Murder on the Orient Express is in Amerikaansk-Malteeske histoaryske detektivefilm út 2017 ûnder rezjy fan Kenneth Branagh en mei himsels yn 'e haadrol as de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot. De wichtichste byrollen waarden fertolke troch Michelle Pfeiffer, Johnny Depp, Penélope Cruz, Daisy Ridley, Leslie Odom jr., Judi Dench, Olivia Coleman, Josh Gad, Derek Jacobi, Tom Bateman en Willem Dafoe. De titel betsjut "Moard op 'e Oriïnt Ekspres". De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Agatha Christie út 1934. It is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1974. It ferhaal folget Poirot as der yn 'e kûpee njonken sines yn 'e Oriïnt Ekspres in moard plakfynt. Alle mei-passazjiers binne fertochten. As de trein yn 'e bergen fan Joegoslaavje fêst komt te sitten yn 'e snie, wurdt Poirot frege om 'e saak op te lossen. Murder on the Orient Express krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2022 kaam in ferfolchfilm út, op 'e nij mei Branagh yn 'e rol fan Poirot, mei as titel Death on the Nile.
Plot Yn 1934 lost de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot in tsjeafte op yn 'e Hillich-Grêftsjerke yn Jeruzalim. Hy is al withoelang tige drok en hopet op 'e weromweis nei Londen yn Istanbûl eefkes lins te nimmen. Mar suver fuortendaliks wurdt er frege foar in oare saak, sadat er yn Istanbûl drekt trochreizgje moat. Syn freon Bouc, de direkteur fan 'e Simplon-rûte fan 'e Compagnie Internationale des Wagons-Lits, besoarget him op it lêste momint in kûpee op 'e Oriïnt Ekspres, de fluchste spoarline nei West-Jeropa, dy't fan Istanbûl fia Sofia, Belgrado, Zagreb, Triëst, Feneesje, Milaan, Lausanne en Parys nei Calais rint. Dêrwei kin Poirot dan de fearboat oer It Kanaal nei Ingelân nimme.
De oare passazjiers fan 'e trein binne: de Amerikaanske widdo Caroline Hubbard; de Amerikaanske sakeman Edward Ratchett mei syn liiffeint Edward Masterman en syn sekretaris/tolk Hector McQueen; foarstinne Natalja Dragomiroff, in Russyske ealfrouwe op jierren mei har Dútske tsjinstfaam Hildegard Schmidt; de Hongaarske diplomaat greve Rudolf Andrenyi mei syn frou, grevinne Elena; de negroïde dokter John Arbuthnott; de Ingelske gûvernante Mary Debenham; de Spaanske misjonaris Pilar Estravados; de Kubaansk-Amerikaanske autoferkeaper Biniamino Marquez; en de Eastenrykske heechlearaar Gerhard Hardmann.
Yn 'e trein wurdt Poirot oansprutsen troch Ratchett, dy't besiket en hier de privee-detektive yn as syn liifwacht foar de trijedeiske treinreis. Hy hat nammentlik fijannen makke dy't him brieven mei deadsbedrigings stjoere. Poirot ornearret dat Ratchett it dêr mei syn kriminele sakepraktiken sels nei makke hat en stegeret him ôf. Dy nachts heart Poirot nuvere lûden út 'e kûpee njonken sines kommen, dêr't Ratchett sliept. Midden yn 'e nacht wurdt de Oriïnt Ekspres by swierwaar yn 'e bergen fan sintraal Joegoslaavje troffen troch in lawine, dy't de lokomotyf fan 'e rails triuwt, sadat de wagons stil komme te stean boppe-op in hege spoarbrêge oer in ravyn. De oare moarns docht Ratchett net iepen foar syn feint Masterman. Wannear't Poirot in kâlde siging ûnder de doar troch kommen fielt, ta teken dat it rút yn 'e kûpee iepenstiet, beslút er de beskoattele doar iepen te brekken. Ratchett leit noch op bêd, mar hy is yn 'e nacht fermoarde: yn it boarst hat er tolve stekwûnen.
