Venom is in Amerikaansk-Sineeske superheldefilm út 2018 ûnder rezjy fan Ruben Fleischer, mei yn 'e haadrollen Tom Hardy en Michelle Williams. De titel betsjut "Gif" (spesifyk: gif dat troch bisten produsearre wurdt). It ferhaal giet oer de oan legerwâl rekke ferslachjouwer Eddie Brock, dy't de 'gasthear' wurdt foar de bûtenierdske symbiont Venom en sa boppeminsklike krêften kriget. Dy set er yn om 'e psychopatyske miljardêr Carlton Drake en syn healwize ideeën oer de takomst fan 'e minskheid tsjin te hâlden, dy't de ein fan 'e Ierde betsjutte sille. Tuskentroch besiket Brock ek noch de leafde fan syn eks-freondinne Annie werom te winnen. Venom krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. In ferfolch, Venom: Let There Be Carnage, kaam út yn 2021 en in trêde Venom-film in pland foar 2024.
Plot Wylst se de romte ferkenne op 'e siik nei bewenbere planeten, ûntdekke astronauten fan in misje fan 'e partikuliere Life Foundation fan miljardêr Carlton Drake in komeet mei miljoenen yntelliginte bûtenierdske libbensfoarmen. De astronauten fange fjouwer fan 'e wêzens, wêrmei't se weromkeare nei de Ierde. By oankomst ûntsnapt lykwols ien fan 'e wêzens en feroarsaket it delstoarten fan it romteskip yn it Maleizyske diel fan Borneo. De Life Foundation wit de trije noch fêstsittende bûtenierdske wêzens te bergjen, wêrnei't dy nei it haadkertier fan 'e organisaasje yn San Francisco stjoerd wurde. Yn it laboratoarium dêre komt men ta de ûntdekking dat de wêzens op 'e Ierde net oerlibje kinne sûnder in soerstofsykheljende 'gasthear'. Drake neamt de wêzens dêrom "symbionten", mei't symbioaze in gearwurkingsfoarm tusken twa ferskillende organismen is dy't dêr beide baat by hawwe. Mar eins binne de bûtenierdske wêzens dy't er nei de Ierde helle hat mear parasiten, dy't fan harren gasthear profitearje sûnder dêrfoar wat werom te dwaan.
De fjirde symbiont hat it delstoarten ek oerlibbe en springt nei de bergingsoperaasje fan in astronaut nei in ferpleechster en letter fia in âldwyfke nei in jong famke. Al syn 'gasthearen' binne dea as er mei harren klear is. Geandewei reizget er yn 'e rjochting fan syn soartgenoaten yn San Francisco.
Yn San Francisco kriget ferslachjouwer Eddie Brock fan syn baas opdracht om in ynterview te dwaan mei Carlton Drake. Brock hat dêr net folle sin oan, mei't er Drake as in superrike krimineel beskôget, dy't mient dat er boppe de wet stiet. Under druk giet er dochs mei de opdracht akkoart. Nachts, as er net sliepe kin, giet er derôf om wat te drinken en sjocht er dat de laptop fan syn ferloofde Anne Weying noch oan stiet en dat se in e-mailtsje krige hat dat fertroulik is. Om't Anne yn 'e tsjinst is by in abbekatekantoar dat foar de Life Foundation wurket, kin Brock syn nijsgjirrigens net betwinge en lêst er it mailtsje. Hy ûntdekt dat de taheakken geheime dokuminten binne, wêryn't de nammen neamd wurde fan trije proefpersoanen dy't omkommen binne by tests fan nije anty-kankermedisinen fan 'e Life Foundation. De oare deis, wannear't Brock syn fraachpetear hat, ûnderstiet er Drake dêroer. Dyselde wurdt dêrop poerlulk en brekt it ynterview ôf. Mei't Brock net sizze kin wa't syn boarne is, wurdt er by syn tillefyzjenetwurk ûntslein. Om't it foar de Life Foundation net dreech is om it lyntsje fia Anne nei Brock te folgjen, ferliest Anne ek har baan. Se fielt har ferret troch Brock en ferbrekt harren relaasje.
Underwilens set de Life Foundation ûnder it persoanlik tafersjoch fan Drake útein mei it útfieren fan eksperiminten mei de symbionten. It docht bliken dat it hiel nau lústeret mei de 'gasthear', mei't inkeld in folsleine match resultearret yn in súksesfolle 'symbioaze' (eins mear in parasitêre relaasje), wylst it proefdier alle oare kearen mei gauwens dea rekket as der gjin 'symbioaze' berikt wurde kin. Nettsjinsteande dat jout Drake fuortendaliks nei de earste súksesfolle symbioaze mei in nuete knyn opdracht om oer te gean op it ynsetten fan minsklike proefpersoanen, wêrfoar't de Life Foundation mei dakleazen fan 'e strjitte lokket. Dat de measten fan harren omkomme, docht Drake neat, mei't er folslein rjochte is op syn obsesje om 'e minskheid fan in stjerrende Ierde te rêden. Hy is derfan oertsjûge rekke dat soks inkeld kin troch minsken en symbionten te kombinearjen, sadat minsken yn it fakuum fan 'e romte oerlibje kinne.
