De waskbear (wittenskiplike namme: Procyon lotor) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e lytse bearen (Procyonidae) en it skaai fan 'e waskbearen (Procyon), dat lânseigen is yn Noard- en Midden-Amearika. Dit bist komt tsjintwurdich lykwols as eksoat ek yn Jeropa, Japan en Kaukaazje yn it wyld foar. De waskbear is in middelgrut bist mei in langhalige lichemsfoarm en in grize pels, dat tige werkenber is troch syn ringsturt en syn swarte masker. De namme komt fan syn oanwenst om syn fretten foar it opiten ôf te spielen yn wetter. Waskbearen binne omnivoare nachtdieren, dy't bekendsteane om har yntelliginsje en har handigens mei har foarpoaten, suver lytse hantsjes allyk. In mantsjes hjit in bear en in wyfke is in sûch, krekt as by bargen. De IUCN klassifisearret de waskbear as net bedrige.
Taksonomy en namme De waskbear waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus foar de tsiende edysje fan syn baanbrekkende wurk Systema Naturæ. De Dútske natoerûndersiker Gottlieb Conrad Christian Storr pleatste de waskbear yn 1780 yn it taksonomyske skaai fan 'e waskbearen (Procyon), mei in stikmannich nau besibbe soarten. Dêr binne tsjintwurdich noch twa fan oer: de Cozumelwaskbear (Procyon pygmaeus), dy't foarkomt op it eilân Cozumel, foar de kust fan it Jûkatanskiereilân yn Meksiko, en de krabbeslinende waskbear (Procyon cancrivorus) út Súd-Amearika.
De wittenskiplike namme fan 'e waskbear is Procyon lotor, wat letterlik oerset út it Latyn betsjut: "waskjende" (lotor) "foarbear" of "foarrinner fan 'e bearen" (Procyon). Dêrmei wurdt ferwiisd nei de gewoante fan 'e waskbear om syn fretten ôf te spielen yn wetter. Ek de Frysktalige namme foar it bist ferwiisd dêrnei, krekt as de nammen yn it Nederlânsk (wasbeer), Dútsk (Waschbär), Deensk (vaskebjørn), Noarsk (vaskebjørn), Sweedsk (tvättbjörn), Italjaansk (orsetto lavatore), Bulgaarsk (миеща мечка, mješta mečka), Hongaarsk (mosómedve), Finsk (pesukarhu), Estysk (pesukaru), Japansk (アライグマ, araiguma) en Sineesk (浣熊, huànxióng). Yn it Frânsk hjit de waskbear raton laveur, wat letterlik "waskrôt" betsjut.
It Ingelsk hat foar de waskbear de namme raccoon oernommen fan ahrahkoon, de namme fan it bist yn 'e Algonkwynske taal fan 'e Pouhattan-Yndianen fan Firginia, mei as betsjutting "dejinge dy't rost, bjint en klaut mei de hannen". Krektsa komt de Spaanske namme mapache fan it Azteekske wurd mapachtli, dat safolle betsjut as "dejinge dy't alles yn 'e hannen pakt". Yn it Amerikaanske Suden wurdt de oantsjutting raccoon ornaris ferkoarte ta coon; dêrfandinne dat men sprekt fan in coonskin cap ("waskbearmûtse"; letterlik "waskbearhûden holdeksel"). Yn 'e grutte stêden fan 'e Feriene Steaten, dêr't waskbearen jiskefetten iepenbrekke om by itensresten te kommen, sprekt men ek wol delbûgend fan trash pandas ("ôffalpanda's"), ferwizend nei it swarte 'masker' oer de eagen, mei't ek de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca) swarte plakken om 'e eagen hinne hat.
Fersprieding Lânseigen foarkommen It lânseigen ferspriedingsgebiet fan 'e waskbear beslacht Noard- en Midden-Amearika, fan Kanada oant Panama. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt dit bist oeral foar, útsein yn 'e Mojavewoastyn fan súdeastlik Kalifornje, de Sonoarawoastyn fan súdlik Arizona en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn Arizona, Nevada en Utah. Der bestiet argeologysk bewiis dat it areaal fan 'e waskbear yn it Prekolumbiaanske Tiidrek yn 'e súdeastlike Feriene Steaten al oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan ta rikte, mar der binne gjin ferslaggen fan iere blanke kolonisten dy't de bisten yn Nij-Ingelân en de krite fan 'e Grutte Marren tsjinkamen. It tinken is sadwaande dat de waskbear him pas fan 'e 1880-er jierren ôf dêrhinne útwreide hat.
