Mary Poppins Returns is in Amerikaanske histoaryske fantasykomeedzjefilm, filmmusical en famyljefilm út 2018 ûnder rezjy fan Rob Marshall. De haadrollen waarden spile troch Emily Blunt, Lin-Manuel Miranda, Ben Whishaw en Emily Mortimer. De titel betsjut "Mary Poppins Keart Werom". De film hjit in ferfolch te wêzen op 'e filmklassiker Mary Poppins, út 1964, mar it ferhaal fan Mary Poppins Returns liket sa op dat fan 'e oarspronklike film, dat it likegoed in remake neamd wurde kin. De plot folget widner Michael Banks, dy't yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, nei it ferstjerren fan syn frou, syn trije bern op eigen manneboet grutbringe moat. As de húshâlding op 'e strjitte set driget te wurden, ferskynt, om regaad te meitsjen, lykwols jitris de kordate gûvernante Mary Poppins, dy't tsjoene kin. Mary Poppins Returns krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars, fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje) in Grammy en trije BAFTA's. Hy wûn in Saturn Award, in Satellite Award en twa Annie Awards.

Plot Yn Londen yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren wennet Michael Banks yn 'e filla dêr't er opgroeid is en dy't er fan syn âldelju urven hat. Hy is eins keunstner, mar hat, om syn húshâlding te ûnderhâlden, in baan oannommen as bankbetsjinde by de Fidelity Fiduciary Bank, dêr't syn heit ek wurke. Michael hat trije bern: de foarlike John en Annabel en de jonge Georgie. Syn frou Kate is him in jier earder ûntfallen en Michael hat him noch net alhiel dellein by syn nije status as widner. It gemis is net inkeld emosjoneel, mar ek praktysk: Kate wie it brein fan harren houlik, wylst Michael sels frijwat ferstruid is. Dat betsjut û.o. dat de boekhâlding no net mear goed byholden wurdt. Mei't Michael in liening ôfsletten hat by syn wurkjouwer, wurdt dat in probleem as er in fearnsjier efterop rekket mei de ôfbetellings.

Wilkins, de korrupte nije direkteur fan 'e bank, stjoert syn ûnderhearrigen Hamilton Gooding en Templeton Frye om Michael oan te sizzen dat syn hûs, dat er as ûnderpân foar de liening brûkt hat, yn beslach nommen wurde sil as er de liening freed om midsnacht net folslein werombetelle hat. It komt Michael syn suster Jane yn 't sin dat harren heit oandielen yn 'e Fidelity Fiduciary Bank hie, dy't er harren neilitten hat. Dy soene mear wurdich wêze moatte as de liening, mar Michael en Jane kinne mar net betinke wêr't it oandielesertifikaat ek al wer bedarre is. Se helje it hiele hûs op 'e kop. Mei in min sin oer de krisis dy't er oer himsels útroppen hat, kriget Michael argewaasje fan alle âlde troep dy't er by de syktocht tsjinkomt. Hy set in hiele doaze mei rotsoai fan 'e souder by it ôffal, mei dêrby ek it heal stikkene draakje dêr't hy en Jane as bern mei boarte hawwe.

As der in fûle wyn opstekt, wurdt it draakje fuortblaasd en bedarret yn it park, dêr't John, Annabel en Georgie rinne, mei't se ûnderweis binne om te boadskipjen, eat dat harren heit juster fergetten is. Wannear't Georgie it draakje fleanen sjocht, giet er derefteroan. Nei in efterfolging troch de boskjes hinne wit er it tou te pakken, mar de wyn is sa sterk dat er optild driget te wurden om mei fuort te waaien. De freonlike lantearne-opstekker Jack, dy't de bern kenne om't er jûns ek altyd de strjitlantearnen yn harren strjitte oanstekt en moarns wer útdocht, is krekt op 'e tiid om dat foar te kommen. As se tegearre oan it tou lûke, iepenet him in gat yn it tsjûke wolkedek en sakket der in frou út 'e loft del by it tou fan it draakje lâns. It blykt de gûvernante Mary Poppins te wêzen, dy't de bern thúsbringt. Michael en Jane kenne har noch werom fan 'e blaumoandei yn harren jonkheid doe't Mary harren gûvernante wie en by harren thús regaad makke (sjoch: Mary Poppins). Hoewol't er it eins net betelje kin, nimt Michael har oan as gûvernante foar syn bern.

