De krúsbek (Loxia curvirostra) is in sjongfûgel út de famylje fan finkfûgels (Fringillidae).

Beskriuwing thumb|left|Wyfke fan 'e gewoane krúsbek (Loxia curvirostra) De krúsbek is in fûgel fan 15 oant 17 sm mei in spanwiidte fan 27 oant 30,5 sm en dêrmei is de fûgel likernôch 15% grutter as de skelfink en grienfink. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar hawwe itselde gewicht fan likernôch 40 g. It mantsje hat fral reade fearren mei in wat ljochter boarst en in brune sturt en brune fleugels. It wyfke hat in oliifgriene boppekant en in gieleftige stút en ûnderkant.

Iten It iten bestiet út sied fan nullebeammen, fral fan spjirrebeammen, mar yn 'e it súdlike diel fan it wengebiet ek fan dinnebeammen. Hingjend oan 'e kegels kinne se it sied ferwiderje, alhoewol't se somtiden ek in hiele kegel ôfbite en meinimme nei in tûke om dêr it sied te ferwiderjen. Hja kinne dêrby somtiden mei kegels fleane dy't like swier binne as sy sels. De siedden fan dinnen sitte yn gruttere en hurdere kegels en fûgels dy't fral op sokke kegels oanwiisd binne, hawwe fakentiden in swierdere snaffel. By brek oan iten sille fûgels dy't fral spjirresied ite oergean op dinnesied.

Biotoop thumb|left|Groep krúsbekken De soarte libbet op it noardlike healrûn op de plakken mei in soad nullebeammen. Yn 'e súdlike streken foarmje de berchtmes it leefgebiet fan 'e krúsbek. Bûten de briedtiid libbet de fûgel faak yn groepen.

Yn 'e jierren dat de spjirren yn Noard-Europa minder sied produsearje, sykje de krúsbekken massaal in hinnekommen nei West- en Midden-Europa. Dat dogge krúsbekken om't de spjirren fan West- en Midden-Europa net tagelyk mei dy fan Noard-Europa sied jouwe. Eartiids wie de krúsbek foar Nederlân dan ek in echte ynfaazjefûgel, dy't nei it brieden kaam en dan oant de winter bleau. Dat feroare yn 'e jierren 1970, doe't de earste pearkes yn Nederlân brieden. De oantallen binne dêrnei foars tanommen.

Hjoed-de-dei (2023) is de krúsbek lokaal yn Nederlân in briedfûgel en dan fral yn Drinte en op 'e Feluwe en de Utertske Heuvelrêch. Foar Fryslân giet it mar om in pear briedgefallen yn it súdeasten fan 'e provinsje en op 'e Waadeilannen. Winterdeis binne de oantallen krúsbekken yn 'e Nederlânske nullebosken heger, lykas yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld. Mei it ferfangen fan nullebosken troch bygelyks it oanplantsjen fan leafbeammen of de oanlis fan heide ferdwynt ek it biotoop fan 'e krúsbek.

Nêst thumb|260px|Aaikes fan 'e krúsbek De krúsbek leit ien of twa kear yn 't jier likernôch trije oant fjouwer griisblauwe aaikes, dy't troch it wyfke yn twa wiken útbret wurde. Beide âlden fuorje de jonge fûgels, dy't de earste sân oant tsien dagen troch it wyfke waarm holden wurde en nei trije wiken útfleane. Dêrnei wurde de jonge fûgels noch trije oant seis wiken fuorre.

Undersoarten De krúsbek hat njoggentjin ûndersoarten:

L. c. curvirostra: fan noardlik, westlik en sintraal Europa oant noardeastlik Sibearje en noardelik Mongoalje. L. c. balearica: Sintraal- en Súd-Spanje en de Balearen. L. c. corsicana: Korsika. L. c. poliogyna: Súd-Italië en Noardwest-Afrika. L. c. guillemardi: fan 'e eastlike Balkan en Turkije oant de Kaukasus en it suden fan 'e Oekraïne. L. c. altaiensis: Noardeast-Kazachstan, súdwestlik Sibearje en westlik Mongoalje. L. c. tianschanica: fan súdeastlik Kazachstan oant Tadzjikistan en noardwestlik Sina. L. c. himalayensis: fan 'e Himalaya oant it suden fan Sina. L. c. meridionalis: Súd-Fietnam. L. c. japonica: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina, Korea, Sachalin, de Koerilen en Japan. L. c. luzoniensis: Luzon fan 'e noardlike Filipinen. L. c. minor: súdeastlik Kanada en it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. L. c. percna: Newfoundland. L. c. sitkensis: fan 'e súdkust fan Alaska oant de westkust fan 'e Feriene Steaten. L. c. bendirei: ynlânsk súdwestlik Kanada en de ynlânske noardwestlike Feriene Steaten. L. c. benti: de sintrale Rocky Mountains. L. c. grinnelli: fan 'e westelik-sintrale oant de súdwestlike Feriene Steaten. L. c. stricklandi: fan 'e súdwestlike Feriene Steaten oant súdlik Meksiko. L. c. mesamericana: fan Gûatemala en Belize oant Nikaragûa. De ûndersoarte L. c. sinesciuris: De krúsbekken fan South Hills en de Albion Moutains (Idaho) wurde sûnt 2017 as de Idahokrúsbek as in aparte soarte beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Krúsbek Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje