V for Vendetta is in Britsk-Amerikaansk-Dútske dystopyske politike skriller út 2005 ûnder rezjy fan James McTeigue. It is in science fiction-film ynsafier't it giet oer in takomstige totalitêre maatskippij yn Ingelân. De haadrollen waarden fertolke troch Natalie Portman en Hugo Weaving (waans gesicht de hiele film troch bedutsen bliuwt). De titel betsjut "V foar Vendetta" (vendetta is in Italjaansk wurdt foar "fete" of "wraak"). It ferhaal spilet yn in Ingelân dat in faksistyske diktatuer wurden is. Ien inkele maskere frijheidsstrider, dy't himsels "V" neamd, besiket in revolúsje te feroarsaakjen mei in rige yngewikkelde terroristyske aksjes. Evey Hammond, in jonge frou út 'e arbeidersklasse, rekket tsjin wil en tank by syn misje belutsen. V for Vendetta krige fan 'e filmkritisy foar it meastepart positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. Portman wûn in Saturn Award foar har rol as Evey Hammond. It troch V brûkte Guy Fawkes-masker ûntjoech him troch de film ta in ikoanysk symboal foar striid tsjin tiranny en ûnrjocht.

Plot Yn in neie, dystopyske takomst is Ingelân in faksistyske diktatuer wurden, regearre troch hege kânselier Adam Sutler. De befolking wurdt ûnder de tomme holden mei propaganda en ûnderdrukking troch de geheime plysje, dy't ûnder lieding stiet fan Sutler syn rjochterhân Peter Creedy, byneamd "de Finger". Eltsenien dy't troch de aartskonservative en djip religieuze Sutler as ûnwinske beskôge wurdt, lykas dissidinten, homoseksuelen, moslims en swarten, wurde "swartpûde": arrestearre en mei in swarte pûde oer de holle ôffierd. Sokken ferdwine yn in reuseftich systeem fan tichthuzen en wurde úteinlik yn 'e regel sûnder foarm fan proses eksekutearre.

Evey Hammond is in jonge frou dy't by de steatstillefyzje wurket. Har jongere bruorke is mei in jier as fjouwer omkommen doe't terroristen in oanfal mei in biologysk wapen útfierden op 'e St Mary's Skoalle. Neitiid ûntjoegen har âldelju harren ta politike dissidinten dy't swartpûde waarden doe't Evey tolve jier wie, wêrnei't se letter oan harren ein kamen yn 'e finzenis. Op 'e jûn fan 4 novimber bejout Evey har nei tsjuster noch op 'e strjitte om nei har baas, presintator Gordon Deitrich, te gean, dy't har by him thús útnûge hat foar in ôfspraakje. De tiid is har wat ûntkomd, dat de jûnsklok is al yngien, mar Evey weaget it derop. Se wurdt lykwols oanholden troch trije undercover-leden fan 'e geheime plysje, saneamde "fingermannen", dy't risselwearje om har te ferkrêftsjen.

Ear't dat barre kin, wurdt Evey rêden troch in figilante mei in gesichtsbedekkend Guy Fawkes-masker foar, dy't handich mei de fingermannen ôfweefd en dêrby ien fan harren deadocht. De figilante, dy't himsels foarsteld as "V", nûget har neitiid út om him te beselskipjen. Om't se har frijwat ferplichte fielt, giet Evey dêrop yn. V nimt har mei nei it plat dak fan in appartemintekompleks, dêr't se frij útsicht wei hawwe op it rjochtbankgebou fan 'e Old Bailey. Koart foar midsnacht nimt V troch sekuere tarieding it lûdsprekkersysteem oer dat it regear fan Sutler oeral yn Londen oanbringe litten hat. De muzyk dy't er ôfspilet, lokket gâns folk nei bûten ta. Persiis om midsnacht blaast er de Old Bailey op mei in earder oanbrochte tiidbom en in grutte hoemannichte springstof, nei eigen sizzen ta eare fan Frouwe Justitia, dy't troch hege kânselier Sutler op fakânsje stjoerd is. Evey en withoefolle oaren binne tsjûge fan 'e reuseftige ûntploffing.