Georgie is de iennichste fan 'e trije bern dy't Mary út 'e loft wei delsakjen sjoen hat, mei't John en Annabel him pas koart dêrnei byhellen. De beide âldere bern binne sadwaande begryplikerwize skeptysk oer de fantastysk lykjende ferhalen fan Georgie. De bern binne by harren efterfolging fan it draakje (Georgie) dan wol harren jongere bruorke (John en Annabel) troch it strewelleguod fan it park bot smoarch wurden. Mary har earste die as gûvernante is sadwaande om harren yn bad te dwaan. Dêrby belibje se fjouweresom in ûnderwetteraventoer dat eltse twifel by John en Annabel weinimt oer de wierheid fan wat Georgie seit.

Michael en Jane geane nei de bank, op 'e siik nei bewiis foar it bestean fan harren heite oandielen. Direkteur Wilkins ûntfangt harren op hoaske wize en moaipraat op 'e saak om, mar hy ûntstriidt dat de oandielen fan harren heit yn it oandieleregister fermeld steane. Nei't se ôfset binne, ferbaarnt er de side dêr't dy fermelding wol deeglik op stiet. Underwilens beslute John en Annabel dat se de porsleinene skaal op harren bernekeamer, dy't troch harren mem omskreaun waard as "ûnbetelber", ferkeapje moatte om 'e skuld oan 'e bank ôf te beteljen. Georgie wol dêr neat fan witte. Wylst Mary Poppins op it balkon in praatsje makket mei Jack, dy't krekt de lantearne foar it hûs oanstekt, krije de bern rûzje om 'e skaal, wêrby't it ding in barst oprint. De koets út it plaatsje op 'e skaal rekket dêrtroch in tsjil kwyt.

Mary nimt Jack en de bern mei nei de porleinene wrâld fan 'e skaal om 'e koetsier, dat in hûn is, te helpen it tsjil der wer oan te setten. As dat slagge is, lit se har troch Jack beprate om in eintsje yn 'e koets út te riden te gean. Se bedarje yn in muzyktinte, dêr't Jack en Mary op it poadium sjonge en dûnsje foar in grut publyk fan pratende bisten. Georgie wurdt lykwols ûntfierd troch in snoade wolf en syn hantlangers, in das en in wezeling, dy't it besyk fan Mary en de bern oan 'e skaal op 'e iene of oare manear brûke om sels nei de echte wrâld oer te stappen en de bernekeamer te plonderjen. John en Annabel sette de efterfolging yn en witte Georgie en harren besittings te rêden, mar dêrby fleane se trijeresom fan 'e râne fan 'e skaal ôf it tsjuster yn. De bern wurde wekker yn harren bêden yn 'e bernekeamer, mar binne rare kjel wurden. Op sokke mominten misse se harren mem noch mear as oars, dat Mary sjongt foar harren in slieplietsje wêryn't se útleit dat dingen dy't weirekke binne (lykas ek harren mem) inkeld wei binne oant se wer fûn wurde.

De oare moarns moetet Jack by it útdwaan fan 'e lantearnepeal foar it hûs fan 'e famylje Banks Jane wer, dy't er al jierren net mear sjoen hat en op wa't er altyd wat fereale west hat. Jane liket ek bliid om him te sjen. Mary nimt de bern en de skaal mei de barst deryn mei nei har fiere efternicht Topsy (eins: Tatiana Antanasia Cositori Topotrepolovsky) út East-Jeropa, dy't earne yn Londen in lytse reparaasjewurkplak hat. Underweis moetsje se Jack wer, dy't him by harren oanslút. It docht bliken dat it de twadde woansdei fan 'e moanne is, wannear't de hiele boel foar Topsy op 'e kop stiet (letterlik). Se sjonge en dûnsje op it plafon fan har wurkplak, en letter ûnthjit Topsy dat se de skaal wer as nij meitsje sil. Mar se heakket deroan ta dat it ding yn termen fan jild neat wurdich is: mei "ûnbetelber" bedoelde de mem fan 'e bern nei alle gedachten dat se der in sin by hie.

