Beneath the Planet of the Apes is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 1970 ûnder rezjy fan Ted Post, mei yn 'e haadrollen James Franciscus en Kim Hunter. De titel betsjut "Under de Planeet fan 'e Apen". De film is in ferfolch op it súksesfolle Planet of the Apes út 1968. It ferhaal folget Brent, in astronaut dy't, krekt as Taylor yn 'e foargeande film, ek bedarret op 'e troch yntelliginte, pratende minskapen dominearre planeet. Hy hat foar in diel deselde ûnderfinings as Taylor, mar ûntdekt dan in ûndergrûnske stêd dy't bewenne wurdt troch mutearre minsken mei telepatyske fermogens. Beneath the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. In trêde film yn 'e Planet of the Apes-searje waard yn 1971 útbrocht ûnder de titel Escape from the Planet of the Apes.
Plot Nei de foarfallen út Planet of the Apes (sjoch dêre) reizgje de út syn eigen tiid rekke Amerikaanske astronaut Taylor en syn stomme selskipsfrou Nova troch de woastyn fan 'e Ferbeane Sône op 'e takomstige, troch minskapen oerhearske Ierde. Taylor is op 'e siik nei in gaadlik plak om in nij bestean op te bouwen, fier by de Apestêd wei. Op in stuit sjit der ynienen fjoer út 'e grûn omheech en in djippe kleau iepenet him yn 'e ierde. Taylor ûndersiket yn betizing in deunby klif en ferdwynt foar de eagen fan 'e kjel wurden Nova troch de rotswand hinne. Nova besiket him te folgjen, mar foar har is de rotswand solide stiente, dat se bliuwt yn wanhope allinnich efter.
Underwilens hawwe de Amerikaanske autoriteiten yn 'e tweintichste iuw in misje útstjoerd om 'e fermiste Taylor en syn bemanning te sykjen. Ek dit twadde romteskip bedarret troch it ferskynsel fan tiidsdilataasje yn 'e fiere takomst, en krekt as it romteskip fan Taylor-en-dy stoart ek dit skip del yn 'e Ferbeane Sône. Brent, de iennichste oerlibbene fan 'e bemanning fan it twadde romteskip, sjocht it keale lânskip dêre oan foar it oerflak fan in fiere planeet. Nei't er "Skipper", de kommandant fan 'e rêdingsmisje, begroeven hat, moetet Brent Nova, dy't de militêre identifikaasjeplaatsjes fan Taylor draacht. Nova kin him fansels net fertelle wat der bard is, dat yn 'e hope dat Taylor noch libbet, reizget Brent mei har nei de Apestêd, dêr't er skokt is om in beskaving fan yntelliginte, pratende minskapen oan te treffen.
De oarlochssuchtige generaal Ursus, in gorilla, stokelet de apen op om 'e Ferbeane Sône te feroverjen, sadat it gebiet brûkt wurde kin foar de jacht en de lânbou. Dr. Zaius, de orang-oetan-minister fan Wittenskip en ferdigener fan 'e Religy, hat dêr grutte beswieren tsjin, mei't der op it gebiet in religieus taboe rêst. Mar Ursus wit de stipe fan it folk te winnen foar syn plannen, dat hy negearret it iggewearjen fan Zaius. Brent wurdt ferwûne by in konfrontaasje mei in gorillasoldaat, wêrnei't Nova him nei de wente ta bringt fan 'e sjimpansees Cornelius en Zira, dy't wittenskippers binne en freonen fan Taylor. Wylst Zira de wûne fan Brent fersoarget, fertelt se him wat Taylor earder middenmank de apen oerkommen is.
Nei't syn wûne wat opbettere is, besiket Brent mei Nova de Apestêd te ûntflechtsjen, mar se wurde ûntdutsen en finzen nommen troch de gorilla's. Ursus jout opdracht it pear te brûken foar sjitoefenings, mar Zira helpt harren om te ûntkommen. Brent en Nova flechtsje nei de Ferbeane Sône, dêr't se beskûl sykje yn in grot dy't tagong jout ta ruïnes út it troch minsken dominearre ferline fan 'e Ierde. Wannear't Brent it metrostasjon Queensboro Plaza fan 'e metro fan New York werom ken, kriget er einlings foar it ferstân dat er him net op 'e iene of oare fiere bûtenierdske planeet befynt, mar op in takomstige, post-apokalyptyske Ierde.
Der is in gûnzjend lûd dat Brent en Nova folgje, djipper de tunnels yn. Geandewei begjint Brent him almar mear agitearre en nuver te hâlden en dragen, oant er op in stuit Nova oanfalt en har besiket te fermoardzjen. Hy behearsket himsels op it lêste momint. Tige kjel wurden rint er tebek by har wei en giet in oare romte binnen, en bejout him sa yn 'e ruïnes fan 'e Sint-Patrickskatedraal. Dêr treft er in kloft mutearre minsken oan dy't oars as de primitive minsken op it ierdoerflak harren yntelliginsje en fermogen ta praten beholden hawwe, en dêropta it fermogen ta telepaty ûntwikkele hawwe.
Brent en Nova wurde troch de mutanten finzen nommen en ûnderfrege. Brent wurdt dêrby twongen om 'e opmars fan it apeleger fan generaal Ursus nei de Ferbeane Sône út te bringen. It docht bliken dat de mutanten de neiteam binne fan minsken dy't de nukleêre holokaust yn New York oerlibbe hawwe. Yn harren ûndergrûnske skûle binne se al dy iuwen ûnopmurken bleaun troch de apen en hawwe se in eigen kultuer ûntjûn dy't fierhinne basearre is op 'e ferearing fan in oerâlde nukleêre bom. De mutanten beweare dat se freedsum binne, mar se brûke ferstânsbehearsking en yllúzje om harren fijannen op 'e doele te bringen.
No't de mutanten fan 'e bedoelings fan Ursus en syn oanhingers ôfwitte, besykje se de ferovering fan 'e Ferbeane Sône troch de apen tsjin te kearen. Dêrfoar kringe se de tinzen fan 'e apen binnen en besykje harren op 'e flecht te jeien mei yllúzjes fan fjoer en oare grouwels. Zaius trochsjocht harren trúks lykwols en komt foar dat de apen útnaaie. Dêrop risselwearje de mutanten mei in religieus ritueel om as lêste rêdmiddel harren "Godlike Bom" ûntploffe te litten.
Brent wurdt skaat fan Nova en yn in sel smiten dêr't er Taylor oantreft. Ien fan 'e mutanten, dy't útleit dat se de beide astronauten net tastean kinne om 'e ûndergrûnske stêd te ferlitten en it bestean derfan te ferrieden oan 'e apen, brûkt syn telepatyske fermogens om Brent en Taylor te twingen en befjochtsje inoar oant de dea. Nova ûntkomt lykwols oan har bewekker en draaft nei de sel dêr't de beide astronauten fjochtsje, wylst se har earste wurd útraast: "Taylor!" De mutant dy't it gefjocht ôftwingt, ferliest dêrtroch op in krúsjaal momint syn konsintraasje, wêrnei't de beide astronauten him deameitsje en mei Nova út harren finzenskip ûntkomme. Taylor ken de bom fan 'e mutanten werom as in kobaltbom, dy't sa swier is dat er by it ôfgean de hiele Ierde ferneatigje soe.
De apen ûntdekke de tagong ta de ûndergrûnske stêd en falle dy binnen. By harren opmars nei de ruïnes fan 'e katedraal deadzje se gâns mutanten, wylst oaren kriichsfinzen nommen wurde of selsmoard dogge. Yn 'e gaos komt Nova om. Taylor en Brent berikke de katedraal krekt op it stuit dat Mendez, de lieder fan 'e mutanten, deasketten wurdt by it pleatsen fan 'e bom yn in aktivearringsposysje. De beide astronauten besykje foar te kommen dat Ursus by fersin de bom ôfgean lit, mar Taylor wurdt delsketten en syn smeekbeaën oan Zaius binne om 'e nocht. Brent wit Ursus te deadzjen, mar wurdt dan sels deasketten. Dêrop ferflokt de deadlik ferwûne Taylor Zaius en bringt, wylst er yninoar sakket, de hân del op 'e aktivearringsknop fan 'e bom, sadat de hiele planeet mei eltsenien derop ferneatige wurdt.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Brent James Franciscus dr. Zira Kim Hunter
byrollen personaazje akteur/aktrise dr. Zaius Maurice Evans Nova Linda Harrison Mendez Paul Richards generaal Ursus James Gregory Taylor Charlton Heston de Grouwe Man Victor Buono Caspay Jeff Corey Albina Natalie Trundy minister Thomas Gomez swarte man Don Pedro Colley dr. Cornelius David Watson "Skipper" Tod Andrews stêfdrager Gregory Sierra voice-over oan 'e ein fan 'e film Paul Frees
