Tjerk Bootsma (Readtsjerk, 1965) is in Frysk muzikant. Hy spilet akkordeon, basgitaar, blaasynstrumenten, fluit, gitaar en saksofoan.

Tjerk Bootsma spile earst yn de folkrockband Reboelje, dat sûnder frontman Marius de Boer yn 2004 fierder gie ûnder de namme Swee.‘Swee gaat zijn eigen gang’, 3voor12.nl, 25 april 2005 Fan Bootsma syn skreaune lietsjes is it nûmer Marije Maria it bekendst. Ek de De tunnel fan it ljocht, Sunder dy en Hein waarden bekend.

Under de namme Tjerk Bootsma Trio spilet er mei Tseard Nauta (bas, fioele, blaasynstruminten en toetsen) en Jacob Sijtsma (akkordeon). It trio spilet neist eigen wurk benammen nûmers fan Reboelje en Swee. In tal lietsjes fan Reboelje dy’t allinnich brûkt waarden foar teäterfoarstellings krigen in nij jaske fan it Bootsma Trio.

Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk akkordeonist Kategory:Frysk bassist Kategory:Frysk gitarist Kategory:Frysk saksofonist Kategory:Persoan berne yn 1965 Kategory:Persoan berne yn Readtsjerk