Tim Prins (De Jouwer, 3 augustus 2003) is in Fryske hurdrider fan De Jouwer. Tim Prins schaatst op 1.000 meter naar WK-brons, grootfryslân.nl, 22 jannewaris 2022 Prins is hikke en tein op De Jouwer en folge it fuortset ûnderwiis oan de OSG Sevenwolden op It Hearrenfean.

Yn 2022 die hy op iisbaan Kardinge yn Grins mei oan it Nederlânsk Kampioenskip allround foar junioaren (kategory A). Hy waard efter Joep Wennemars twadde op de 500 en 1500 meter, fyfde op de 3000 meter en seisde op de 5000 meter. Jouster is zilveren junior NK allround schaatser, JouwJoure, 9 jannewaris 2022

Yn it seizoen 2022-2023 ried er al in tal Worldcups en yn jannewaris fan dat jier wûn hy in brûnzen medalje by it WK Allround foar junioren yn Innsbruck. Op de 500 meter waard hy fyfde. Prins bekroont sterk seizoen met de wereldtitel en mengt zich in strijd om allroundtitelschaatsen.nl, 28 jannewaris 2022 Op de 1.000 meter wûn hy sulver en mei Junior TeamNL pakte er goud op de ploegenefterfolging www.schaatsen.nl

Yn 2023 makke er de oerstap fan it KNSB Talint Team Noard fan Gewest Fryslân nei Reggeborgh, it team fan Gerard van Velde. De persoanlike begelieding en de oanpak fan de treners joegen betrouwen. Prins rjochtet him op de sprint en de middellange ôfstannen. Yn 2023 wûn hy de 1.000 meter by it World Cup-kwalifikaasjetoernoai op Thialf yn It Hearrenfean en pleatste him dêrmei foar de wrâldbekerwedstriden. Mei in tiid fan 1.07,96 skerpe er syn persoanlike rekôr oan mei 1,18 sekonden. Prins stunt met zege en wereldbekerticket 1.000 meter, Roest wint ook 10.000 meter, NOS.nl, 29 oktober 2023

Ein desimber waard er op it NK Ofstannen mei 34,98 sekonden as snelste tiid njoggende op de 500 meter. Syn persoanlike rekôr fan 1.07,52 op de 1000 meter betsjutte in sulveren medalje efter winner Jenning de Boo. Prins kwalifisearre him dêrmei foar de WK Ofstannen.

Resultaten Jier NKOfstannen NKSprint EKSprint EKOfstannen WKOfstannen Wrâldbeker WK Junioaren 2022 DQ 500m12e 1000m allround5e 500m 1000m 1500m8e 5000m2e efterfolgingDQ teamsprint 2023 12e 1000m18e 1500m allround 500m 1000m7e 1500m25e 5000m8e massastart efterfolging teamsprint2024 9e 500m 1000m4e 1500m 4e(, , 6e, ) 1000m 5e 1000m teamsprint 43e 500m4e 1000m41e 1500m 2025 4e 1000m 1500m (12e, , , ) (9e, , , ) 5e 1500m teamsprint 10e 1000m8e 1500m 2026 1000m 1500m

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500m 34,64 8 novimber 2024 It Hearrenfean 1000m 1.06,41 28 jannewaris 2024 Salt Lake City 1500m 1.42,36 15 novimber 2025 Salt Lake City 5000m 6.47,82 11 febrewaris 2023 Inzell

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 2003