Wildernis (Ingelsk: Wilderness) is in plak yn it distrikt Garden Route yn Súd-Afrika. It plak makket diel út fan 'e gemeente George. Wildernis leit likernôch 450 km eastlik fan Kaapstêd en 315 km west fan Port Elizabeth.

It plak is bekend fanwegen de acht km lange wite sânstrannen. Westlik fan Wildernis streamt de Kaaimansrivier. De Touwsrivier streamt troch Wildernis en foarmet tusken de dunen in langune.

Wildernis hat in tuskenbeide klimaat mei temperatueren tusken 10° en 28° Selsius.

De eardere president fan Súd-Afrika, Pieter Willem Botha, wenne dêr yn syn hûs "Die Anker" oant syn ferstjerren yn 2006.

Geografy It Nasjonaal Park Wilderness mei in oerflak fan 2.612 hektare leit eastlik fan it plak en foarmet in 28 km lang gea oan 'e kuststripe. Dêr libje 230 ferskillende soarten bisten, wêrûnder 79 fan 'e 95 soarten wetterfûgels yn Súd-Afrika.

De berchrivieren en it seewetter fan 'e Yndyske Oseaan binne in geskikt leefgebiet foar wetterbisten, lykas dolfinen.

Befolking Etnisiteit De etnyske gearstalling fan Wildernis wie yn 2011:

Kleurlingen 47,2% Blanken: 38,5% Swarten 12% Aziaten: 0,6% Oars: 1,8%

Taal De taalsitewaasje wie yn 2011:

Afrikaansk 68,5% Ingelsk 23,7% Xhosa 4,9%

Subplakken It Nasjonaal Ynstitút foar de Statistyk, Stats SA, ferdielt Wildernis sûnt de sensus 2011 yn fjouwer ferskillende subplakken:

Hoekwil Kleinkrantz Wilderness Heights Wilderness SP

Kategory:Plak yn Súd-Afrika Kategory:Plak yn West-Kaap