Dora Skirth, de wittenskipster dy't oan it haad stiet fan 'e eksperiminten fan 'e Life Foundation, hat wroeging oer de oantallen proefpersoanen dy't by de eksperiminten it libben litte, mar tagelyk is hja benaud om dêr roftberens oan te jaan fanwegen de bedutsen drigeminten dy't Drake oan it adres fan har bern utere hat. Lang om let beslút se dat se wat dwaan moat om Drake te stopjen en nimt se kontakt op mei Brock. Dyselde is tsjin dy tiid, likernôch in healjier nei syn ûntslach, oan legerwâl rekke en stegeret har ôf. Nei't er syn eks-ferloofde Anne weromsjoen hat, dy't har eigen libben al lang wer op 'e rails hat mei in nije freon en in nije baan, betinkt er him. Skirth smokkelet him it haadkertier fan 'e Life Foundation binnen sadat er de oangeande eksperiminten mei eigen eagen sjen kin. Dêre rekket Brock by har wei wannear't sy in erchtinkende befeiligingsman gerêststelle moat. Fan gefolgen doarmet Brock op eigen manneboet troch it laboratoarium as er yn ien fan 'e sellen Maria werkent, de dakleaze frou dy't altyd by de yngong fan 'e buertsupermerk siet dêr't hy hinne gie te boadskipjen. Wannear't Maria him om help smeket, brekt Brock har út, mar sadree't se frijkomt, springt de symbiont dy't har beset oer nei him en bliuwt sy dea efter.
Brock, dy't earst net foar it ferstân hat wat der bard is, makket dat er fuortkomt, mei't troch de útbraak fan Maria it alaarm yn it gebou ôfgiet. Op syn flecht foar de befeiligingsmeiwurkers fan 'e Life Foundation begjint er nuvere symptomen te fertoanen, lykas boppeminsklike krêft en faasje en in stim yn syn holle dy't tsjin him praat. Nei't er ûntsnapt is oan syn efterfolgers, siket er sadwaande kontakt mei Anne en har nije freon, dokter Dan Lewis. Dyselde nimt Brock mei nei it sikehûs foar ûndersyk en ûntdekt dat er in parasyt hat. Underwilens fermoardet Drake dr. Skirth foar har ferrie. De beide oare symbionten yn it laboratoarium fan 'e Life Foundation komme om trochdat der mar gjin gaadlike gasthearen foar harren fûn wurde kinne. Mar de fjirde symbiont berikt einlings op eigen gelegenheid San Francisco, dêr't er it haadkertier fan 'e Life Foundation binnenkringt en in symbioatysk/parasitêre relaasje mei Drake sels oangiet.
Mei't Skirth foar har dea tajûn hat dat se Brock it gebou binnensmokkele hie, stjoert Drake in team fan swierbewapene hierlingen û.l.f. Roland Treece om him en – wichtiger – de symbiont te fangen. Mar by de dêropfolgjende konfrontaasje manifestearret de symbiont, dy't Venom hjit, himsels om Brock syn lichem hinne as in meunstereftich wêzen dat de oanfallers in wan bruien jout en dêrnei Brock helpt om te ûntkommen. Letter leit Venom oan Brock út dat de astronauten him en syn trije maten net fongen hawwe, mar dat sy har fange litten hawwe, om't de bûtenierdske wêzens op 'e komeet in bewenne planeet sykje dêr't se alle libben besette en fan binnenút fersline kinne. Venom biedt oan om Brock te sparjen as er de symbionten helpt om dat doel te berikken, mar Brock hâldt de boat ôf, mei't er dat begryplikerwize net dwaan wol en tagelyk Venom ek net tsjin him yn it harnas jeie wol.
Mei de foto's fan 'e eksperiminten dy't geande binne yn it laboratoarium fan 'e Life Foundation giet Brock jûns nei it haadkertier fan syn âlde tillefyzjenetwurk. Hy wol it bewiismateriaal oan syn eardere baas oerdrage, mar in befeiligingsman hâldt him tsjin. Dêrop beklimt Venom de bûtenkant fan 'e wolkekliuwer en brekt er yn yn it kantoar fan syn âlde baas om it bewiismateriaal dêr efter te litten. Op 'e weromweis nimt er de lift nei ûnderen, wat in flater is om't er yn 'e lobby fan it gebou besingele wurdt troch de swierbewapene leden fan in arrestaasjeteam fan it San Francisco Police Department, dat ynseind is troch de befeiligingsman. Venom weeft lykwols handich mei harren ôf.
