De reidklyster of de grutte karrekytBirdimage, ek yn "Fûgels", Sake P. Roodbergen, ISBN 90-804220-3-7 (Acrocephalus arundinaceus) is in sjongfûgel út de famylje reidsjongerfûgels (Acrocephalidae). It is in trekfûgel yn Europa en dielen yn Aazje, dy't yn Afrika oerwinteret. It is net in bedrige fûgel, mar yn Nederlân is it tal reidklysters yn 'e 20e iuw bot werom rûn, al liket de soarte him de de lêste tiid foarsichtich te herstellen.Fûgelbeskerming: Grote karekieten in Nederland in 2022, 7 febrewaris 2023
Beskriuwing thumb|left|Sjongende reidklyster. Fan it skaai is de reidklyster mei 18 oant 20 sm de grutste fan 'e reidsjongerfûgels. Beide geslachten binne allyk. De Reidklyster liket in soad op de koartere lytse karrekyt (Acrocephalus scirpaceus). De snaffel is swierder yn ferlikening mei de oare, mar net folle langer. De boppekant fan it bealchje hat waarmbrune fearren, mei fierder gjin bysûnderheden. De kleur jout in yn 't reid in poerbêste kamûflaazje. Lykas by de oare reidsjongers hat er in tekening op 'e kop, in krêmkleurige eachbraustreek en donkere eachstreek. De poatsjes binne griis. Faak fluitet de fûgel mei de snaffel wiid iepen tusken it reid, mei de fearkes op 'e kop omheech. De fûgel hat in skrille en gnjirrende sang.
Iten It iten fan 'e reidklyster bestiet út grutte libellelarven en larven fan wettertoarren, mar ek lytse fiskjes.
Nêst thumb|left|Nêst Ein april begjin maaie komt de reidklyster nei Nederlân. It nêst fan 'e fûgel is keunstich fêstmakke oan it reid op sa'n 50 sm oant 100 sm boppe it wetter. Yn augustus of september giet de reidsjonger wer nei syn oerwinteringsgebiet yn Afrika.
Fersprieding Reidklysters komme yn it briedseizoen hast yn hiel Europa foar, mar net op 'e Britske Eilannen en Skandinaavje (útsein dan in pear plakken yn it midden fan Sweden, dêr't de fûgel it goed docht). It biotoop fan 'e fûgel bestiet út reidlân oan 'e iggen fan marren en rivieren.
De soarte hat twa ûndersoarten: A. a. arundinaceus: fan Europa oant it noarden fan Iran en noardwesten fan Araabje. A. a. zarudnyi: fan súdeastlik Jeropeesk Ruslân en noardlik Iran oant noardwestlik Mongoalje en noardwestlik Sina.
Reade list thumb|'260px|De Reidklyster is yn Nederlân in seldsume fûgel woarn. Tusken 1975 en 2015 is de Nederlânske populaasje mei 85% ôfnommen. Oant 2017 bleau de ûntwikkeling fan 'e stân negatyf. De oarsaak wurdt socht yn 'e ôfname fan relatyf djip yn it wetter steande reidfjilden. Neffens SOVON wie de ôfname fan 'e reidklyster sûnt 1990 alle jierren mear as 5%. Yn 15 jier tiid wie dêrmei de helte derôf. Dêrom waard de soarte as bedrige op 'e Nederlânske Reade list set. Sûnt 2017 giet it wer wat better mei de fûgel. Tusken 2020 en 2022 skommele it tal briedpearkes tusken de 95 en 155. Foar 2023 waard nei goede briedresultaten it tal pearkes tusken de 100 oant 130 rûsd. By de measte mislearre lechsels wie predaasje fan aaien en jongen troch bygelyks rotten de oarsaak.Nature Today, 2 jannewaris 2024
Yn Fryslân kaam de reidklyster yn 'e jierren 1970 yn it grutste diel fan Súdwest-Fryslân, de Alde Feanen en eastlik fan Ljouwert foar. De fûgel is tsjintwurdich (2024) hast folslein út Fryslân ferdwûn.Ljouwerter Krante: Grote karekiet verdwijnt uit Friesland, 19 july 2021
Maatregels om de fûgel te beskermjen binne it herstellen fan stevige reidseames oan iepen wetter. Dat wurdt bygelyks dien mei it oanbringen fan rasters fan gaas, om sa tefoarren te kommen dat de tsjintwurdich talrike skiere guozzen en oare wetterfûgels de reidseames oanfrette. It hat bliken dien dat dy maatregels fertuten dogge.Nature Today: Meer grote karekieten in Nederland, 2 januari 2024 Yn Nederlân is de reidklyster noch fral oanwêzich yn it noardlike diel fan 'e Rânemar en it plassegebiet fan 'e Utertske Fecht.Hurderwiker Krante, Herstel van zeer zeldzame grote karekiet: in 2030 naar verwachting weer 100 broedende paartjes in Noordelijke Randmeren, 3 jannewaris 2024
Ynternasjonaal is de fûgel net in bedrige soarte.
Keppeling om utens De fersprieding fan 'e reidklyster yn Nederlân op Waarneming.nl De fersprieding fan 'e reidklyster yn 'e wrâld op Waarneming.nl
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reidsjonger Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara