Stasjon Winsum (Wsm) is in spoarweistasjon yn it doarp Winsum yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool dat yn 2018 trochlutsen waard nei Iemshaven.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Winsum wie in Standerttype GLS 1e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de fjouwer stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich heech rjochthoekig gebou mei twa ferdjippingen en in souder. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. Yn 2002 krige it brede eilânperron in lift nei de fuotgongerstunnel ûnder it stasjon. Dat jier waard by de yngong fan de tunnel in ienfâldich stasjonsgebou mei in grutte luifel delset, mei dêryn in kiosk en in wachtromte.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 437600Stoptrein (Arriva)Grins – Winsum – Roodeschool – IemshavenFjouwer of fiif treinen deis fan en nei Eemshaven
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Winsum Kategory:Bouwurk yn It Hegelân Kategory:Bouwurk út 1893 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 2002