Bart Kingma (Wommels, 1970) is in skriuwer en telefyzjemakker út Ried.
Bart Kingma waard berne yn Wommels, mar groeide op yn Kollum. Nei syn hbû-stúdzje Sjoernalistyk yn Swol wurke hy by ferskate media yn Noard-Nederlân as sjoernalist, senarioskriuwer en regisseur.
Programmamakker Kingma makket as programmamakker dokumintêres foar FryslânDOK by Omrop Fryslân. Omrop Fryslân oer Bart Kingma Sa makke hy bygelyks twa programma’s mei as titel De ûntdekking fan Fryslân. Bart Kingma seit hjiroer ‘Wy besprekke de fraach wêrom, hoe’t en wêr’t Friezen sykje nei harren eigen identiteit. Yn dizze programma’s is omtinken foar Kneppelfreed, de Upstalbeam en de universiteit fan Frjentsjer’
Sûnt 2000 makket hy skoaltelevyzjeprogramma’s by Omrop Fryslân. De televyzjerige ‘11&30, de Kanon fan de Fryske Skiednis’ is troch him opsetten, skreaun en regissearre, lykas oare programma’s foar basisskoallen en fuortset ûnderwiis.
Lietteksten Kingma docht ek skriuwwurk, ûnder mear lietteksten. Syn oersettings fan lietsjes fan Leonard Cohen waarden troch ferskate Fryske artysten útfierd. Sa skreau hy Dunsje my de leafde út, De swalkerinne, As it jo wil is en Ik wol dy op sa'n dei noch net by my wei.https://secondhandsongs.com
Skriuwer Griene Simmer wie syn romandebút út 2010. Underwerp is de ferdwining fan twa persoanen.Bart Kingma – Griene Simmer (2010), www.frieseliteratuur.nl] It ferhaal beskriuwt de dramatyske ôfrin fan in trijehoeksrelaasje yn in efterúthoeke oan de Fryske Waadkust. Oer Griene Simmer, www.onlinebibliotheeek.nl
Sex to the Max is skreaun yn opdracht fan it LêsNo projekt, in lêsbefoarderingsprojekt foar it fuorset ûnderwiis. Taalplan.frl Syn boek De deikoersen fan Remco is skreaun yn it ferlingde fan de suksesfolle jeugdsearje De Koers fan Omrop Fryslân. www.Fryske kadoos.nl
Yn 2024 waard Kingma kollumnist by Friesland Post.www.persbureau-ameland.nl
Bibliografy Jou my de romte (2020) ISBN: 9789493159532 Sex to the Max; 12-15 jier; útjouwerij; Afûk, 2019 ISBN: 9789493159532 De deikoersen fan Remco; 12-15 jier; 2016 ISBN : 9789492176141 Griene Simmer; roman, útjouwerij Elikser (2010) ISBN: 9789089542472 No Present by Klaske (2025) Flarde''; roman, Afûk (2026) ISBN: 9789493318779
Kategory:Frysk programmamakker Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Wommels Kategory:Frysk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1970