Stasjon Bunde is in earder spoarweistasjon yn it East-Fryske doarp Bunde yn de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Skiednis It stasjon lei oan de spoarline Grins - Lier, lizzend yn Bunde, en waard iepene yn 1876 en yn de jierren 1990 sletten. It gebou waard yn 2011 ferboud en der waarden fjouwer apparteminten yn fêstige.

It stasjon wie fan grutte betsjutting foar de transport fan lânbouprodukten út de omjouwing. De spoarline is tusken 2000 en 2002 renovearre, mar it stasjon fan Bunde waard doe net op 'e nij iepene. Yn 2015 hat de dielsteat Nedersaksen meardere eardere stasjons oanwiisd dy't yn oanmerking komme om fannijs iepene te wurden, ek stasjon Bunde. RTV Noord, 19 maaie 2015 Duitsland heropent twee stations op traject Bad Nieuweschans-Leer Begjin 2023 waard bekend makke dat it stasjon fan Bunde yn 2024 weriepene wurde sil. Ostfriesen Zeitung, 19 jannewaris 2023, Ab 2024 sollen wieder Züge in Bunde halten

Kategory:Bouwurk yn East-Fryslân‎ Bunde Kategory:Bouwurk út 1876