Anne, dy't troch dokter Lewis opskille is oer de útkomst fan it medysk ûndersyk, sit yn oer Brock en siket him. Se folget it spoar nei it gebou fan syn âlde wurkjouwer, dêr't se tsjûge is fan it sturtsje fan it gefjocht tusken Venom en it arrestaasjeteam. Ek sjocht se de transformaasje fan Venom nei Brock. Anne beseft dat der wat goed mis mei har eks is en riidt him werom nei it sikehûs. Underweis fertelt Brock har wat der mei him oan 'e hân is en leit er út dat Venom frijwol ûnkwetsber is, útsein foar fjoer en foar lûden yn 'e frekwinsjes tusken 4.000 en 6.000 hertz. Yn it sikehûs arrivearre, leit Lewis oan Brock út dat de parasyt dêr't er mei oanhelle rekke is, syn organen oan it fertarren is. Hoewol't Venom beweart dat er de orgaanskea maklik wer genêze kin, brûkt Anne it heechtoanige lûd fan in MRI-apparaat om him fan Brock te skieden. Venom komt fêst te sitten efter in glêswand, mar ûntsnapt fia in fentilaasjekanaal en beset in lyts hûntsje dat in pasjinte tsjin 'e regels yn nei it sikehûs meinommen hat.
Wannear't Brock it sikehûs ferlit, rint er Treece en syn hierlingen tsjin it liif, dy't him sûnder swierrichheden finzen nimme kinne no't Venom der net is om dat tsjin te kearen. As Anne dat sjocht, wit se net wat se dwaan kin om Brock te helpen, oant se it troch Venom besette hûntsje sjocht. Treece-en-dy nimme Brock mei in bosk yn om him op in stil plakje út 'e ljochten te helpen, mar se wurde ûnderbrutsen troch Venom dy't himsels diskear om Anne har lichem hinne foarme hat. Nei't se mei de hierlingen ôfweefd en Brock befrijd hat, jout Anne him in ynlike tongtút, wêrby't Venom wer oerspringt fan har nei Brock. Venom stelt syn gasthear foar om diskear in echte symbioatyske relaasje oan te gean, dêr't se allebeide baat by hawwe sille. De symbiont is nammentlik ta de konklúzje kommen dat er net werom wol nei syn eigen folk, dêr't er frijwol ûnderoan de pikoarder stie. Want op 'e Ierde, in planeet dy't eins sa gek noch net is, stiet er yn ien kear boppe-oan de pikoarder. Hy fertelt Brock dat Riot, de lieder fan 'e fjouwer symbionten dy't harsels troch de astronauten fange litten hawwe, fan doel is om alle oare symbionten fan 'e komeet nei de Ierde te heljen, sadat se dêr alle libben fan binnenút fersline kinne.
Sadwaande sette Brock en Venom ôf nei de romtefeartbasis fan 'e Life Foundation, dêr't Drake de lansearring fan in nij romteskip om 'e oare symbionten op te heljen al oan it tarieden is. Se besykje Anne efter te litten om't it te gefaarlik foar har wêze soe, mar sy lit har sa maklik net ôfskodzje. Op 'e romtefeartbasis jaget Riot alle wittenskippers fuort nei't de ôftellingssyklus foar de lansearring begûn is. By it lansearringsplatfoarm besykje Brock en Venom om Drake en Riot tsjin te kearen, mar yn in wapene konfrontaasje kin Riot Venom wol oer. Op in stuit yn it gefjocht ferslynt Riot syn lytsere fijân folslein, mar yn 'e kontrôlekeamer wit Anne in heechtoanich lûd te feroarsaakjen dat de beide symbionten wer útinoar hellet. Op 't langelêst slagget it Riot lykwols om Venom en Brock te skieden, wêrnei't er Brock in ôfskuord en ferbûgd stik izer dwers troch de lea stekt. Riot en Drake geane it romteskip yn en stiigje op, mar Venom wit Brock te berikken en te genêzen ear't er stjert, wêrnei't er de raket beklimt. Skaat troch in rútsje winsket er Riot in goede flecht, wêrnei't er himsels it skerprânige stik izer út 'e lea skuort en dêrmei in ûnbidige skuor yn ien fan 'e brânstoftanks makket. De raket mei it romteskip ûntploft yn in reuseftige fjoerbal en Riot en Drake komme om. Venom falt werom nei de Ierde en liket troch it fjoer fan 'e útlaten fan 'e raket hielendal om Brock hinne wei te brânen. Brock oerlibbet de fal trochdat er yn see telâne komt.