thumb|Earehôf Skarl Earehôf Skarl leit op it tsjerkhôf yn de buorskip Skarl yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân flak by de Iselmar. It tsjerkhôf leit op in terp dêr 't oant 1723 in tsjerkje stien hat. It earehôf leit deun njonken de klokkestoel. Op it earehôf lizze 5 alliearde militêren, fan trije fan harren binne de nammen witten, de twa oaren binne loftmachtmilitêren dy 't oant no ta ûnbekend bleaun binne. Op de stiennen steane de folgjende nammen:
Namme Funksje Underdiel Skwadron Ferstoarn AlderdomAntony Talbot Percy ConsidineWaarnimmerRoyal Air Force Volunteer Reserve49e Squadron10-04-194220 jierThomas Christopher QuinlanBoardskutterRoyal Air Force Volunteer Reserve101e Squadron02-08-194123 jierRichard Gerald RowlandsLoftmachtoffisierRoyal Australian Air Force207e Squadron05-09-194225 jierAn airman of the 1939-1945 war (In fleaner út de oarloch 1939 -1945)Royal Air Force06-10-1942An airman of the 1939-1945 warRoyal Australian Air Force09-07-1942
Skiednis Op 10 april 1942 waard in Handley Page Hampden, de AE421 fan it 49e swakadron, op in missy nei Essen oanfallen troch in Dútske nachtjager. Foar de kust fan Inkhuzen stoarte it fleantúch yn de Iselmar. De fjouwer bemanningsleden ferlearen dêrby it libben. Ien bemanningslid, de radio-telegrafist/boardskutter T.H. McGrenery, wurdt oant no ta mist. It stoflik omskot fan de boardskutter, A.T.P. Considine, spielde op 26 maaie 1942 oan by Laaksum en waard op earehôf Skarl beïerdige. It stoflik omskot fan de boardskutter J.W. Wilkinson spielde oan op de Noarske kust. De piloat R.P. Worthy leit begroeven op earehôf Ald-Leusden by Amersfoort.
Op 5 septimber 1942 stoarte in Lancasterbommesmiter, de R 5755 fan it 207e Squadron, eastlik fan Medemblik yn de Iselmar. Der wurdt tocht dat it fleantúch delsketten waard troch in Dútske jager. Alle 7 bemanningsleden ferlearen it libben. Piloat R.G. Rowlands leit op dit earehôf. De oaren:
Radio-telegrafist J.C. Luton leit op it earehôf Starum Waarnimmer A.B. Hastings waard beïerdige op it earehôf De Lemmer Boardskutter J.W. Atkinson en waarnimmer F.J.C. Barnes lizze op it earehôf Bergen yn Noard-Hollân Boardwurktúchkundige G. Fleck en boardskutter C.V. Pattison wurde beide oant no ta mist.
Skarl Kategory:Begraafplak yn Súdwest-Fryslân Kategory:Monumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1942