The Invasion is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2007 ûnder rezjy fan Oliver Hirschbiegel, mei yn 'e haadrollen Nicole Kidman en Daniel Craig. De titel betsjut "De Ynvaazje". De film waard basearre op 'e roman The Body Snatchers fan Jack Finney en wie de trêde remake fan 'e film Invasion of the Body Snatchers út 1956. It ferhaal folget psychiater Carol Bennell. Koart nei it delstoarten fan in romtefear sjocht hja lju om har hinne feroarjen yn emoasjeleaze wêzens, dy't inkeld beare dat se minsken binne. The Invasion krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.
Plot Nei't in romtefear fan 'e NASA ûnferwachts weromkeart yn 'e atmosfear fan 'e Ierde en delstoart, komme de brokstikken ferspraat del oer in brede streek dy't fan Teksas nei Washington, D.C. rint. Undersikers treffe op guon fan 'e restanten in skimmel-eftige bûtenierdske libbensfoarm oan, dy't alle skaaimerken hat fan in yntelligint organisme. It hâldt en draacht him as in firus, en as minsken mei it organisme ynfektearre reitsje, is it trochmeitsjen fan ien syklus fan REM-sliep genôch foar it organisme om 'e kontrôle oer it lichem fan 'e gasthear oer te nimmen. Dat docht it troch de genetyske koade fan 'e gasthear te werprogrammearjen.
Ien fan 'e earste persoanen yn 'e Feriene Steaten dy't besmet rekket, is dokter Tucker Kaufman, de direkteur fan 'e Centers for Disease Control and Prevention (CDC) (it Amerikaanske RIVM), dat derby roppen wurdt om ûndersyk te dwaan nei de skimmel op 'e brokstikken fan it romtefear. Kaufman, of better sein, it wêzen dat Kaufman behearsket, brûkt syn posysje om it firus fierder te fersprieden troch te bearen dat der in epidemy geande is fan in tige slimme gryp, dêr't in faksinaasjekampanje foar organisearre wurde moat. Wat de minsken net witte, is dat se gjin faksin tsjin in firus ynspuite krije, mar de spoaren fan 'e bûtenierdske skimmel.
Kaufman syn eks-frou, de psychiater Carol Bennell, begjint in aaklik mar dizenich gefoel te krijen dat der wat mis is as minsken om har hinne yn Washington, D.C. fan 'e iene op 'e oare dei fan persoanlikheid feroarje. Dat begjint as in pasjinte fan harres, Wendy Lenk, fertelt dat har man har man net mear is. Dy jûns, op in Halloweenfeest yn har buert, hâldt en draacht in freontsje fan har tsienjierrige soan Oliver him nuver: ôfhâldich en emoasjeleas. Oliver fynt yn 'e pûde snobbersguod, dy't er by de doarren lâns gearbiddele hat, in stikje biologysk weefsel dat earst oansjoen wurdt foar smink fan in Halloweenkostúm. Mar Carol stiet it net rjocht, om't it te echt liket, en freget har ôf oft it soms wat te krijen hawwe kin mei de grypepidemy dy't it lân yn 'e besnijing hâldt.
Carol nimt it stikje weefsel dêrom mei nei har bêste freon, dokter Ben Driscoll, om it analysearje te litten yn dy syn laboratoarium. Dyselde deis dûkt Kaufman yn Washington, D.C. op en easket ynienen dat Oliver it wykein by him trochbringe sil. Dêr hat er neffens de omgongsregeling rjocht op, mar Carol fernuveret har oer dy feroaring yn syn hâlden en dragen, mei't er al jierren frijwol net nei de jonge omsjoen hat. Underweis om Oliver by syn heit te bringen, binne Carol en Oliver tsjûge fan in ferkearsûngemak wêrby't in panikerige jonge frou, dy't hieltyd mar ropt: "Se komme deroan!" deariden wurdt. Carol stapt út en besiket in tsjûgeferklearring te jaan, mar in emoasjeleaze plysjeman seit dat er har kentekennûmer al opskreaun hat en stjoert har fuort. In oerstjoere Carol set Oliver ôf by Kaufman, dy't syn yntrek nommen hat yn itselde hûs dêr't er ek wenne doe't Carol noch mei him troud wie. It stelt Carol gerêst dat Oliver dêre mei syn eardere buorjonge Gene boartsje kin.
