De sebradwerchspjocht (Picumnus cirratus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae).

Beskriuwing thumb|left|Wyfke. Wyfkes en mantsjes binne hast allyk en hawwe alletwa brúngrize fearkes, in swart kopke mei wite stipkes en op it búkje in sebrapatroan, it mantsje hat lykwols read op 'e foarholle. It boppebealchje is brún, somtiden mei skiere donkere streken, de slachpinnen binne donkerbrún mei skierwite rânen oan 'e sekundêre fearren en de skermfearren. De sebradwerchspjocht hat in koart, donkerbrún sturtsje. Hy is 10 sm lang en it gewicht is 6,3 oant 12 gr.

Iten It iten bestiet út mychammels en larven. De fûgeltsjes boarje gatten yn it hout en yt somtiden ek fan it sop dat út 'e beam rint. Hja sykje harren iten yn 'e leechhingjende tûken yn klimplanten en bamboeboskjes. Oars as oare spjochten stypje se net op harren sturt by it beklimmen fan in beamstamme.

Fersprieding en biotoop De sebradwerchspjocht is in stânfûgel yn it noarden en midden fan Súd-Amerika yn boskrânen, ljochte bosken, strewellen en op savannes. De soarte hat seis ûndersoarten: thumb|left|Picumnus cirratus yn Paraguay P. c. macconnelli: noardeastlik Brazylje (Sharpe, 1901) P. c. confusus: eastlik Roraima (Noard-Brazylje), súdwestlik Guyana en Frânsk-Guyana (Kinnear, 1927). P. c. cirratus: súdeastlike Brazylje en eastlik Paraguay (Temminck, 1825). P. c. pilcomayensis: súdeastlik Bolivia, Paraguay en noardlik Argentynje (Hargitt, 1891). P. c. tucumanus: noardelik Argentynje (Hartert, 1909). P. c. thamnophiloides: súdeastlik Bolivia en noardwestlik Argentynje (Bond & Meyer de Schauensee, 1942).

Status It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is grut, mar tebroazele. De kâns op útstjerren wurdt lykwols mar lyts ynskat. Hoefolle fûgels der likernôch binne is net bekend en lokaal komt de fûgel noch algemien foar, mar de oantallen rinne tebek. De tebekgong is lykwols ûnder de 30% yn tsjien jier (minder as 3,5% it jier) en dêrom stiet de sebradwerchspjocht op de Reade list fan 'e IUCN as net-bedrige.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske dwerchspjocht Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay