Friedrich Wilhelm Mengelberg (berne op 18 oktober 1837 yn Keulen, ferstoarn op 6 febrewaris 1919 yn Utert) wie in Dútsk-Nederlânske byldhouwer. Hy levere ek tsjerkeynterieur oan ferskillende roomske tsjerken yn Fryslân. Dernjonken sammele er keunst.
Libben en wurkpaad Friedrich Wilhelm wie in soan fan Johann Edmund Egidius Mengelberg en Catharina Wilhelmina Leiniger en waard grutbrocht yn in protestantsk fermidden yn it fierder roomske Keulen. Doe't er 18 wie waard er katolyk en op 18 oktober 1866 boaske er mei Wilhelmina Anna Helena Schrattenholz. Hja krigen sechtjin bern en ien dêrfan wie de lettere dirigint Willem Mengelberg (1871-1951).
Mengelberg waard yn Keulen op de Mengelbergsche Zeichenschule (stifte troch syn pake Egidius Mengelberg) en by de byldhouwer Christoph Stephann oplaat. Nei syn oplieding rjochte er yn Keulen in atelier op en makke dêr namme mei û.o. it meitsjen fan 'e brûnzen doarren fan de domtsjerke yn Keulen. Hy droech syn atelier yn Keulen oer oan syn broer Heinrich Otto Mengelberg en ferhûze nei Aken, dêr't er yn 1869 troch de Akenske kapelaan Franz Johann Joseph Bock (1823-1899) de opdracht krige om de biskopssit fan Utert te bouwen. Hy ferhûze yn 1872 nei Utert en wurke dêr oan it ynterieur fan de Sint-Katarinakatedraal en de Willibrordustsjerke. Mengelberg wurke in soad op mei Pierre Cuypers en benammen ek mei Alfred Tepe. thumb|left|'Hûs fan Mengelberg oan 'e Maliebaan'' It hûs fan Mengelberg oan 'e Maliebaan wie ek in ûntwerp fan Tepe en lykas dy wie ek Mengelberg lid fan it Sint-Bernulfusgild, dat krewearre foar it bouwen fan roomske tsjerken yn neogoatyske styl. Njonken religieuze keunst makke Mengelberg lykwols ek net-religieuze keunst. Ien fan syn grutte tal klanten wie de Dútske komponist Richard Strauss.
It atelier Mengelberg krige hieltiten mear wurknimmers (ein 19e iuw wiene der mear as 30) en produsearre lykwols fral de oanklaaing fan tsjerken lykas preekstuollen, heechalters, bychtstuollen, kommunybanken en krúsweistaasjes. Syn twa soannen Joseph en Hans folgen him nei syn dea op. Syn soan Otto wie in eigen aterlier foar glêsskilderkeunst begûn.
Mengelberg sammele yn 'e rin fan syn libben in soad keunst, dy 't as de Kolleksje F.W. Mengelberg bekend waard. Nei syn dea waard de samling oan Jan Herman van Heek ferkocht, ien út de tekstylfamylje Van Heek. De kolleksje foarme de kearn fan 'e keunstsamling yn it Huis Bergh.
Wurk Fryske tsjerken mei wurk fan Mengelberg:'
thumb|260px|It ynterieur fan 'e yn 2022 sletten Warkumer Werenfridustsjerke. Bakhuzen: Sint-Odulfustsjerke Balk: Sint-Ludgerustsjerke De Lemmer: Sint-Willibrordustsjerke Dokkum: Sint-Bonifatiustsjerke Harns: Sint-Michaelstsjerke It Hearrenfean: Hillige Geasttsjerke (kânsel) Reahûs: Sint-Martinustsjerke Warkum: Sint-Werenfridustsjerke; net mear oanwêzich (Yn 2023 ferhûze it hiele ynterieur yn it ramt fan 'e sluting fan 'e tsjerke nei de ôfbaarnde en werboude Sint-Urbanustsjerke yn Bovenkerk.)
Tsjerken tsjerken yn Nederlân (net folslein):
thumb|260px|Heechalter Willibrordustsjerke fan Utert. Abcoude: H.H. Kosmas en Damianustsjerke Amsterdam: De Krijtberg Apeldoarn: Marijetsjerke Bovenkerk: Sint-Urbanustsjerke (sûnt 2023) Grins: Sint-Joazefkatedraal 's-Heerenberg: Sint-Pankratiustsjerke Hilfertsom: Sint-Fitustsjerke IJsselstein: Sint-Nikolaasbasilyk Jutphaas: Sint-Nikolaastsjerke Oosterbeek: Sint-Bernufustsjerke Raalte: Krúsferheffingsbasilyk Schalkwijk: Sint-Michaelstsjerke Swol: Marije Himelfeartbasilyk Utert: Sint-Willibrordkerk Utert: Sint-Katarinakatedraal Ynskedee: Sint-Joazeftsjerke
Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Dútsk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn 1837 Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn 1919