Dy jûns giet Carol mei Ben Driscoll nei in diner dêr't Driscoll foar útnûge is troch freonen fan sines: de âldere Tsjechyske dokter Henryk Beliček en dy syn frou Ludmilla. Ek oanwêzich is de Russyske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, Jorisj Kagonavitsj. As it petear op it gewelddiedige aard fan 'e minske komt, seit de ambassadeur dat in wrâld sûnder geweld in wrâld sûnder minsken betsjutte soe, om't it brûken fan geweld no ienris de minske eigen is. Wannear't Driscoll Carol oan 'e ein fan in gesellige jûn thús ôfset, besiket er har te tútsjen, mar sy hâldt him tsjin en seit dat se harren freonskip net riskearje wol en dat se dêrom harren relaasje hâlde wol sa't dy is. Driscoll leit him sichtber teloarsteld mar sûnder iggewearjen by har beslút del. Koart nei't er fuortgien is, komt by Carol in man oan 'e doar dy't seit dat er in meiwurker fan it Amerikaanske Folkstellingsburo is. Carol fertrout de boel net, want hokker folkstellingswurker komt no jûns let noch by de minsken del, dat se lit him der net yn. Dêrop besiket er mei geweld by har binnen te kommen, wat se mar nauwerneed foarkomme kin.
De oare deis nimt Driscoll Carol mei nei syn wurk, dêr't in kollega fan sines, dokter Stephen Galeano, oan 'e hân fan it stikje weefsel dat Carol brocht hat, ûntdutsen hat hoe't spoaren fan 'e bûtenierdske skimmel it minsklik brein oernimme yn 'e REM-sliep. In alarmearjend tillefoantsje fan Ludmilla Beliček bringt harren trijeresom nei de filla fan it Tsjechyske troud pear. De Russyske ambassadeur Kagonavitsj is yn syn sliep siik rekke. It docht bliken dat de man oerdutsen is mei swit dat in fêste foarm oannommen hat. Carol, Driscoll en Galeano beseffe dat se tsjûge binne fan 'e transformaasje fan minske ta in oar wêzen dat inkeld gebrûk makket fan in minsklik lichem. As se besykje de ambassadeur wekker te meitsjen, slacht dy op gewelddiedige wize om him hinne, wêrnei't er dea delfalt. Blykber is it ûnderbrekken fan it transformaasjeproses foar de minsklike gasthear fataal.
Carol giet der op eigen manneboet op út om Oliver by Kaufman thús ôf te heljen, mar Oliver is dêr net en Kaufman wegeret har te fertellen wêr't de jonge dan wol is. Ynstee slute hy en ferskaten fan syn kollega's har yn. Carol besiket út te naaien, mar Kaufman grypt har, wurket har tsjin 'e grûn oan en koarret har yn it gesicht om har te ynfektearjen. Neitiid wit Carol te ûntkommen en keart se werom nei it hûs fan 'e Beličeks om har wer by Driscoll en Galeano te jaan. Wannear't Henryk Beliček hommels thúskomt mei in groepke frjemden by him, begripe Carol-en-dy dat ek hy himsels net mear is, en sette se mei stille trom fia de efterdoar ôf.
Op 'e strjitte geane se útinoar. Galeano bejout him nei it heechbefeilige oerheidslaboratoarium fan Fort Detrick yn Frederick (Marylân), dêr't er hopet in bydrage leverje te kinnen oan 'e ûntwikkeling fan in faksin tsjin 'e bûtenierdske skimmel. Carol en Driscoll prate mei him ôf dat se him dêr treffe sille, mar wolle earst wolle se Carol har soan Oliver ophelje. Underweis sjogge se hoe't Wendy Lenk troch 'feroare' plysjes út har auto skuord en ôffierd wurdt wylst se mar ropt: "Ik haw al sliept, ik haw al sliept." Carol freget har ôf oft guon minsken ymmún wêze kinne foar de bûtenierdske skimmel. Sy en Driscoll geane nei har kantoar om it dossier fan frou Lenk yn te sjen. Sa ûntdekke se dat dy as famke akute disseminearre ensefalomyelitis (ADEM) hân hat, in sykte dy't de struktuer fan 'e minsklike harsens oantaast. Se riddenearje dat dat de reden wêze moat dat de bûtenierdske spoare har ferstân net oernimme kin. Carol beseft dat dit betsjut dat Oliver, dy't as lyts jonkje deselde sykte hân hat, ek ymmún wêze moat. Dat makket it noch wichtiger om him te finen, sadat er troch firologen ûndersocht wurde kin om te begripen hoe't de bûtenierdske spoaren wurkje.
