De reade mosk (Carpodacus erythrinus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). Oarspronklik briedt de fûgel yn it paléarktysk gebiet, mar tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw hat de reade mosk syn areaal oant yn Nederlân en Switserlân útwreide. De reade mosk is in trekfûgel, dy't yn 'e súdlike dielen fan Aazje fan Iran oant yn súdeastlik Sina oerwinteret.

Beskriuwing thumb|left|Wyfke De reade mosk is 13,5 oant 15 sm lang. It boarst, de kop en stút fan it mantsje is read, fierder is dy fan boppe brúngriis. It reade boarst giet stadichoan oer yn in ljochtgrize búk. It wyfke is net opfallend fan kleur en liket op it wyfke fan 'e mosk of koarnmosk. Opfallend binne de foarse snaffel en lytse donkere kraaleachjes en de bêzje fleugelstrepen.

Nêst thumb|left|Aaikes fan 'e reade mosk De wyfkes meitsje yn maaie suterige nêsten, dy't goed ferside ûnder yn strewellen of tichte begroeiing sitte. Der wurde ien kear fjouwer oant seis aaikes lein, dy't nei 11 oant 14 dagen útkomme. Nei 10 oant 13 dagen kinne de jongen útfleane, dy't dêrnei noch twa wiken fuorre wurde.

Fersprieding De reade mosk hat in grut ferspriedingsgebiet, dat de lêste tiid grutter woarn is. De fûgel mei graach op fochtige plakken wêze mei hjir en dêr beammen en strewellen. De fûgel mosk komt ek yn parken mei beammen en strûken foar. et al., 2010. ANWB Vogelgids van Europa, Tirion, Baarn. ISBN 978 90 18 03080 3

Yn 1987 waard yn Nederlân foar it earst in briedend pearke op Skiermûntseach fêststeld. Dêrnei naam it tal reade mosken ta oant 1992, doe't de oantallen wer sakken. De reade mosk wurdt yn Nederlân it meast oan 'e kust yn 'e dunen en op 'e eilannen waarnommen. It tal pearkes wurdt op likernôch 10 oant 20 rûsd (2023). Reade mosken bliuwe net lang yn Nederlân, hja komme healwei maaie en lûke yn augustus oant oktober wer nei harren oerwinteringsgebiet yn Yndia en Súdeast-Aazje.

Undersoarten De reade mosk is yn fiif ûndersoarten te ferdielen:Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2022. IOC World Bird List (v12.1). C. e. erythrinus (fan West-Europa oant yn Midden-Sibearje) C. e. grebnitskii (East-Sibearje, Noard-Mongoalje, Noardeast-Sina en Korea) C. e. kubanensis (Turkije, Kaukasus, Noard-Iran en Turkmenistan) C. e. ferghanensis (East-Kazachstan oant West-Sina, westlike Himalaya, Pakistan en Afghanistan) C. e. roseatus (Midden- en eastlike Himalaya oant yn Midden- en Súd-Sina)

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Readmosk Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan