It swartkieltsje (Saxicola rubicola) of readboarstfitop is in lytse sjongfûgel, dy't foarhinne yndield waard by de lysterfûgels (Turdidae), mar neffens resint ynsjoch yndield is by de miggesnappers, lykas ek it oan it swartkieltsje besibbe paapke.
Beskriuwing It swartkieltsje is in frij lytse sjongfûgel fan 11,5 sm oant 13 sm. It mantsje hat yn 'e briedtiid in swarte kop en witte plakken op 'e sydkanten fan 'e hals en oant it búkje in oranje boarst. De boppekant fan it fûgeltsje is donkerbrún.
It wyfke is fan boppe brún kleure, ek op it plak dêr't it mantsje op it kopke swart is. Hja hat gjin dúdlike wite halsflekken en it oranje op it boarst is by har minder sprekkend. Jonge fûgels binne ek brún kleure mei in soarte fan donkerbrún skobbich patroan.
Iten, biotoop, fuortplanting It swartkieltsje yt ynsekten.
De fûgel libbet yn in healiepen lânskip mei net tefolle begroeiing. Dat kin agraryske kultuergrûn, mar ek natoergebiet lykas healiepen heidefjild wêze. thumb|left|Aaikes fan it swartkieltsje. Healwei maart oant augustus wurdt der bret. It wyfke leit fiif oant seis aaikes yn in goed ferstoppe nêst yn in holte yn 'e grûn, dat bestiet út raai, gers, moas en woartels.
Fersprieding It swartkieltsje is in trekfûgel, mar reizget minder fier as it besibbe paapke. It liket der op dat in rige fan sêfte winters de fûgel minder oanstriid jout om te trekken en it tal oerwinterjende fûgels is dan ek tanommen. Mar dat komt nei alle gedachten ek om't it tal pearkes spektakulêr tanommen is. Yn Nederlân briedt de fûgel op sângrûn, yn 'e dunen oan 'e kust, Seelân en de Waadeilannen.
De fûgel kaam yn 'e jierren 1970 oant ein jierren 1980 yn Nederlân yn 'e swierrichheden. De populaasje gyng lykas dy fan it paapke foars efterút, al wiene der grutte regionale ferskillen. Rûsd waard dat der yn Nederlân om 1975 hinne likernôch 5.000 pearkes wiene, mar acht jier letter wiene dat yn 1983 noch mar 2.000.
Sûnt ein jierren 1980 profitearre de fûgel fan it ferbettere behear fan 'e natoer. Foarbylden dêrfan binne de feroarings fan agrarysk gebrûk, natoerûntwikkeling en it minder faak meanen fan berms. Neffens SOVON fermannichfâldige it tal briedpearkes tusken 1990-2005 sân kear. Dêrfandinne waarden yn 2018-2020 wer 18.000 oant 22.000 pearkes yn Nederlân telt en dat is mear as foar it begjin fan 'e delgong yn 'e jierren 1970. Gruttere konsintraasjes fan 'e fûgel binne te finen yn Drinte, de Feluwe, East-Brabân en Noard-Limburch.
Ek yn Fryslân is it tal plakken dêr't it swartkieltsje foarkomt tanommen. De eilannen mei rûchwei de eastlike helte fan 'e provinsje en it Lauwersmargebiet foarmet it ferspriedingsgebiet fan it swartkieltsje yn Fryslân.(2023)
Undersoarten Neffens de IOC World Bird List binne der yn Europa twa ûndersoarten:
S. r. rubicola (de nominaat) yn West-, Midden- en Súd-Europa, it noarden fan Afrika en it Midden-Easten. S. r. hibernans yn Ierlân, Grut-Brittanje, it west fan Frankryk en Portugal.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Paapke Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje