Stasjon Appingedam (Apg) is in spoarweistasjon yn de stêd Appingedam yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1884 oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl.

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Appingedam wie in Standerttype Snits, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de seis stasjons dy't ea fan dit type boud waard. It symmetryske stasjonsgebou bestie út in sintraal, twa boulagen heech part mei fjouwerkante plattegrûn en twa fleugels mei rjochthoekige plattegrûn.

Wylst yn de jierren ’70 de measte stasjonsgebouwen lâns de disellinen yn Noard-Nederlân ôfbrútsen wurde, bedarret it stasjon fan Appingedam op in foarriedige monumintelist. Yn 1978 rekke it gebou lykwols troch brân slim skansearre wêrnei't it yn 1981 dochs noch ôfbrútsen is. Yn 1982 komt op it plak fan it gebou in ienfâldige standert abry. By it opknappen fan it stasjonsplein om en de by 2014 is dizze ferfongen troch in modern eksimplaar. RTV Noord, 30-10-2013, Make-over voor stationsgebied Appingedam Riedplachte op 26-3-2024

Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 537700Stoptrein (Arriva)Grins – Appingedam – Delfsyl

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Appingedam Kategory:Bouwurk yn Iemsdelta Kategory:Bouwurk út 1883 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1981