Neitiid bringe Mary en de bern de fergetten tas fan Michael nei syn wurk op 'e bank. De bern fetsje it plan op om te besykjen en bepraat de bankiers om ôf te sjen fan 'e ynbeslachname fan it hûs en glûpe fuort. Mary, dy't krekt wit wat se fan doel binne, lit it gewurde. By it kantoar fan Wilkins hearre de bern him krekt de ynbeslachname mei Gooding en Frye bepraten, wêrby't de bankdirekteur syn wiere aard toant. Wannear't Georgie troch it kier fan 'e doar sjocht dat Wilkins syn bûshorloazje oan it keatling hinne en wer swaaie lit, krekt sa't de wolf yn 'e porsleinene wrâld die, rekket er derfan oertsjûge dat Wilkins en de wolf ien-en-deselde binne en falt er it kantoar binnen. John en Annabel skuorre him lykwols mei en de bern flechtsje werom nei de lobby fan 'e bank, mei Wilkins op 'e hakken. Dyselde beklaget him by Michael oer it hâlden en dragen fan syn bern, en Michael wurdt lulk om't se syn baan yn gefaar brocht hawwe en wol gjin kwea wurd oer Wilkins hearre. Op 'e weromweis nei hûs reitsje de bern paadbjuster (hoewol't Mary, dy't by harren bliuwt, dat net is). Se komme Jack wer tsjin, dy't harren yn 'e mande mei syn maten, de oare lantearne-opstekkers, de rimende geheimtaal fan harren beropsgroep leart. As se úteinlings nei tsjuster thúskomme, sit Michael dêr al lang ûngerêst te wachtsjen. Hy lit einlings syn wanhoop blike oer it behâlden fan it hûs, en de bern besykje him te treastgjen.

Op freedtejûn, as it hast midsnacht is, ûntrommet de famylje Banks de wente mei help fan Jack en de oare lantearne-opstekkers. Georgie wol it âlde draakje behâlde, dat er reparearre hat troch de gatten ticht te plakken mei âld papier dat Michael sels fuortsmiten hat. As Michael it draakje ris better besjocht, docht bliken dat it papier dat Georgie foar de reparaasje brûkt hat, in âlde tekening fan Michael is. Dy blykt er makke te hawwen op 'e efterkant fan it oandielesertifikaat. No hawwe se einlings en te'n lêsten fûn wêr't se de hiele wike hast om socht hawwe, mar no is it te let om noch foar midsnacht de bank te berikken. Mary Poppins stjoert Michael en Jane dêr likegoed hinne en seit dat se de tiid wol foar harren efterút sette sil. Dêrta giet se mei de bern en Jack en al syn maten nei de Big Ben ta, dêr't de lantearneljochters by de toer op klimme sadat Mary krekt foar midsnacht de grutte wizer in heal kertier efterút sette kin.

Dat jout Michael en Jane krekt genôch tiid om 'e bank te berikken. Wilkins, lykwols, jout Gooding en Frye opdracht om 'e doarren fan it bankgebou te barrikadearjen, sadat se der net yn komme kinne. Lang om let wurdt de gewisseneed dêr't Frye al langere tiid ûnder lijt, him tefolle en smyt er de doarren iepen. Sa berikke Michael en Jane noch krekt op 'e tiid it kantoar fan Wilkins. Dyselde stiet der lykwols op dat it hiele oandielesertifikaat byinoar puzele wurde moat út 'e stikjes dêr't Georgie it foar de reparaasje yn ferknipt hat. As der ien lyts stikje blykt te ûntbrekken, wegeret er de oandielen oan te nimmen en giet de ynbeslachname troch. Michael kriget dan spyt dat er syn bern earder oangeande Wilkins net leauwe woe en seit de bankdirekteur it mannewaar op.

Op dat stuit komt (as in deus ex machina) Wilkins syn omke en foargonger, dhr. Dawes jr., it kantoar binnen. Him is ynflústere (troch de pratende paraplu fan Mary Poppins, sa is de suggestje) dat Wilkins mei syn ynklauwerigens de reputaasje fan syn bank oan it ferrinnewearjen is. En ek dat Wilkins praatsjes ferspriedt dat Dawes jr. demint wêze soe. Dêr is de âldman net bêst oer te sprekken, dat hy jout syn omkesizzer dien en skopt him it kantoar út. Dêrnei fertelt er Michael dat dy mear as genôch finansjele middels hat om 'e hiele liening werom te beteljen. Njonken de oandielen yn 'e bank is der bygelyks noch de bankrekken dy't syn heit lang lyn foar Michael iepene hat om syn tuppence op te stoarten. Troch in tal briljante ynvestearrings is dat iene muntstik ûnderwilens útgroeit ta in lyts fortún.