't Zand' is in doarp yn 'e gemeente Skagen yn 'e provinsje Noard-Hollân en hat ynwenners ().

Skiednis 't Zand is ûntstien as buorskip oan it begjin fan 'e 18e iuw. De kearn ûntstie om it loazjemint 't Wapen van Alkmaar hinne. Yn 1733 stienen der likernôch tsien hûzen oan 'e haadwei, de Bosweg. De namme fan it doarp is ûntliend oan 'e doetiidske herberge mei de namme 't Zand. De buorskip waard op 't lest in doarp nei it oanlizzen fan it Noardhollânsk Kanaal om 1824 hinne. In ynwenner of eat dat der wei komt wurdt in Zandtemer neamd.

It besjen wurdich

De katolike tsjerke út 1863 waard boud neffens in ûntwerp fan Theo Molkenboer. It tsjerkeoargel waard boud troch Ypma en hat it manuaal oan 'e sydkant, dat earder typysk foar herfoarme tsjerken is. De pastorij is modern en datearret fan 1985.

Yn 't Zand is noch ien fan 'e flotbrêgen dy't oer it Noardhollânsk Kanaal oanlein binne. Oan 'e Rijkweg N9 is yn 2011 de nôtmûne 'De Hoop' wer opboud.

Krekt eastlik bûten it doarp leit in natoergebiet mei in einekoai, in besikerssintrum en in hut dêr't fûgels opstrewearre wurde kinne. Yn 'e selde polder steane ek de twa poldermûnen.

Eveneminten De bekendste eveneminten yn it doarp binne:

It muzykfestival Zandstock, dat alle jierren yn it twadde wykein fan augustus organisearre wurdt. Yn it twadde wykein fan oktober is der fjouwerdagen merke mei op moandeis in koartebaandraverij. Alle jierren organisearret de karnavalsferiening de Knollenburgers it karnaval.

Kategory:Plak yn Skagen