Kirsty Anna MacColl (Londen, 10 oktober 1959 – Cozumel (Meksiko), 18 desimber 2000) wie in Britsk sjongeres fan Skotsk komôf. Sy waard benammen bekend troch har gastbydrage oan it nûmer Fairytale of New York fan The Pogues. Kirsty wie in dochter fan sjonger Ewan MacColl.
Karriêre Har karriêre by it platelabel Stiff Records wie net botte suksesfol; singles lykas Terry en He's On the Beach waarden gjin hits. Har sukses waard hindere trochdat se leed oan podiumanst, wat se nea echt te boppe kaam. Nettsjinsteande dat wie de single mei de opmerklik lange titel There's a guy works down the chip shop swears he's Elvis yn Nederlân in beskieden sukses. Hja brocht yn 1981 in album út dêr't ek in Súd-Amerikaansk kleure nûmer op stie; in foarboade fan wat letter komme soe. In twadde album waard opnommen, mar bleau op'e planke lizzen om't platelabel Stiff fallyt gie en gjinien har kontrakt oernimme woe.
Yn Grut-Brittannië berikte se it sânde plak yn 'e hitlist mei in cover fan Billy Braggs A New England, dêr't Billy op har fersyk in ekstra kûplet foar skreau. It troch Kirsty skreaune They Don't Know berikte, yn 'e ferzje fan Tracey Ullman, it twadde plak yn'e hitparade.
Hja die in soad sesjewurk as eftergrûnsjongeres en droech faak by oan albums dy't produsearre waarden troch har doetiidske man Steve Lillywhite (dêrûnder albums fan Simple Minds, Morrissey, Van Morrison en de Talking Heads). Kirsty kaam opnij oan 'e top fan 'e Britske hitparade yn desimber 1987 mei Fairytale of New York, in duet mei Shane MacGowan fan The Pogues.
Ein jierren 80 fersoarge se fierder geregeld gastoptredens yn it satiryske programma French and Saunders. Nei't se yn 1989 befallen wie fan in soan kaam se dat jier lang om let mei har twadde album; Kite befettet bydragen fan David Gilmour en Johnny Marr en wie in sukses. Yn 1991 ferskynde Electric Landlady dêr't Marr wer op meispile, mar ek The Pogues en de begeliedingsmuzikanten fan de Panameeske salsa-sjonger Ruben Blades (û.o. op My Affair). De opfolger Titanic Days wie ynspirearre troch har skieding fan Steve Lillywhite.
Wylst Ingelân midden jierren njoggentich yn 'e besnijing rekke fan 'e britpop hold Kirsty har dêr fier fan; hja oerwage om de muzyk farwol te sizzen en learares Ingelsk te wurden yn Súd-Amearika. Troch in soad tiid troch te bringen yn Brazilië en op Kuba krige se wer ynspiraasje en ein 1999 ferskynde Tropical Brainstorm; it album krige loovjende kritiken en stiet te boek as har bêste.
Yn 2000 naam se in nûmer op foar it Ian Dury tribute-album New Boots & Panties (Dury ferstoar op 27 maart dat jier oan kanker). Op 16 juny ferliende se ek har meiwurking oan it betinkingskonsert yn de Brixton Academy; dat wie ien fan har lêste optredens.
Op 18 desimber 2000 kaam se yn 'e âldens fan 41 jier om it libben yn Meksiko doe't se, op fakânsje mei har húshâlding, ûnder it dûken rekke waard troch in motorboat. Hoewol't har famylje al jierren krewearret om de Meksikaanske oerheid ta in ûndersyk te bewegen, is oer de tadracht fan it ûngelok net folle bekend.
Nei alle gedachten besocht Kirsty har soantsje út 'e baan fan 'e kommende motorboat te heljen, dêr't se sels by rekke waard. Yn 2003 waard Jose Cen Yam, dy't dy motorboat bestjoerde, dêrfoar feroardiele ta in boete fan sa 'n 40 euro. De boat wie eigendom fan de ynfloedrike miljonêr Guillermo Gonzales Nova dy't syn konneksjes brûkte om it ûndersyk ûnmooglik te meitsjen en sadwaande sels bûten skot te bliuwen.
Billy Bragg bringt har yn syn live-optredens noch hieltyd in beskieden hommaazje troch it ekstra kûplet fan A New England steefêst oan har op te dragen.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesDesperate Characterjuly 1981 There's a Guy Works Down the Chip Shop Swears He's Elvis,See That GirlKiteapril 1989VirginFree World,Days,Innocence,Don't Come the Cowboy with Me Sonny Jim!Electric Landlady24 juny 1991Walking Down Madison,My Affair,All I Ever WantedTitanic Days5 oktober 1993 ZTTTitanic Days,Can't Stop Killing You,AngelTropical Brainstorm20 maart 2000 V2 RecordsMambo de la Luna,In These Shoes?
As gastmuzikant Single(s)nûmer Album Utbrocht yn Mei band I Want OutCrossed Line1983MatchboxGreetings to the New BrunetteTalking with the Taxman About Poetry1986Billy Bragg Fairytale of New YorkIf I Should Fall from Grace with God1987The Pogues
Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynKirsty MacColl1985The Essential Collection1993Galore – The Best of Kirsty MacColl1995What Do Pretty Girls Do?1998The One and Only2001The Best of Kirsty MacColl2005The Stiff SinglesThe Collection2008A New England:The Very Best of Kirsty MacColl2013All I Ever Wanted: The Anthology2014Other People's Hearts(B.Sides 1988-1989)2020
Kategory:Skotsk sjonger Kategory:Skotsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1959 Kategory:Persoan stoarn yn 2000