Bastiaan de Poorter (Meeuwen (Noard-Brabân),5 novimber 1813 - dêre, 22 jannewaris 1880) wie in Nederlânske portretschilder, etser en litograaf.

Libben en wurk De Poorter studearre fan 1839 oant 1840 oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach en by Cornelis Kruseman. Yn 1839 waard er lid fan "Arti et Amicitiae" yn Amsterdam.

Hy wurke yn De Haach (1835-1840), Heusden (1840), Den Bosch (1841), Utert (1842-1861), De Haach (1861-1869), Amsterdam (1870-1879) en Meeuwen (1879-1879-1880).

Bastiaan de Poorter wie portret- en figuerskilder, etser en litograaf. Fan 1870 oant 1879 wied er direkteur fan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.

Hy joech les oan ûnder oaren Gerardus Willem van Dokkum en Ferdinand Oldewelt.

Hy eksposearre syn wurken op tentoanstellingen yn Amsterdam fan 1835 oant 1872.

Galery

Keppeling om utens

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk etser Kategory:Nederlânsk litograaf Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1813 Kategory:Persoan stoarn yn 1880