It eardere Stasjon Roodeschool (Rd) wie in spoarweistasjon yn it doarp Roodeschool yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool en wie it meast noardlike stasjon fan Nederlân. It stasjon waard op 4 jannewaris 2018 sletten en ferfongen troch in nij stasjon fanwegen oanpassingen oan it spoar dat trochlutsen waard nei stasjon Iemshaven.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Roodeschool wie in Standerttype GLS 2e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de trije stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich leech rjochthoekig gebou mei allinne de needsaaklike stasjonsfoarsjinningen. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. De abry en fytsestalling en it perron waarden yn 2018 ôfbrútsen. Achter it eardere stasjon leit in laadplak foar ierdgaskondensaat fan Noordgastransport. Hjir wurdt it by de bewurking fan ierdgas ûntstiene kondinsaat yn tankweinen oerladen.
Roodeschool Kategory:Bouwurk yn It Hegelân Kategory:Bouwurk út 1893 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2018