Parma is in stêd yn de Poflakte yn de Italiaanske regio Emylje-Romanje. De stêd hat 198.292 ynwenners oktober 2020.

Parma is in yndustrystêd dy 't foaral fan belang is foar de itenswareyndustry. Oan 'e stêd binne produkten as de Parmezaanske tsiis en parmaham ferbûn.

Parma foarme tegearre mei Piacenza iuwenlang in hartochdom (Hartochdom Parma en Piacenza), dêr 't nammen oan ferbûn binne as Margareta fan Parma en Alexander Farnese, de hartoch fan Parma, dy't yn de skiednis fan de Nederlannen in wichtige rol spile hawwe. De hjoeddeiske hartoch fan Parma is prins Carlos de Bourbon de Parme, soan fan prinses Irene fan de Nederlannen en prins Carel Hugo.

Bekende Parmezanen wiene de operakomponist Giuseppe Verdi, dy't yn de buert fan de stêd berne waard en nei wa't it pleatslike fleanfjild neamd is, de dirigint Arturo Toscanini en de filmregisseur Bernardo Bertolucci.

Galery

Kategory:Plak yn Emylje-Romanje Kategory:Gemeente yn Emylje-Romanje