Stasjon Sauwerd (Swd) is in spoarweistasjon yn it doarp Sauwerd yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1884 oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl yn 1893 kaam dêr ek noch it spoar nei Roodeschool by.
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Sauwerd wie in Standerttype Loppersum, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea fan dit type boud wie. It ienfâldige gebou hie in leech middendiel parallel oan it spoar en twa ferskillende eingebouwen heaks op it spoar. It stasjonsgebou waard yn 1975 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. De wachterswente fan 1884 is al bewarre bleaun.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 437600Stoptrein (Arriva)Grins – Sauwerd – Roodeschool – IemshavenFjouwer of fiif treinen deis fan en nei EemshavenRS 537700Stoptrein (Arriva)Grins – Sauwerd – Delfsyl
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Sauwerd Kategory:Bouwurk yn It Hegelân Kategory:Bouwurk út 1883 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1975