De karrekyt (Acrocephalus scirpaceus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e reidsjongerfûgels (Acrocephalidae). De karrekyt hat in soad fan it wylgesyske.

Beskriuwing De karrekyt is mar 13 sm lang en hat foar it measte in brún fearrekleed fan ljochte tinten oan 'e ûnderkant en wat donkerder tinten oan 'e boppekant. De wjukken hawwe in ljochte, readbrune tint. Der is yn 'e soarte gjin seksuele dimorfy.

Iten It ferskaat oan iten is grut en bestiet út ynsekten, larven en oare wringeleaze dierkes. In lytser diel bestiet út siedsjes en plantedielen.

Nêst thumb|left|Karrekyt dy in koekoekjong fuorret. It nêst fan 'e karrekyt is in keunstich flochten kuorke fan planten tusken it reid. Om't oan 'e planten modder sit dy't stadich opdrûget, wurket dat as in soarte fan semint, sadat it nêst goed oant it reid ferankere is. De râne wurdt yn 'e regel mei spinreach beklaaid en ek brûkt de karrekyt reidplommen foar de ôfwurking fan it nêst.

Yn tsien oant tolve dagen briedt de karrekyt trije oant fiif aaikes út. De jongen wurde troch beide âlden fuorre en nei 10 oant 14 dagen rêde se harren sels. De karrekyt is faak slachtoffer fan 'e koekoek, dy't syn aai yn it nêst fan 'e karrekyt leit, sadat de karrekyt syn eigen jongen ferliest. De karrekyt bringt de jonge koekoek grut lykas as it syn eigen is.

Fersprieding en leefgebiet Yn 'e simmer komt de karrekyt útsein yn Ierlân en it noarden fan Skandinaavje fierder hast yn hiel Europa foar. De fûgel libbet yn reidsompen. Wat mear reid, wat mear karrekiten en by in grut areaal sitte se ek yn koloanjes.Nature Today, oproppen 4 jannewaris 2024 Grutte konsintraasjes fan 'e fûgel binne yn Fryslân yn 'e Lauwersmar, de Alde Feanen en de Makkumerwaarden. Yn 'e winter sitte de measte Nederlânske karrekiten yn 'e mangrovebosken fan 'e West-Afrikaanske kunst, fan Senegal oant Guinee-Bissau. Fan in relaasje mei de delslach yn 'e Sahel lykas by de reidsjonger is gjin sprake.SOVON, oproppen 4 jannewaris 2024

Der binne tsien ûndersoarten fan 'e fûgel:

A. s. scirpaceus: fan Europa oant yn 't west fan Ruslân, Oekraïne en it west fan Turkije, noardwestlik Afrika. A. s. fuscus: fan Egypte oer it Midden-Easten oant súdeastlik Europeesk Ruslân, eastlik Kazachstan en Iran. A. s. avicenniae: de kust fan 'e Reade See. A. s. ammon: oases yn 'e grinskrite fan Lybje en Egypte. A. s. ambiguus: it Ibearysk skiereilân en noardwestlik Afrika. A. s. minor: yn 'e Sahelgurdle fan Senegal oant it wêst fan Sûdan. A. s. suahelicus: fan eastlik Tanzania oant eastlik Mozambyk en eastlik Súd-Afrika. A. s. hallae: fan súdwestlik Angoala oant súdwestlik Sambia en súdlik nei westlik Súd-Afrika. A. s. baeticatus: fan noardlik Botswana en Simbabwe oant it suden fan Súd-Afrika. A. s. cinnamomeus: it west fan Etioopje en Súd-Somaalje súdlik troch Súd-Sûdan, Oeganda, Kenia, Sambia en Mozambyk. Fierder hjir en dêr yn it west fan Afrika fan Kameroen nei (mooglik) Niger en Maly.

Status thumb|260px|Nest mei jonge karrekiten De karrekyt komt algemien as briedfûgel foar yn it reid oan wetter. In reidfjild hoecht net grut te wêzen en de fûgel is al gau tefreden mei in pear kant meter oan reid. Dêrfandinne komt de fûgel op in soad plakken foar en ek yn fivers en wetterpartijen mei wat reid yn stêden. Sûnt 1960 binne de oantallen tanommen, mar nei 1990 is der gjin grutte feroaring mear.

Neffens SOVON wiene der yn Nederlân yn 2018-2020 neffens rûzing 160.000-280.000 briedpearkes fan 'e fûgel, yn Fryslân wurdt it tal op 19.040-33.320 rûsd, dat is sa'n 12% fan it Nederlânske totaal.SOVON, oproppen 4 jannewaris 2024

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reidsjonger Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara