Hessel de Walle (Dokkum, 1958) is in Frysk skriuwer.
Libben en karriêre De Walle is berne yn Dokkum en studearre yn 1983 ôf as Skandinavist en Frisist, mar gie oan 'e slach as database konsultant. Yn 1985 en 1986 sette er foar de Afûk twa boeken oer út it Deensk: Lasse Taksy hâldt der mei op en Strieën Tarzan. Yn 2001 begûn er yn gearwurking mei de Grêfskriftekommisje oan 'e opset fan in database foar Fryske memorabilia. Yn 2007 ferskynde syn boek Friezen uit vroeger eeuwen mei mear as 7.000 teksten fan ynskripsjes fan memorabilia.
Sûnt 2008 binne dy Fryske memorabilia - útgroeid nei mear as 10.000 - nei te gean op syn webside: www.walmar.nl/inscripties.asp. Op deselde side is ek in oersjoch te finen fan in grut tal Fryske famyljewapens dy't op dy memorabilia werom te finen binne: www.walmar.nl/wapens.asp. Op 9 maart 2026 hat Hessel de Walle it eigendom fan 'e efterlizzende database fan Fryske Memorabilia, wêrûnder de grêfskriften, oerdroegen oan de Fryske Akademy.
Sûnt 2019 publisearret De Walle boeken oer de Twadde Wrâldoarloch. Yn novimber 2019 ferskynde De Mannen van de Overval. Twa jier letter folge troch Piet Oberman De man en de mythe. April 2024 kaam Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten út. April 2025 ferskynde Verzetsvrouw Esmée van Eeghen van een kort leven een een lange weg naar eerherstel.
Yn febrewaris 2026 publisearre De Walle tegearre mei Sofia Krol in oersetting út it Noard-Samysk fan 65 fersen fan Sámi-dichter Nils-Aslak Valkeapää ûnder de titel Grûntonger.
Bibliografy oersettings
, 'Strieën Tarzan, Ljouwert, 1985 (Afûk), ISBN 9062732753. , Lasse Taksy hâldt der mei op, Ljouwert, 1986 (Afûk), ISBN 9062733409. , Grûntonger, Ljouwert, 2026 (Wijdemeer), ISBN 9789083523781.
proaza , Friezen uit vroeger eeuwen, Frjentsjer, 2007 (Van Wijnen), ISBN 9789051942866. , De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599. , Piet Oberman. De man en de mythe, Dokkum, 2022 (Wijdemeer), ISBN 9789492052872. , Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843 , Verzetsvrouw Esmée van Eeghen van een kort leven een een lange weg naar eerherstel, 2025 (Wijdemeer), ISBN 9789083468990
Keppelings om utens Offisjele webside fan Hessel de Walle
Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk oersetter Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1958