yn muorren te meitsjen (9)om gatten yn planken te meitsjen (8)reade wikel (8)timmerarbeid (8)trijehoek op it dak fan in boerepleats (8)''
Kategory:Taalpuzel