De oare deis, op 5 novimber, beare de oerheidsmedia dat de Old Bailey ynstabyl wurden wie en dêrom neffens plan en yn opdracht fan 'e oerheid sloopt wurden is. Yn it geheim is Sutler poerrazen, en hy jout Creedy en syn oare ûnderhearrigen, ûnder wa haadynspekteur Eric Finch fan 'e gewoane plysje, opdracht om 'e maskere man en it fanke dat by him wie, sa fluch mooglik op te spoaren en te swartpûdzjen. Har der folslein ûnbewust fan dat se socht wurdt, giet Evey dy deis gewoan nei har wurk. Dêr treft se lykwols op 'e nij V, dy't dy jûns, op Guy Fawkes Night (ferneamd nei de man dy't yn 1605 it Ingelske Parlemint opblaze woe), de steatstillefyzje kaapt om hiel Ingelân ta te sprekken. Hy easket de ferantwurdlikheid op foar de oanslach op 'e Old Bailey en fiteret de befolking oan om ferset te bieden tsjin Sutler-en-dy. Hy freget de minsken om stipe by it omsmiten fan 'e diktatuer oer persiis ien jier, as it wer Guy Fawkes Night is, en ûnthjit dat hysels dan it Paleis fan Westminster opblaze sil, dêr't it Britske Parlemint syn sit hat.

Bûten de studio, dêr't er himsels yn opsletten hie, wurdt V opwachte troch in grutte plysjemacht, mar op yngenieuze wize wit er te ûntkommen. As er op in hier nei it gebou ferlitten hat, wurdt er lykwols noch ûntdutsen en driget er arrestearre te wurden. Underwilens hat Evey foar it ferstân krigen dat Finch en syn brigadier Stone efter hàr oan sitte, en ek sy besiket út it studiogebou te ûntsnappen. Wannear't se sjocht dat V oppakt driget te wurden, rêdt se him troch de plysjeman dy't him ûnder skot hâldt yn 'e eagen te spuitsjen mei pepperspray. As de man yn it wylde wei om him hinne begjint te huffen, slacht er har lykwols by tafal bewusteleas. V stiet eefkes yn bestân wat er no sil, mar hy beslút dat er Evey net lizze litte kin no't se him holpen hat. Dat soe ommers har arrestaasje en mooglik har dea betsjutte, dat hy nimt har mei.

Sa bedarret Evey by V thús, dy't foar himsels in lúksueus ynrjochte wente makke hat yn 'e ôftanke metrotunnels fan Londen. Hy fertelt har dat er har no spitigernôch net mear gean litte kin, om't er net it risiko rinne kin dat se him ferriedt. Dat, se sil in jier lang by him thús te gast bliuwe moatte. Evey is der earst begryplikerwize net bliid mei dat se no de finzene fan V is, mar meitiid liket se har derby del te lizzen. Underwilens brûkt V de tagongspas fan Evey as wurknimster fan 'e steatstillefyzje om yn 'e buert te kommen by Lewis Prothero. Dat is de bekendste en ynfloedrykste propagandist fan 'e steatstillefyzje, dy't wol "de Stim fan Londen" neamd wurdt. It docht bliken dat V en Prothero inoar kenne út 'e tiid dat Prothero noch finzenisdirekteur wie. V tsjinnet Prothero mei in ynjeksjespuit fergif ta, dat er it bestjert, en lit in reade roas op syn lyk efter.

Evey beart dat se V helpe wol by syn misje en seit har assistinsje ta om syn folgjende slachtoffer, biskop Lilliman fan Londen, yn 'e fâle rinne te litten. It docht bliken dat de prelaat fan jonge famkes hâldt, en Evey ynfiltrearret syn katedraal ferklaait yn in seksy skoalfamkesunifoarmke. Se set in finster iepen om V binnen te litten, mar besiket dan om V te ferrieden troch Lilliman oer syn plannen te fertellen. Sa hopet se by it regear wer yn in goed boekje te kommen. De biskop leaut har lykwols net, en as V op it toaniel ferskynt, naait Evey út wylst V biskop Lilliman fergiftiget en in reade roas op syn lyk efterlit. Evey wit de wente fan har baas Gordon Deitrich te berikken, dy't se om help freget. Hy lit har by him ûnderdûke en bychtet op dat er eins in homoseksueel is mei alderhanne ferbeane foarwerpen yn syn besit, wêrûnder subversive keunstwurken, homo-eroatyske foto's en sels in eksimplaar fan 'e koraan.

