Muskuseinen (Cairina) foarmje in monotypysk fûgelskaai út 'e famylje einfûgels (Anatidae).
Fan oarsprong komme dizze einen foar yn tropyske gebieten fan Midden- en Súd-Amearika. Muskuseinen binne te werkennen oan harren foarse lichemsbou en de opfallende, keale reade of swarte knobbels op it gesicht. Troch domestikaasje is de soarte hjoed-de-dei oer de hiele wrâld as hûsdier te finen, mar de wylde foarm libbet noch altiten yn syn oarspronklike tropyske ferspriedingsgebiet.
Troch de jierren hinne binne ferwyldere populaasjes ûntstien yn dielen fan Noard-Amearika (benammen yn it suden fan 'e Feriene Steaten, lykas Floarida, en ek op ferskate plakken yn Meksiko en it Karibysk Gebiet). Dy populaasjes stamme ôf fan ûntsnapte of frijlitten hûsdieren.
Soarte(n) Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status 120px Muskusein Cairina moschata Midden- en Súd-Amearika, yn Noard-Amearika yntrodusearre 200pxCairina moschata op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Einfûgel