Driscoll kriget in tillefoantsje fan Galeano, dy't ûnderwilens Fort Detrick witten hat te berikken. Hy warskôget Driscoll en Carol dat se sjen moatte dat se út Washington, D.C. wei komme, om't de ynfektearre autoriteiten it hiele stedssintrum ôfsette, sabeare as karantênemaatregel. Yn 'e troch harren leech oantroffen plysje-auto fan in plysje dy't syn pistoal brûkt hat om selsmoard te dwaan, ride Carol en Driscoll dwers troch in ôfsetting hinne. Driscoll, dy't tsjin Carol seit dat der neat is dat er net foar har dwaan wol, bewiist dat er de wierheid sprekt troch yn in stil steechje, út it each fan harren efterfolgers, Carol mei bedroch útstappe te litten en dan hurd fuort te riden om 'e efterfolgers efter him oan en by har wei te lokjen.
Carol, dy't in tekstberjochtsje fan Oliver ûntfongen hat dat syn heit him by beppe Joan brocht hat, reizget mei de trein nei Baltimore, dêr't Kaufman syn mem wennet. Underweis wurdt se oansprutsen troch in feroare, emoasjeleaze Gene, har eardere buorjonkje, dy't har fertelt dat syn âldelju de transformaasje net oerlibbe hawwe en dat er no diel útmakket fan har famylje. Hy seit dat it no út wêze moat mei har wjerstân en dat se har deljaan moat om te sliepen en te transformearjen. Carol betinget dat se dat yn privacy dwaan mei yn it húske fan 'e trein. Gene stimt dêrmei yn en slút har dêr op. As er letter de doar iependocht, sjocht er hoe't Carol yn har ûnderguod foar de spegel stiet en stikken bestjurre swit fan har lichem hellet, in teken dat se yndie de transformaasje ûndergien hat. Wat er net wit, is dat se dat spul earder al oantroffen hie yn it jiskefet by de waskbak fan it húske, en dat se dus fan immen oars binne.
Yn Baltimore oankommen bejout Carol har mei Gene nei it appartemint fan har eardere skoanmem Joan. Troch har ôfhâldich te hâlden en dragen en gjin emoasjes te toanen, wit se net inkeld Gene, mar ek Joan en Kaufman sels te bedragen. Op 'e eftergrûn ferhellet in nijsstjoerder op 'e oan steande tillefyzje dat der op it Koreaanske Skiereilân en yn it Midden-Easten frede sletten is en dat oarloch tenei wat út it ferline wêze sil. Carol fynt Oliver werom, dy't nei twa kear sliept te hawwen noch altyd is wa't er altyd wie, wat syn ymmuniteit bewiist. Se ûntflechtet mei him it gebou, mar se wurde efterfolge troch Kaufman. As se har ferskûlje yn 'e kelder fan in willekeurich gebou dy't se binnenkomme koene fia in stikken keldersrút, fynt Kaufman harren dêr werom. Der ûntstiet in wrakseling tusken Kaufman en Carol, en as Oliver syn mem te help komt, sil Kaufman de jonge te liif. Dêrop slacht Carol him de harsens yn mei in klauhammer.
Neitiid sykje Carol en Oliver beskûl yn in plondere supermerk, dêr't Carol harsels bewapenet mei it pistoal fan in befeiligingsman dy't yn in efterkeamer de transformaasje ûndergiet. Yn 'e drogisterij fan 'e winkel nimt se pillen by 't hanfol yn om wekker te bliuwen. Se skillet mei Driscoll, dy't ûnderweis is om harren op te pikken. Wylst se wachtsje, falt Carol dochs yn 'e sliep, mar Oliver wit har krekt op 'e tiid wekker te krijen. Wannear't lang om let Driscoll arrivearret, docht bliken dat de bûtenierdsen him ûnderwilens ek te pakken krigen hawwe en dat er transformearre is. Hy besiket har oer te heljen om har ferset op te jaan troch te fertellen oer de nije maatskippij sûnder oarloch, geweld, moard en ferkrêfting. Mar as se him freget wat der yn dy nije maatskippij fan Oliver wurde sil, jout er ta dat der foar minsken dy't ymmún binne gjin besteansrjocht mear is. Hy hellet de doar fan 'e efterkeamer fan 'e supermerk fan 'e skoattel, sadat de befeiligingsman en ferskate oare lju dy't krekt transformearre binne, deryn komme kinne, mar Carol sjit harren dea. As er freget oft se him ek deasjitte sil, sjit se him yn 'e skonk, sadat er har net efterneikomme kin. Dêrnei naait se wer út mei Oliver, diskear yn Driscoll syn auto.