Glynis Margaret Payne Johns (Pretoria, 5 oktober 1923 - Los Angeles, 4 jannewaris 2024) wie in Britske film- en toanielaktrise.

Jonkheid Johns waard berne yn Pretoria, Uny fan Súd-Afrika. Har heit wie Mervyn Johns, in Welske akteur dy't bekendheid krige as stjer fan Britske films yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Har mem wie Alyce Steele-Wareham, in Australyske pianiste.Glynis Johns New York Times

Yn har jeugd wie Johns tige talintearre yn dûnsjen. Tsjin de leeftyd fan tsien wurke se as ballet-ynstrukteur. As dûnsstudint sammele Johns 25 gouden medaljes.

Karriêre Se makke har skermdebút yn 1938 en waard yn 'e 1940-jierren bekend nei har rol as Miranda yn 'e film Miranda (1948).

Johns waard nominearre foar in Academy Award foar har rol as frou Firth yn The Sundowners (1960). Se waard nominearre foar in Golden Globe Award foar har rol as Teresa Harnish yn The Chapman Report (1962). Se spile frou Winifred Banks yn Walt Disney syn musical Mary Poppins (1964).Glynis Johns biography at Film Reference.com

Se wûn in Tony Award foar bêste aktrise yn in musical foar A Little Night Music (1972), wêryn't se Desiree Armfeldt spile yn 'e oarspronklike produksje.Glynis Johns The Guardian

Johns gie mei pensjoen yn 1999. Se stoar op 4 jannewaris 2024 yn Los Angeles, yn 'e âldens fan 100 jier.Glynis Johns BBC

Keppelings om utens Glynis Johns IMDb

Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk harkspulakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk persoan fan Súdafrikaansk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn yn 2024