Murder on the Orient Express is in Britske histoaryske detektivefilm út 1974 ûnder rezjy fan Sidney Lumet en op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Agatha Christie út 1934. De haadrollen waarden fertolke troch Albert Finney (as de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot) en Martin Balsam. Hja waarden ûnderstipe troch byrollen fan û.o. Lauren Bacall, Ingrid Bergman, Jacqueline Bisset, Jean-Pierre Cassel, Sean Connery, Vanessa Redgrave, Wendy Hiller, John Gielgud en Michael York. De titel betsjut "Moard op 'e Oriïnt Ekspres".
It ferhaal folget Poirot as der ûnderweis yn 'e Oriïnt Ekspres fan Istanbûl nei Calais yn 'e sliepkûpee njonken sines in moard begien wurdt. De trein strânet yn Joegoslaavje yn 'e snie en alle mei-passazjiers binne fertochten. Oan Poirot de taak om 'e tizeboel fan oanwizings te folgjen nei de dieder. Murder on the Orient Express krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film wûn in Oscar en trije BAFTA's. In ferfolchfilm, Death on the Nile, kaam út yn 1978, sij it mei Peter Ustinov as Poirot. Yn 2017 waard der in remake makke, dy't ek Murder on the Orient Express hiet.
Plot In prolooch lit bylden sjen (beselsippe fan útlizzende krantekoppen) oer de saak fan 'e pjut Daisy Armstrong. Hja is in dochterke fan rike âlden, dat yn 1930 yn 'e Feriene Steaten ûntfierd wurdt. It is in saak dy't it hiele lân blykber dwaande hâldt. De âldelju, de Britske kolonel Hamish Armstrong en syn Amerikaanske frou Sonia, betelje it losjild dat troch de ûntfierders easke wurdt, mar de lytse Daisy wurdt letter fermoarde weromfûn.
Fiif jier letter, yn desimber 1935, arrivearret de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot yn Istanbûl. Hy is dêrhinne reizge út 'e Britske koloanje Transjordaanje wei, yn it Midden-Easten, dêr't er in saak oplost hat foar it Britske Leger. No is er ûnferwachts weromroppen nei Londen foar in oare saak dy't gjin útstel lije kin, dat ynderhaasten is er fan doel om 'e Oriïnt Ekspres te nimmen. Dat is de fluchste en meast streekrjochte spoarline nei West-Jeropa, dy't fan Istanbûl fia Sofia, Belgrado, Zagreb, Triëst, Feneesje, Milaan, Lausanne en Parys nei Calais rint, dêr't er de fearboat oer It Kanaal nei Ingelân nimme kin.
Yn Istanbûl moetet er in âlde freon, signore Bianchi, in Italjaan dy't in liedingjaande funksje beklaait by de Compagnie Internationale des Wagons-Lits, it bedriuw dat de Oriïnt Ekspres útbaat. Hoewol't de trein al folboekt is, soarget Bianchi, dy't sels ek meireizget, derfoar dat Poirot in sliepkûpee kriget. De oare passazjiers binne de lûdroftige Amerikaanske widdo Harriet Hubbard; de Ingelske gûvernante Mary Debenham; de Sweedske sindelinge Greta Ohlsson; de Amerikaanske sakeman Samuel Ratchett mei syn jonge sekretaris anneks tolk Hector McQueen en syn Ingelske butler Edward Beddoes; de Italjaansk-Amerikaanske autoferkeaper Antonio Foscarelli; de Russyske foarstinne op jierren Natalja Dragomiroff en har Dútske tsjinstfaam Hildegard Schmidt; de Hongaarske greve Rudolf Andrenyi en syn frou grevinne Elena; de Skotske kolonel yn it Britsk-Yndyske Leger John Arbuthnott; de Amerikaanske toanielympressario Cyrus Hardman; en de Grykske dokter Stavros Constantine, in oare freon fan Bianchi. Ek yn 'e wagon oanwêzich is de Frânske kondukteur Pierre Paul Michel.
Op 'e moarn nei de earste nacht fan 'e reis hâldt Ratchett yn 'e restauraasjewagon Poirot oan en besiket him oer te heljen om by him yn 'e tsjinst te kommen as in soarte fan liifwacht. De sakeman hat de lêste tiid nammentlik ferskate anonime deadsbedrigings ûntfongen. Dat ferklearret er troch te sizzen dat eltse sakeman op syn wurkpaad fijannen makket. Hy biedt Poirot $15.000 oan foar it putsje, mar Poirot stegeret him ôf. Nei in koart petear is him al dúdlik dat Ratchett in ferline hat dêr't er neat oer sizze wol, wat it wurk ûnnedich dreech meitsje soe. Boppedat is Poirot no yn 'e fortúnlike omstannichheid dat er syn skiepkes op it drûge hat en útkieze kin oan hokker saak er syn tiid besteegje wol.
Dy jûns komt de Oriïnt Ekspress yn Joegoslaavje tusken de stêden Vinkovci en Slavonski Brod stil te stean foar in mânske sniebank dy't oer it spoar leit en dêr't gjin trochkommen oan is. Dy nachts wurdt Poirot ferskate kearen út 'e sliep helle, wêrûnder ienris troch in gjalp fan Ratchett, dy't yn 'e kûpee njonken sines sliept. De oare moarns antwurdet Ratchett net op it oanklopjen fan syn butler Beddoes op syn kûpeedoar. De beskoattele doar wurdt iepenbrutsen troch Beddoes, Poirot en kondukteur Michel, dy't Ratchett op syn bluodderich bêd oantreffe: hy is deastutsen.
Bianchi, dy't der alles oan gelegen is om negative imagoskea foar de Oriïnt Ekspres safolle mooglik te beheinen, freget Poirot om 'e moard op te lossen foar't de sniebank dêr't de trein efter fêstsit, romme wurdt. Op dy wize kin in geroftmeitsjend ûndersyk troch de Joegoslavyske plysje foarkomd wurde. Poirot seit syn help ta en ornearret dat de wagon de hiele nacht lang isolearre wie, sadat de moardner wol ien fan 'e ynsittenden wêze moat. Mei't Bianchi syn eigen kûpee oan Poirot ôfstien hat en by dokter Constantine yn in oare wagon sliept hat, kinne dy beide mannen de dieder net wêze. Poirot freget dêrom dokter Constantine om syn medyske kennis ta beskikking fan it ûndersyk te stellen. Wannear't se it stoflik omskot fan Ratchett ûndersykje, stelt Constantine fêst dat de man tolve kear yn it boarst stutsen is. De stekwûnen fariëarje lykwols tige by tige yn djipte: trije hiene op harsels al deadlik west, wylst twa amper mear as skrammen yn 'e hûd binne. De oare sân sitte dêrtuskenyn.
Poirot fynt yn 'e kûpee fan Ratchett in ferbrând stikje papier dat lykwols net hielendal ta jiske baarnd is. Op yngenieuze wize wit er it skriuwen op it bryfke wer lêsber te meitsjen. Ut wat er op dy wize oan it ljocht bringt, makket Poirot op dat Samuel Ratchett eins de gangster Lanfranco Cassetti wie, ien fan 'e meast sochte kriminelen fan 'e wrâld. Yn 1930 wie hy it brein efter de ûntfiering fan en moard op 'e lytse Daisy Armstrong. Wylst syn hantlangers neitiid oppakt waarden en de deastraf krigen, wist Cassetti mei it troch de âldelju fan Daisy betelle losjild nei it bûtenlân te ûntkommen. Poirot wiist Bianci en dokter Constantine derop dat Ratchett mei dy saak gâns fijannen makke hat, om't de lytse Daisy net it iennichste slachtoffer fan syn misdie wie. Paulette, de tsjinstfaam fan 'e Armstrongs, waard yn 't earstoan beskuldige fan mandéligens oan 'e ûntfiering. Letter waard dúdlik dat se der neat mei te krijen hie, mar tsjin dy tiid hie se har eigen libben al nommen troch út it finster fan in heech gebou te springen. Sonia Armstrong, de mem fan Daisy, dy't swier wie fan har twadde bern, rekke fan it nijs fan 'e moard op har dochter sa oerstjoer dat se in miskream krige en yn it kreambêd ferstoar. Dêrnei skeat kolonel Hamish Armstrong himsels mei in pistoal troch de holle.
