De gielblûne spjocht (Celeus flavus) is in fûgel yn 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae) yn it skift spjochteftigen. De fûgel is yn syn ferspriedingsgebiet yn it Amazônegebiet in stânfûgel.

Beskriuwing thumb|left|Mantsje De gielblûne spjocht is in soarte mei in opfallend skiergiel oant krêmekleurich fearrekleed, in giele snaffel, in koarte kop, brune wjukken en in swarte sturt. It mantsje hat in reade snorstreek. De iris is read oant readbrún.

It lûd fan 'e spjocht bestiet út rige lûde, sakjende rige fluittoanen. Iten It iten fan 'e spjocht bestiet fral út mychammels en termiten, mar ek út fruit en sied. Hy siket it iten meastentiids mei ien of mear soartegenoaten fral yn 'e ûnderste oan middelste lagen fan it bosk, mar somtiden ek op 'e grûn of yn 'e krún fan 'e beammen.

Fersprieding en systematyk De gielblûne spjocht is yn fjouwer ûndersoarten ferdield:

Celeus flavus flavus – fan eastlik Kolombia oant Fenezuela, de trije Guyana's, westlik Brazylje en it noarden fan Bolivia. Celeus flavus peruvianus – tropyske easten fan Perû. Celeus flavus subflavus – easten fan Brazylje (Alagoas, Bahia en Espírito Santo). Celeus flavus tectricialis – noardeasten fan Brazylje (Maranhão).

Biotoop Gielblûne spjochten libje yn lege gebieten, gebieten dy't periodyk oerstreamd wurde en sompich wiet bosklânskip, mar wurde somtiden mar minder ek yn oare bosktypes lykas galerijbosk, mangrovebosk en mear iepen bosk of plantaazjes sjoen .

Status / bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat it oantal ôfnimt, lykwols net sa dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. Alhoewol't de grutte fan 'e popelaasje net bekend is, hat de IUCN de fûgel as net bedrige op 'e Reade list yndield.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Súdamerikaanske toefspjocht Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname