De Provinciale Friesche Courant wie in eardere Fryske krante út de 19e iuw.
De krante bestie fan 1842 en 1903 en waard útjûn troch L. Schierbeek út Ljouwert. De krante wie it haadorgaan fan de ‘stelselmatige liberalen’ (1842-81). De liberale krante wie radikaler as de Ljouwerter Krante, mar minder radikaal as de Friesche Courant. Archieven
Redaksjeleden wiene sûnt 1848 mr. Jan van der Veen, advocaat en prokureur by it Provinsjaal gerjochtshof yn Ljouwert, dûmny A. Winkler Prins en abbekaat mr. A.F. Jongstra. Jongstra wie ûnder oare ek Keamerlid en kantonrjochter op It Hearrenfean. Tresoar.nl DBNL.orgwww.parlement.com Ta de meiwurkers hearde ek Waling DijkstraDijkstra, Waling (Gerrits) (1821-1914), Huygens Instituut
De krante hie in lyts lêzersbestân en gie yn 1903 op yn it 'Advertentieblad voor de provincie Friesland'.
Kategory:Fryske krante Kategory:Nederlânsktalige krante Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1842 Kategory:Krante of tydskrift opheft yn 1903