Bouc, dy't yn noed sit oer de reputaasje fan 'e Oriïnt Ekspres, freget Poirot om 'e moard te ûndersykjen en de saak gau-gau ôf te hanneljen. Dat sinniget Poirot hielendal net, mar hy jout ta wannear't Bouc derop wiist dat oars de Joegoslavyske plysje oer de saak gear sil, dy't grif in willekeurige fertochte oanwize sil as dieder en dyselde ophingje oft er no skuldich is of net. Poirot beseft dat alle ynsittenden fan 'e sliepwagon de moardner wêze kinne. Dêrom beneamt er Bouc, dy't yn in oare wagon sliept hat, ta syn assistint. Yn 'e kûpee fan it slachtoffer ûntdekt Poirot ferskate oanwizings, wêrûnder it stikkene, stilsteande bûshorloazje fan Ratchett, dat mooglik de tiid fan 'e moard oanjout, it iepensteande rút, in piipreagerke, in frouljusbûsdoekje mei de letter "H" derop borduerre, en de heal ferbaarnd lêst driichbrief dy't Ratchett ûntfongen hie. Hy ornearret dat it bestean fan sa'n soad oanwizings nei alle gedachten betsjut dat de dieder de ûndersikers fan 'e moard op 'e doele bringe wol.
It ferbaarnde bryfke sjocht Poirot as de iennichste echte oanwizing. Op yngenieuze wize wit er it berjocht wer lêsber te meitsjen, wêrby't it oer Daisy Armstrong blykt te gean, in Amerikaanske pjut dy't twa jier earder by nacht út har eigen bêd ûntfierd wie. Har rike âldelju, kolonel Armstrong en syn frou Sonia, betellen it easke losjild, mar de lytse Daisy waard letter dochs fermoarde weromfûn. Poirot liedt út dy konneksje en de tekst fan 'e driichbrief ôf dat Edward Ratchett eins nimmen oars wie as John Cassetti, de ûntfierder en moardner fan Daisy, dy't mei it losjild nei it bûtenlân wist te ûntkommen ear't de Amerikaanske plysje de dieder fan it aaklik misdriuw opspoare koe. Doe't se it nijs fan 'e dea fan har dochterke hearde, rekke Daisy har mem, Sonia, dy't swier wie, foar har tiid yn 'e weeën. Sy en har poppe rekken dea yn it kreambêd, wêrnei't har man himsels troch de holle skeat. Doe't it net slagge de dieder te finen, brocht de Amerikaanske ofsier fan justysje Susanne, de tsjinstfaam fan 'e Armstrongs, dy't in swak aliby hie, foar de rjochter foar mandéligens oan 'e ûntfiering en moard. Pas nei't sy yn har sel selsmoard dien hie, kaam oan it ljocht dat se eins ûnskuldich wie. Sa wie Cassetti dus yndirekt ferantwurdlik foar de dea fan fiif minsken.
Der wurde mear oanwizings fûn. Frou Hubbard fertelt dat se de nachts fan 'e moard in man yn har kûpee gewaar waard. Doe't se dêr letter oer klage, leaude nimmen har. Mar as de moardner fia de tuskendoar mei har kupee yn dy fan Cassetti trochkrong, ferklearret dat hoe't Cassetti syn doar nei de treinkorridor de oare moarns noch beskoattele wêze koe. Frou Hubbard hat ek in knoop yn har kûpee fûn, dy't ôfkomstich is fan in kondukteursunifoarm. Mar it unifoarm fan Pierre Michel, de iennichste kondukteur fan tsjinst, hat al syn knopen noch. Letter wurdt in twadde unifoarm fûn, dat wól deeglik in knoop mist. It liket derop dat de moardner de trein ynfiltrearre hat yn in momkape as kondukteur. By it ûnderfreegjen fan 'e passzjiers ûntdekt Poirot ferskate konneksjes mei de saak-Armstrong. Sa is foarstinne Dragomiroff in freondinne fan 'e aktrise Linda Arden, de mem fan Sonia Armstrong en de beppe fan 'e fermoarde Daisy, wylst grevinne Andrenyi eins Helena Goldenberg is, de jongere suster fan Sonia. Fierders ûntmaskeret Poirot de arrogante professor Hardmann as Cyrus Bethman Hardman, in detektive fan it Amerikaanske Pinkerton-buro, dy't earder as plysje wurke hat. Hy hâldt út dat er undercover mei de Oriïnt Ekspres reizge om't er troch Cassetti alias Ratchett ynhierd wie as liifwacht. Poirot wit dat dat net wier is, om't Cassetti Poirot sels yn dy hoedanichheid besocht hat yn te hieren.
It bewiismateriaal wiist lykwols nei Hector McQueen, de sekretaris fan Cassetti, dy't it kasboek fan syn baas besiket te ferbaarnen om te fertsjustermoanjen dat er Cassetti rjochts en links oplichte hat. As Poirot him dêrmei konfrontearret en him fan 'e moard beskuldiget, leit McQueen dêrtsjin yn dat it stom wêze soe foar him om 'e goes te slachtsjen dy't him de gouden aaien lei. Mar Poirot fermoedet in persoanliker motyf. McQueen hie him earder ferteld dat er eins foar abbekaat leard hie, mar net om't er dêr aardichheid oan hie. No fermoedet Poirot dat McQueen mei dy stúdzje besocht yn 'e fuotleasten te trêdzjen fan in oare McQueen, dy't wol in grut abbekaat wie: de ofsier fan justysje yn 'e saak-Armstrong, dy't nimmen oars wie Hector McQueen syn heit. McQueen jout ta dat dat wier is, en dat de karriêre syn heit ruïnearre waard troch syn ferfolging fan 'e ûnskuldige tsjinstfaam Susanne, dêr't er troch syn bazen by it Iepenbier Ministearje ta twongen waard. Hy ûntstriidt lykwols de moardner fan Cassetti te wêzen om't er net wist dat Ratchett Cassetti wie.
Poirot leaut McQueen net, mar krekt as er de man fierder ûnder druk sette sil, wurdt yn in oar diel fan 'e trein frou Hubbard yn 'e rêch stutsen mei in dagge. It docht bliken dat it om it moardwapen giet. Frou Hubbard is mar lichtferwûne, mei't de dieder wûnder boppe wûnder sawol har wringe as al har organen mist hat. Mar it betsjut wol dat McQueen de moardner net wêze kin mei't dyselde by Poirot wie doe't frou Hubbard oanfallen waard. Letter, wannear't Poirot juffer Debenham stevich oan 'e tosk fielt om't se dielen fan har ferline foar him geheim besiket te hâlden, wurdt er yn it skouder sketten troch dokter Arbuthnott. By de dêropfolgjende wrakseling tusken him en Poirot bekent Arbuthnott dat hy de moardner is: kolonel Armstrong wie in freon fan him, dy't it mooglik makke dat in swarte soldaat lykas hy foar dokter leare koe. Poirot ornearret lykwols dat Arbuthnott besiket en meitsje him wat wiis. De man wie yn it Britske Leger in skerpskutter, en no soed er fan in ôfstân fan kwealk fiif meter mis sjitte? Hy hie nea it doel om Poirot te deadzjen.
Wylst Joegoslavyske wurklju, dy't útstjoerd binne troch it wachtsjende spoarstasjon fan Slavonski Brod, snieromje en de lokomotyf wer op 'e rails sette, konfrontearret Poirot de treinreizgers yn 'e yngong fan in spoartunnel mei syn befinings. Hy biedt harren twa teoryen oan oer de tadracht by de moard op Cassetti. Yn syn earste teory kaam de moardner by it foarrige stasjon yn Vinkovci oan board fan 'e trein, ferklaaid as kondukteur, en krong yn 'e nacht fia de kûpee fan frou Hubbard troch yn 'e kûpee fan Cassetti. Nei't er dyselde mei tolve stekken mei in dagge ombrocht hie, ferliet er de ûnderwilens ta stilstan kommen trein fia it rút yn 'e kûpee fan Cassetti, dat iepenstean bleau. Dizze teory mankearret hiel wat oan, te begjinnen mei de fraach wa't dan frou Hubbard delstutsen hat, mar bygelyks ek hoe't it by de moard brûkte kondukteursunifoarm dan earne oars yn 'e wagon ferburgen wurde koe.
Poirot syn twadde teory is in stik yngewikkelder. Hy set útein mei oan te toanen dat alle passazjiers in bân hiene mei de saak-Armstrong. McQueen syn heit wie de ofsier fan justysje yn dy saak, waans karriêre dertroch ruïnearre waard; foarstinne Dragomiroff wie befreone mei de beppe fan Daisy Armstrong en wie sels de petemem fan it lytse famke; grevinne Andrenyi is de jongere suster fan Daisy har mem Sonia en greve Andrenyi is har sweager; dokter Arbuthnott wie in earder ûnderhearrige en freon fan kolonel Armstrong, de heit fan Daisy; juffer Debenham, dy't temûk in ynterrasiale leafdesrelaasje mei Arbuthnott ûnderhâldt, wie de gûvernante fan 'e Armstrong-húshâlding; Masterman, Estravados, Schmidt en Marquez wiene by de Armstrongs yn 'e tsjinst as resp. butler, bernefamke, kokkinne en sjauffeur; Hardman wie de frijer fan 'e ûnfortúnlike tsjinstfaam Susanne, en kondukteur Pierre Michel wie har broer; en frou Hubbard, ta einbeslút, is nimmen oars as Sonia har mem en Daisy har beppe, de aktrise Linda Arden.