Oant de 1950-er jierren fertsjintwurdige Vancouvereilân, foar de súdwestkust fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, de noardlikste fersprieding fan 'e waskbear. Sûnt hat dit bist him lykwols ferspraat oer it Legere Fêstelân fan Britsk-Kolumbia, en teffens oer hast it hiele grûngebiet fan 'e provinsjes Alberta, Saskatchewan en Manitoba, oan 'e súdlike grinsrâne fan 'e Noardwestlike Territoaria ta. Eastliker komt er foar yn Ontario, útsein it noardeastlike part fan dy provinsje, en fierders yn súdlik Kebek en de Kanadeeske Kustprovinsjes.
Fierder súdlik heart it hiele grûngebiet fan Meksiko en de Middenamerikaanske lannen Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa en Kosta Rika ta it ferspriedingsgebiet fan 'e waskbear. Datselde jildt foar westlik Panama, likernôch oan it Panamakanaal ta. Yn it Karibysk Gebiet besteane isolearre populaasjes op it eilân New Providence, yn 'e Bahama's, en op it Frânske eilân Gûadelûp. De histoaryske populaasje op Hispanjoala (it eilân dêr't Haïty en de Dominikaanske Republyk op lizze) kaam yn 1513 út te stjerren troch oerbejaging foar har fleis troch de iere Spaanske kolonisten. Itselde lot trof de populaasjes op Kuba en Jamaika yn 1687. De populaasje op Barbados stoar yn 1964 út.
Foarkommen as eksoat De waskbear komt tsjintwurdich ek bûten syn lânseigen ferspriedingsgebiet yn it wyld foar, trochdat er dêr troch minske mei opsetsin of by fersin yntrodusearre is as eksoat. Yn Dútslân waarden yn april 1934 by de opslachmar de Edersee, yn noardlik Hessen, twa pear waskbearen dy't as húsdieren holden wiene frijlitten troch in jachtopsjenner om 'e fauna fan it gebiet "te ferrykjen". In twadde plak yn Dútslân dêr't in wylde waskbearepopulaasje ûntstie, wie by Wolfshagen yn Brandenburch, eastlik fan Berlyn, dêr't oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1945 by in Alliëard bombardemint 25 eksimplaren ûntsnapten út in pelsdierfokkerij. De Hessyske populaasje bestie yn 1956 noch út 285 waskbearen, mar wie yn 1970 útwoeksen ta mear as 20.000 eksimplaren. Yn 2008 waard de folsleine populaasje yn Dútslân rûsd op 200.000 oant 400.000 bisten, mar yn 2012 wie al sprake fan mear as 1 miljoen waskbearen.
Anno 2024 komme waskbearen yn hiel Dútslân foar (noch altyd mei de grutste populaasjetichtens om 'e Edersee en Wolfshagen hinne), en hawwe se har ferspraat nei alle buorlannen. Sa komme se foar yn Jutlân en op 'e eilannen Funen en Seelân yn Denemark, yn westlik Poalen, it Boheemske Wâld yn Tsjechje, de leger leine kontreien fan Eastenryk en Switserlân, de Elzas en noardlik Savoaie yn Frankryk, en de Ardinnen yn Belgje en Lúksemboarch. In selsstannige populaasje befynt him yn Noard-Frankryk, dêr't ferskate waskbearen dy't as húsdieren holden waarden, yn 1966 frijlitten waarden troch militêren fan 'e Amerikaanske Loftmacht by de Loftmachtbasis Laon-Couvron. Oare, minder stabile populaasjes besteane yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen en op ferskate plakken yn westlik en súdwestlik Frankryk, Hongarije, Servje, Slowakije en Moraavje (eastlik Tsjechje).
Sûnt de iere 1970-er jierren libbet der in populaasje wylde waskbearen om 'e Spaanske haadstêd Madrid hinne. Yn 2013 joegen de autoriteiten dêre opdracht ta it fangen en deadzjen fan eltse waskbear. Fierders komt dit bist ek foar yn noardlik Itaalje, dêr't in stabile populaasje bestiet yn 'e regio Lombardije, en yn Sweden, deunby de haadstêd Stockholm. Yn Japan waard de waskbear populêr as húsdier nei't yn 1977 de animesearje Rascal the Raccoon op 'e tillefyzje kaam. Mear as 1.500 eksimplaren waarden út Noard-Amearika wei ymportearre. Yn 2004 libben de ôfstammelingen fan yn 'e steek litten of ûntsnapte húsdierwaskbearen yn 42 fan 'e 47 Japanske prefektueren yn it wyld, en tsjin 2008 hiene se har ek nei de restearjende fiif prefektueren ferspraat. Nei skatting rjochtsje waskbearen op it eilân Hokkaido allinnich al elts jier foar mear as ¥30 miljoen (likernôch $275.000) oan skea oan 'e lânbou oan.
