De gielsnaffelein of gielbekein (Anas undulata) is in fûgelsoarte út 'e famylje einfûgels (Anatidae). Alain Dubois publisearre yn 1839 foar it earste de wittenskiplike namme fan 'e ein.
Beskriuwing thumb|left|Fleanende gielsnaffelein yn Súd-Afrika. De ein is in likernôch 51 oant 58 sm lange fûgel mei in trochsnit gewicht fan 900 gram. Der is net in soad ferskil tusken jerkjes en wyfkes. De einen binne fral griis en hawwe in donkerdere kop. De wjukken binne fan ûnder wyteftich en it speculum is grien mei wite rânen. It mantsje is wat grutter as it wyfke en hat in wat langere hals. Se ha in felle, gieloranje snaffel mei op 'e boppesnaffel in swarte flek en oan 'e ein in swart punt.
It is gjin trekfûgel, mar yn 'e drûge tiid giet er sykjen nei wetter. Bûten it brieden is de fûgel sosjaal en libbet er yn groepen.
Fersprieding De soarte komt yn sintraal en súdliuk Afrika foar.
Undersoarten Der binne twa ûndersoaten fan 'e gielsnaffelein:
A. u. undulata (Dubois, 1839), de nominaatfoarm: fan súdlik Kenia oant Angoala en westlik Súd-Afrika. A. u. ruppelli (Blyth, 1855): eastlik Sûdan, Etioopje en noardlik Kenia.
De A. u. ruppelli is donkerder en hat in blau speculum.
Status thumb|left|''Gielsnaffeleinen fan de nominaatfoarm. Beide ûndersoarten wurde neffens IUCN net bedrige. De ljochte ûndersoarte libbet oan 'e marren fan 'e iepen Afrikaanske savannen en wurdt in soad yn eastlik Súd-Afrika sjoen. It oantal wurdt op 60.000 fûgels rûsd.
De donkere ûndersoarte libbet yn lytse populaasjes yn it Etyopyske heechlân oant in hichte fan 4.000 m boppe de seespegel. Dêrnjonken is de ûndersoarte ek by en op East-Afrikaanske wettergebieten te sjen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ein (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda