Stasjon Uithuizen (Uhz) is in spoarweistasjon yn it doarp Uithuizen yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool dat yn 2018 trochlutsen waard nei Iemshaven.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Uithuizen wie in Standerttype GLS 2e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de trije stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich laach rjochthoekig gebou mei allinne de needsaaklike stasjonsfoarsjinningen. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. Yn 2000 waard der op it plak fan it earste stasjonsgebou in nij ienfâldich stasjonsgebou mei in grutte luifel delset nei ûntwerp fan Olga Arsjitekten, mei dêryn in sportskoalle en in wachtromte.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 437600Stoptrein (Arriva)Grins – Uithuizen – Roodeschool – IemshavenFjouwer of fiif treinen deis fan en nei Iemshaven
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Uithuizen Kategory:Bouwurk yn It Hegelân Kategory:Bouwurk út 1893 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 2000