Yn 'e eardere Sovjet-Uny waard war dien om 'e waskbear te yntrodusearjen sadat it bist bejage wurde koe foar syn pels. Fan 1936 oant 1958 waarden 1.222 eksimplaren útset yn njoggen ûnderskate, net opinoar oanslutende gebieten. Alle yntroduksjes yn Aazje mislearren, wêrûnder ien yn wat no Kirgyzje is en ien yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten by Vladivostok. Twa fan 'e yntroduksjes wiene súksesfol: ien yn súdlik Wyt-Ruslân en ien yn Transkaukaazje. Yn Wyt-Ruslân wisten de bisten tusken 1954 en 1958 in libbensfetbere populaasje te fêstigjen, dy't him ûnderwilens útwreide hat oer de noardlike grins fan 'e Oekraïne hinne. Yn it Transkaukazyske Azerbeidzjan ûntstie tusken 1941 en 1957 in stabile populaasje, dy't yn 1974 útwoeksen wie ta 20.000 eksimplaren. Ut Azerbeidzjan wei ferspraten de bisten har nei noardwestlik Iraan, Armeenje, noardlik Georgje, Súd-Oseesje, Abgaazje en de súdlike Koebanregio yn it suden fan Jeropeesk-Ruslân.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân Yn Nederlân komt de waskbear fan likernôch 1960 ôf foar troch útwreiding nei it westen ta fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Dútske populaasje. Yn it begjin wiene der inkeld ynsidintele waarnimmings, mar sûnt likernôch de 1990-er jierren liket de waskbear him yn it easten fan it lân definityf fêstige te hawwen, fral yn Limburch, mar ek yn 'e Achterhoeke, op 'e Feluwe, yn Twinte en yn Drinte. Utsein ynsidintele waarnimmings fan omswalkjende eksimplaren binne der yn Fryslân anno 2024 amper waskbearen sjoen. Yn maart 2024 ûntsnapten der alve eksimplaren út 'e AquaZoo yn 'e Griene Stjer eastkant Ljouwert. Dêrfan waarden trije binne inkele dagen wer fongen. Der bestie gjin kâns op it ûntstean fan in Fryske populaasje fan wylde waskbearen, mei't de dieretúnbisten allegearre sterilisearre wiene.
Uterlike skaaimerken De waskbear is in middelgrut bist mei in kop-romplingte fan 40–70 sm, in sturtlingte fan 20–40 sm en in skofthichte fan 23–30 sm. It gewicht kin fariëarje tusken de ekstremen fan 2 en 26 kg, mar bedraacht ornaris 5–12 kg. De noardlikste ûndersoarten hawwe de grutste yndividuën, wylst de lytste eksimplaren ta de ûndersoarten fan 'e eilannen fan 'e Florida Keys hearre. It aldergrutste eksimplaar dat ea dokumintearre waard, hie in gewicht fan 28,4 kg en in kop-sturtlingte fan 140 sm. Oer it algemien binne de bearen 15–20% swierder en foarser as de sûgen. Njonken in geslachtlike fariaasje yn gewicht bestiet der ek in seizoenalen-ien, mei't waskbearen oan it begjin fan 'e winter troch ûnderhûdske fetopslach wol twaris safolle weagje kinne as oan it begjin fan 'e maityd.
De pels fan 'e waskbear is grizich bêzje-brún op 'e rêch, siden, nekke, boppe-op 'e kop en oan 'e sydkanten fan 'e poaten, en wat ljochter grizich bêzje op 'e bealch en kiel en oan 'e binnenkant fan 'e poaten. De pels bestiet út ticht ûnderhier, dat in wetterôfstjittende wurking hat, oerdutsen mei lang boppehier, dat isolearret tsjin kjeld en hjittens. De meast opfallende skaaimerken fan dit bist binne de lange sturt, dy't in patroan hat fan om bar grizige en swarte ringen, en in swart 'masker' oer de eagen hinne, dat sterk kontrastearret mei it fierders wite gesicht. It tinken mank saakkundigen is dat de swarte plakken om 'e eagen hinne wjerskyn troch fel sinneljocht ferminderje en nachtsicht ferbetterje. De rûnige earen binne frij lyts en begroeid mei wyt hier. De noas is lyts en beweechlik en wurdt flankearre troch lange snorhierren.