Cornelis (Kees) Woudenberg (Amsterdam, 16 desimber 1883 - dêre, 16 oktober 1954) wie in Nederlânske syndikalist, bestjoerder en politikus foar de S.D.A.P. en dêrnei de PfdA.

Biografy Syn heit wie molkboer yn de Joden Houttuinen yn Amsterdam en lid fan de Apostolyske Gemeenten. Syn mem wie Nederlânsk herfoarme. De húshâlding hie njoggen bern, wêrfan 't der twa betiid stoaren. Hy wie de âldere broer fan ûnder oaren Henk Woudenberg, dy 't foarsitter wie fan de Nationale Werknemers Vereeniging (NWV) en politikus foar de Nationaal-Socialistische Beweging (NSB). BARNOUW David; Biografie Hendrik Jan Woudenberg (s.247-250); BWSA 6; 1995. Argivearre op 31 maart 2023.

Woudenberg gie nei de ambachtsskoalle, dêr't er in oplieding ta meubelmakker folge. Yn 1901 kaam er yn kontakt mei it sosjalistyske bûn De Zaaier en fuort dêrnei sleat er him oan by de Amsterdamske ôfdieling fan it Algemeene Meubelmakerbond Amstel Eendracht. Nei't Amstel Eendracht him ôfskiede fan it bûn rjochte Woudenberg mei in pear lykgesinden in eigen Amsterdamske ôfdieling fan it Algemeene Meubelmakersbond op. Yn 1909 fusearre dat fakbûn mei it Nederlandsche Behangers-, Stoffeerders- en Beddenmakersbond ta it Algemeene Nederlandsche Bond voor Meubelmakers, Behangers en Aanverwante Beroepen en in skoftke dêrnei waard Woudenberg oansteld as sekretaris fan de Amsterdamske ôfdieling.

Yn 1919 waard er oansteld as algemien sekretaris fan de International Federation of Woodworkers (IFW) dêr't er de Dútser Theodor Leipart opfolge. Dy funksje hat er útoefene oant 1929. Under it kongres yn Heidelberg waard de Dútser Fritz Tarnow as syn opfolger keazen. Internationale Arbeidersbeweging: Het Houtbewerkerscongres; Algemeen Handelsblad; 27 july 1929

Nei de besetting fan Nederlân troch de nazi's waard Woudenberg in skoftke haad fan de SDAP, mar hy fernaam dat de nazi's de SDAP as marionette-organisaasje brûke woene en naam dêrom ûntslach. Woudenberg reizge de rest fan de oarloch troch it lân en ûnderhold kontakten tusken S.D.A.P-oanhingers.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch waard de SDAP op 'e nij oprjochte en Woudenberg bleau sekretaris en ponghâlder. Yn 1946 waard de S.D.A.P. ferfongen troch de Partij fan de Arbeid. Woudenberg waard opnij sekretaris en ponghâlder en gie yn 1949 mei pensjoen. Fan 1945 oant 1950 siet er ek yn de senaat.

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk fakbûnslieder Kategory:Gemeenteriedslid fan Amsterdam Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1954