Yn 'e kûpee fan Cassetti treft Poirot noch ferskate oare oanwizings oan, wêrûnder in stikje ark dêr't men pipen mei himmelet, in frouljusbûsdoekje mei de letter H derop borduerre, en it stikkene bûshorloazje fan Cassetti, dat nei't men oannimme mei stilstiet op 'e tiid fan 'e moard: 1.15 oere. Omtrint dyselde tiid hearde Poirot in gjalp út 'e kûpee fan Cassetti kommen. Doe't kondukteur Michel neitiid oankloppe om te sjen oft der wat wie, rôp immen yn it Frânsk dat it mar in nachtmerje wie, wylst Cassetti syn sekretaris McQueen earder oan Poirot ferteld hie dat Cassetti gjin inkele oare taal as Ingelsk spriek. Frou Hubbard is boppedat, ek om dy tiid hinne, in ynkringer yn har kûpee gewaarwurden. Har kûpee grinzget oan 'e oare kant oan dy fan Cassetti en dielt mei de kûpee fan Cassetti in tuskendoar. Dat ferklearret hoe't de moardner de kûpee fan Cassetti binnenkommen is wylst de doar nei de treinkorridor de moarns noch beskoattele wie. Frou Hubbard komt ek op 'e lapen mei it moardwapen, in beblet mês, en mei in knoop fan kondukteurspak dy't se moarns allebeide yn har kûpee fûn hat. It pak fan kondukteur Michel hat alle knopen noch, mar letter dûkt der yn 'e koffer fan Hildegard Schmidt in twadde kondukteurspak op, dat Michel fiersten te lyts is en dêr't wól in knoop oan ûntbrekt.
Der binne safolle oanwizings dat Poirot, dy't ûnderfining mei moardsaken hat, der erchtinkend fan wurdt. Hy begjint Michel en alle passazjiers ien foar ien te ûnderfreegjen. Dêrby komt oan it ljocht dat McQueen de soan is fan 'e ofsier fan justysje dy't de ûntfierings- en moardsaak fan Daisy Armstrong behannele; sadwaande hie McQueen as teenager gedoente mei frou Armstrong, foar wa't er waarme gefoelens koestere om't se yn syn libben min ofte mear it plak ynnaam fan syn eigen ier ferstoarne mem. Beddoes blykt foarôfgeande oan syn karriêre as butler in militêre oppasser yn it Britske Leger west te hawwen. Greta Ohlsson kin harsels mar amperoan fersteanber meitsje yn it Ingelsk, mar se hat wol yn 'e Feriene Steaten west, dêr't se nei eigen sizzen inkeld Sweedsk prate mei Sweedske ymmigranten yn dat lân. Grevinne Andrenyi is fan etnysk Dútsk komôf en wannear't Poirot nei har famkesnamme fernimt, antwurdet se dat dy 'Grünwald' is.
Pierre Paul Michel, de kondukteur, rouwet noch altyd om syn frou en dochter. De frou is inkele jierren earder stoarn fan fertriet om 'e dea fan 'e dochter, dy't neffens Michel dearekke wie oan reafonk. Poirot freget him om in foto fan syn ferstoarne dochter. Foscarelli ûnstriidt dat er ea as sjauffeur wurke hat, mar bringt wol in eigen teory oer de moard op Cassetti op 't aljemint, dy't neffens him troch in oare gangster "omlein" wêze soe yn in ûnderlinge ôfrekken binnen de maffia. Hardman, de toanielympressario, blykt eins foar it Pinkerton-detektiveburo te wurkjen en earder in plysje west te hawwen. Hy seit dat er troch Cassetti ynhierd wie as liifwacht. As Poirot him de foto fan 'e ferstoarne dochter fan kondukteur Michel sjen lit, rekket er sichtber emosjoneel.
Wannear't Poirot kolonel Arbuthnott oan 'e tosk fielt oer in mooglike konneksje mei kolonel Armstrong, leit Arbuthnott út dat hy in ofsier fan it Britsk-Yndyske Leger is, wylst Armstrong by it Britske Leger tsjinne, twa folslein faninoar skate kriichsmachten. Nettsjinsteande dat liket er in ûngewoan protte te witten fan Armstrong syn militêre ûnderskiedings. Hy en Mary Debenham, de gûvernante, binne mei deselde fearboat as Poirot oerkommen oer de Bosporus fan it Aziatyske diel fan Istanbûl nei it Jeropeeske diel fan 'e stêd, en Poirot hat harren inoar tútsjen sjoen. As er juffer Debenham dêroer ûnderstiet, wegeret dy syn fragen te beäntwurdzjen, mar Arbuthnott brekt yn it petear yn en leit út dat hy en juffer Debenham fereale opinoar rekke binne en trouwe wolle sadree't syn skieding fan syn hjoeddeistige oerhuorrige frou regele is. Doe't Poirot him yn Istanbûl tsjin juffer Debenham sizzen hearde dat se wachtsje moasten "oant neidat it ôfhannele" wie, tsjutte er op 'e skieding, sa seit er, en net op 'e moard op Cassetti.