Hielke Faber (Boalsert, 30 april 1935) is in Frysks organist en dirigint.
Libbensrin Jeugd Faber fûn as bern it oargel al in fassinearjend ynstrumint. Hy gie alle sneinen al mei syn âlden mei nei tsjerke. Meidat syn omke ek organist wie, woe hy sels ek al jong oargellessen nimme, mar dat waard ôfwiisd troch syn heit. Nei earst it noateskrift leard te hawwen folge hy wol oargellessen.
Wurkpaad Faber debutearre al op tolvejierrige leeftyd as organist yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Syn earste bespiling dêr wie op twadde krystdei yn 1947. Yn de tiid fan syn tsjinstplicht by de keninklike loftmacht wie hy organist fan de Sint-Martinustsjerke yn Makkum.
Yn 1964 ferhuze hy nei De Jouwer wêr ‘t hy organist waard yn de Hobbe fan Baerdt Tsjerke en de Doopsgesinde tsjerke. Teffens wie hy dêr as opfolger eigener fan in bedriuw foar wenningynrjochting. Hy eksploitearre dit bedriuw oant 1994 wêrnei ’t er him hielendal rjochte op it oargel.Hielke Faber is 75 jaar kerkorganist, Ricardo Veen, útjouwer GrootdeFryskeMarren, 11 febrewaris ] Hy is sûnttiids dirigint en organist yn de herfoarme Nikolaastsjerke yn Nijlân.
Underskieding Yn desimber 2022 waard Faber by syn 75-jierrige jubileum beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Lintje voor organist en dirigent Hielke Faber, gedecoreerde uit Joure begeleidt al 75 jaar kerkdiensten, Frysk Deiblêd, 12 desimber 2022
Kategory:Frysk oargelist Kategory:Frysk dirigint Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1935