Haadynspekteur Finch ferdjippet him yn wat Prothero en Lilliman gemien hawwe en ûntdekt dat se yn it ferline allebeide belutsen wiene by in topgeheime finzenis, dy't Larkhill hiet: Prothero as direkteur en Lilliman as finzenispredikant. As hy en Stone fierder grave, docht bliken dat alle argyfstikken oangeande Larkhill ferneatige binne. Finch freget lykwols de gegevens fan it ynstitút by de belestingtsjinst op en ûntdekt sa dat eltsenien dy't dêr wurke, yn 'e lêste jierren fermoarde is (nei't men oannimme mei troch V), útsein inkeld in dokter Diana Stanton. Stone komt derefter dat Stanton ûnderdûkt is en har namme feroare hat: no is se Delia Surridge, nimmen oars as de patolooch-anatoom fan 'e plysje dy't de liken fan Prothero en Lilliman behannele hat. Finch en Stone hastigje harren nei it hûs fan Surridge, mar se komme te let. V is harren foar en makket Surridge nachts wekker yn har sliepkeamer. De dokter seit dat se bliid is dat it lange wachtsjen foarby is en freget oft it sinleas is om te sizzen hoe'n spyt se fan alles hat. V antwurdet dat soks nea sinleas. Surridge ûntskuldiget har foar him oer, wêrnei't se beswykt oan it gif dêr't er har al mei ynjektearre hie foar't se wekker waard. Finch en Stone treffe har dea oan, mei in reade roas oer it boarst en har deiboek út 'e tiid dat se finzenisdokter yn Larkhill wie, op it nachtkastke.

Finch lêst it deiboek en ûntdekt dat Larkhill mear in ûndersyksynstitút as in finzenis wie, dêr't politike finzenen troch Surridge/Stanton brûkt waarden om eksperiminten op te dwaan yn opdracht fan Sutler en ûnder tafersjoch fan Prothero en Lilliman. It doel wie om in deadlik en tige besmetlik firus en it faksin foar dat firus te ûntwikkeljen, sadat it as biologysk wapen brûkt wurde koe. Dat slagge Surridge, hoewol't withoefolle testpersoanen dêrfoar in freeslike dea stoaren. Lang om let hold se fiif testpersoanen oer, mar deselden yn sel I, II, III en IV kamen dochs noch om. Inkeld de man mei ûnthâldsferlies yn sel V oerlibbe, al wied er tsjin dy tiid in swier mutearre meunster wurden. Op in nacht briek der brân út yn Larkhill en de hiele finzenis baarnde út. Mar Surridge seach hoe't de man út sel V it oerlibbe hie en, lottere troch de flammen, ûntkaam. Sûnt dy deis hat se wachte oant er komme soe om har te fermoardzjen.

Finch en Stone spoare in eardere undercoveragint fan 'e oerheid op, in William Rookwood. Se moetsje him by nacht op in stil plak, dêr't er harren ferteld dat er hast tweintich jier earder belutsen wie by in trijetal oanslaggen wêrby't it firus fan Larkhill op 'e Ingelske befolking loslitten waard: op 'e St Mary's-skoalle, in wettersuveringsynstallaasje en de London Underground, it metrostelsel fan Londen. De skuld dêrfoar waard op 'e lea skood fan terroristen, dy't oppakt waarden en de deastraf krigen. De gaos en it gefoel fan ûnfeiligens dat it gefolch wie fan 'e oanslaggen waard troch Sutler en Creedy brûkt om mei harren lytse splinterpartij ûnferwachts de ferkiezings te winnen, wêrnei't se yn in posysje wiene om 'e macht nei harrensels ta te lûken en de demokrasy ôf te skaffen. Tagelyk makke it farmaseutyske bedriuw dat it faksin tsjin it "St Mary's-firus" produsearre, miljoenewinsten foar syn oandielhâlders, ûndere wa Prospero en Lilliman. Finch wol dat Rookwood dêroer in offisjele ferklearring ôfleit, mar Rookwood wegeret dat te dwaan oant Finch syn ûnderhearrigen ynset om Creedy dei en nacht yn 'e rekken te hâlden, sadat er Rookwood net swartpûdzje kin.

It docht lykwols bliken dat de man dy't Finch en Stone moete hawwe, eins V yn in momkape wie, wylst de wiere Rookwood fuort nei de oanslaggen troch Creedy út 'e wei romme is. V kringt de wente fan Creedy binnen en hat in flústere petear mei him. Dêrby fiteret er twaspjalt tusken Creedy en Sutler oan troch derop te wizen dat Sutler grif Creedy ta sûndebok meitsje sil as V yn syn opset slagget om it parlemintsgebou op te blazen. Wêrom soe Creedy oars 24 oeren deis, sân dagen yn 'e wike troch de plysje yn it each holden wurde as it net op befel fan Sutler wie? Hy stelt foar dat Creedy Sutler, dy't foar V ûnberikber is, by V bringt, wêrnei't Creedy V de skuld jaan kin foar it fermoardzjen fan 'e hege kânselier en sels de macht oernimme kin. Hy jout Creedy in stik kryt en seit dat er mar in wyt krús op syn eigen foardoar kalkje moat as er oan dat plan meiwurkje wol.