De Bahamapylksturt (Anas bahamensis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). Carolus Linnaeus beskreau yn 1758 de ein foar it earst wittenskiplik.
Beskriuwing thumb|left|Bahamapylksturten. Lykas by in soad oare súdlike einesoarten binne de ferskillen tusken de geslachten lyts. De ein is fral brún en hat opfallende wite wangen en in grize snaffel mei read by de basis (jonge fûgels misse dy kleur op 'e snaffel).
Fersprieding Baahamapylksturten komme yn trije aparte ûndersoarten yn dielen oer it hiele Súd-Amearikaanske kontinint oant yn Kuba foar. Ien fan 'e ûndersoarten, de Anas bahamensis galapagensis, dy't somtiden ek as in aparte soarte beskôge wurdt, is op it Galapagos-eilân Fernandina (Narborough Island) thús. Dêr libbet de ein yn ûndjip brak en sâlt wetter en yn mangroves oan 'e kust. De Bahamapylksturt is lykwols ek yn fiedselryk binnenwetter te finen.
Libben Bahamapylsturten ite planten, dy't se grondeljend ynnimme.
It begjin fan 'e briedtiid ferskilt lokaal. De Karibyske populaasje begjint yn juny en july te brieden en de populaasje fan 'e Lytse Antillen briedt fan augustus oant novimber. Yn Súd-Amearika is de briedtiid yn maaie en oktober en op 'e Galapagos-eilannen yn oktober oant july.
It lechsel bestiet út 8 oant 12 liemkleurige aaien, dy't yn 25 oant 26 dagen útbret wurde. De pykjes ha dan in gewicht fan 30 gram. It wyfke fuorret de piken, dy't nei 20 dagen de fearren fan juvenilen krije. De einen kinne nei likernôch sân oant acht wiken fleane. Tsjin 'e ein fan it earste libbensjier binne se geslachtryp.
Undersoarten De Bahamapylkstut is yn trije ûndersoarten te ferdielen: thumb|left|Anas bahamensis galapagensis A. b. bahamensis (Linnaeus, 1758), de nominaatfoarm is de noardlike Bahamapylksturt, dy't yn Midden-Amearika en yn it noardeasten fan Súd-Amearika libbet. Anas bahamensis rubrirostris (Vieillot, 1816) is in ûndersoarte dy't mei likernôch 700 gram swierder is as de nominaatfoarm. It is in ûndersoarte dy't yn it suden fan Súd-Amearika libbet. Anas bahamensis galapagensis (Ridgway, 1890), de ûndersoarte dy't op it Galapagos-eilân Fernandina (Narborough) libbet.
Status Alhoewol't de populaasje liket ôf te nimmen, hat de soarte noch in grut ferspriedingsgebiet en giet it ôfnimmen net sa hurd dat de Bahamapylksturt as kwetsber beskôge wurde kin. De populaasje is grut en wurdt dêrom as net bedrige beskôge eBird, oproppen 5 maart 2024
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ein (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname