Jan Ketelaar (Hoogezand-Sappemeer, 1958) is in byldzjend keunstner, dichter en skriuwer út Drachten. Jan Ketelaar is in soan fan de Drachtster 'reade dûmny' Jaap Ketelaar.
Keunstner Nei acht jier havo, fiif jier Pedagogyske Akademy en in tal baantsjes gie er op syn fjirtichste nei de keunstakademy. Yn 2002 studearre er ôf oan Akademy Minerva, yn de rjochting ynterdissiplinêr byldhouwen.
Syn wurk hat ôfmjittings fan meters heech oant inkele sintimeters. De meast rustkleurige wurken binne faak opboud út metalen strips, strookjes en triedsjes. De wurken hawwe gauris lasknaden, laskrichels en bulten. Bylden lykje bytiden fan brûns mar binne meastentiids laske.
Bylden fan Ketelaar binne te sjen yn Museum Dr8888. Bekende bylden yn de iepenbiere romte binne it stielen byld 'De reizger' yn Weerdinge, it moarmeren byld 'Jabiksljedder' yn Borba yn distrikt Évora yn Portugal, en ferskate wurken yn Drachten. Ketelaar eksposearre ûnder oare yn Portugal, Bremen en New York. Ta syn gruttere bylden hearre: Keningslinebeam Ketelaar syn keninklik stek, yn de foarm fan in bank besteande út in lauwerkrânse fan linebeamblêden, waard yn 2014 yn Ljouwert om de earste keningslinebeam yn Nederlân setten. It byld stiet foar it Beursgebou yn Ljouwert.Sierstek by de Keningslinebeaam It is in oantinken oan de troansbestiging fan Kening Willem-Alexander op 30 april 2013.
Wachtsje op heech wetter 'Wachtsje op heech wetter' is in fiif meter heech byld fan twa, fan metaal laske froulju. De bylden wiene bedoeld om it 30-jierrich bestean fan Oerol te fieren mar de bylden wiene net op tiid klear.Jan Ketelaar: van potzenmaker tot vissenvanger www.friesland.nl In folle en in tinne frou sjogge by Holwert út oer de Waadsee. De folle frou waard yn 2018 ynstalearre, it jier fan de kulturele haadstêd, in jier letter waard se beselskippe troch de tinne frou. It byld is bedoeld om minsken by elkoar te bringen yn in syktocht nei balâns en útwikseling. www.voordekunst.nl Besikers kinne tusken de bylden yn stean gean en de bylden by de hân nimme. Bankjes yn Arboretum Belmonte Yn it arboretum yn Wageningen steane sûnt 2022 twa grutte tsjelkfoarmige beamblêden fan waarfêst stiel. It binne sitbankjes mei de teksten 'Ontmoet Inge' en 'Ingrid Verhoeckx–Rietman' mei twa keppele ringen. Se ferwize nei de troudatum 27 – 6 – 79 fan Inge Verhoeckx – Rietman dy ’t yn 2021 yn Drachten ferstoar.Ontmoet Inge, stielen bankje yn it Belmonte Arboretum
Dichter Mei syn gedichten stie er yn 2008 en 2012 yn de finale NK Poetry Slam yn Utert. Jan Ketelaar last, schrijft, en gaat dan weer lassen, www.woestenledig, 10 desimber 2008 Yn 2014 debutearre er mei de bondel: Van een man die dacht, ik wil niet meer denken.
Potzemakker As potzemakker set er kulturele en literêre gearkomsten op. As direkteur arbeidskollektyf Potzenmakerij wol er 'serieuze grappen' (potzen) meitsje. Sa rjochtet er him op it WK yrrigearjen, WK minen opromje en it WK plestyk fiskje.oer Ketelaar op www. https://www.galeriepaterswolde.nl/jan-ketelaar/Sokke potzen kinne ferskate foarmen hawwe lykas fersen, lietsjes, foardrachten, dokumintêres, skilderijen of oare foarmen. statische potzen, www.kunstschouw.nl Ketelaar reagearret mei syn potsen op de wrâld om him hinne, sadat dy wrâld te fernearen wurdt.
Mei syn metershege bylden, 'de steat fan Nederlân', ried er mei in heftruck ferskate kearen troch Nederlân, bygelyks fan Drachten nei De Haach. Hy waard troch de plysje oanholden yn Baarn, mar waard letter frijsprutsen by de rjochtbank yn Utert. Yn 2009 organisearre hy in teäterprogramma oer 'Leafde, Langstme en Idealen', yn de mande mei Martin Šimek, trije foaroansteande ynwenners fan Drachten en it publyk. Yn 2013 ried er mei in hierde heechwurker troch it sintrum fan Drachten. Om de safolle meter liet er himsels stige om fan dit hege poadium ôf in gedicht foar te dragen.
Prizen Yn syn ôfstudearjier 2002 wûn hy oan it Concurso Regional de Cantaria yn Portugal in earfolle fermelding en in jildpriis. Yn 2018 krige er de kultuerpriis de Gratama foar syn krewearjen foar keunst, kultuer, de 'mienskip' en it Frysk.
Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk dichter Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn 1958