De Fokker A.I (projektnamme M.8) wie in Dútsk twasitter ferkenningsfleantúch boud troch fleantúchbouwer Fokker oan de foarjûn fan de Earste Wrâldoarloch.

It ûntwerp fan de Fokker A.I skouderfleugel iendekker wie ôflaat fan de Frânske Morane-Saulnier H. Dat late ta it inisjële Fokker M.5 kasko, ûntwurpen troch Martin Kreutzer, dêr 't de gruttere A.I fan ôflaat waard. Fokker joech in soad akrobatyske demonstraasjes yn de M.5 oan de foarjûn fan de Earste Wrâldoarloch. De M.8 waard as de A.I besteld troch de Fliegertruppe. Fokker en Halberstadt produsearren sawat 63 tastellen. De fleugels wiene mei spantrieden oan de romp fêstmakke. It tastel waard oandreaun troch in Oberursel rotaasjemotor fan 80 pk.

Spesifikaasjes Type: Fokker A.I Foarrinner: Fokker M.5 Farianten: Fokker A.II en A.III Fabriek: Fokker Rol: Ferkenningsfleanmasine Bemanning: 2 (fleander en waarnimmer) Lingte: 7,54 m Spanwiidte: 12,12 m Hichte: 2,75 m Fleugeloerflak: 16 m² Motor: 1 × Oberursel U.0 sânsilinder rotaasjemotor, 80 hk Propeller: twa blêden Prestaasjes Maks. faasje: 135 km/o Fleanberik: 400 km Plafond: 3000 m Bewapening gjin

Kategory:Dútske ferkenningsfleanmasine Kategory:Fleanmasine yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Fokker