Produksje en distribúsje Produksje Doe't yn 1968 Planet of the Apes in grut kommersjeel en ek filmkritysk súkses waard, begûn filmstudio 20th Century Fox nei te tinken oer in ferfolchfilm. Senarioskriuwer Rod Serling, dy't foar in diel ferantwurdlik west hie foar it skript fan 'e oarspronklike film, waard dêroer befrege, mar syn ideeën hie de studio gjin belangstelling foar. Ynstee waard Pierre Boulle, de Frânske skriuwer fan 'e roman La Planète des singes, dêr't de earste film op basearre wie, by it projekt belutsen. Hy skreau in kladskript foar in ferfolchfilm dy't Planet of the Men ("Planeet fan 'e Minsken") komme moast te hjitten, wêryn't protagonist George Taylor lieding joech oan in rebûlje fan 'e ta slaaf makke minsken om it bestjoer fan 'e planeet te ûntskuorren oan 'e apen. Dêrfoar moast er slach leverje mei it gorillaleger fan generaal Ursus. It senario fan Boulle miste neffens de studiobazen by 20th Century Fox lykwols de "fisuele skok en ferrassing" fan 'e earste film en waard dêrom ôfwiisd.
Associate producer Mort Abrahams stelde doe in wiidweidige list op fan eleminten dy't de produsinten yn 'e ferfolchfilm hawwe woene. Neitiid waard de Britske senarist Paul Dehn oannommen om dêr in ferfilmber skript fan te meitsjen, dat de wurktitel Planet of the Apes Revisited ("In Nij Besyk oan 'e Planeet fan 'e Apen") krige. Dehn ferwurke syn eigen trauma fan 'e atoombombardeminten fan Hiroshima en Nagasaki oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn it senario, en de eangst foar it útbrekken fan in kearnoarloch dy't ein 1960-er jierren rûnom yn 'e wrâld libbe.
Ien fan 'e eleminten dy't Abrahams en Dehn optochten, wie in bern dat heal minske en heal aap wie, mar dat helle de úteinlike film net fanwegen de doedestiden maatskiplik net te ferantwurdzjen ymplikaasje fan bestialiteiten. Neffens Dehn waard in wichtich diel fan 'e úteinlike plot fan 'e ferfolchfilm, te witten: de ûndergrûnske stêd, suggerearre troch de ein fan 'e oarspronklike film, wêryn't Taylor in heal bedobbe en ferrinnewearre Frijheidsbyld ûntdekt, wat logyskerwize betsjut dat de Ferbeane Sône oer it âlde New York hinne lizze moat. It elemint fan 'e planeetferneatigjende kobaltbom, dat oarspronklik bedoeld wie om in ein oan 'e filmsearje te breidzjen, wie in idee fan akteur Charlton Heston dat yn opdracht fan studiobaas Richard D. Zanuck oan it senario tafoege waard foar't er ûnder de opnamen fan Beneath the Planet of the Apes troch de studio ûntslein waard. Noch foar de premiêre fan 'e film waard by 20th Century Fox lykwols al neitocht oer in nije ferfolchfilm.
Franklin J. Schaffner, dy't de earste film makke hie, waard útnûge om ek de ferfolchfilm te regissearjen, mar hy koe net om't er him al fêstlein hie foar de biografyske oarlochsfilm Patton. Dêrop waard Ted Post frege, dy't lykwols fûn dat it senario "nearne op sloech". De studio woe witte wat der neffens him krekt oan skeelde, en Post antwurde mei in lang sjapiter dat gearfet wurde kin mei syn útspraak "it ferlies fan 'e planeet is it ferlies fan alle hoop". Post besocht Michael Wilson, de oare skriuwer fan it senario fan 'e earste film, it skript fan 'e ferfolchfilm nochris oereidzje te litten, mar dat koe net om't dat troch besunigings dy't de studio trochfierde bûten it budget foel. Dêrop giene Post en haadrolspiler James Franciscus, dy't de dieden fan syn personaazje better ferklearre hawwe woe en mear djipgong oan syn personaazje jaan woe, tegearre oer it senario gear, wat nei in wike wurk mear as fyftich bledsiden mei oantekenings opsmiet fan feroarings en ideeën dy't se yn it skript ferwurke sjen woene.