thumb|left|250px|Luitenant Yoshinori Yamaguchi's D4Y3 by in kamikaze-aksje tsjin de USS Essex, 12.56 oere, 25 novimber 1944 De Yokosuka D4Y Suisei (Japansk foar 'Komeet', alliearde koadenamme Judy), wie in iensits dûkbommesmiter, ûntwurpen en produsearre troch de Japanske fleantúchfabrikant Yokosuka. It tastel wie yn de Twadde Wrâldoarloch yn tsjinst by de Japanske Keizerlike Marineloftmacht.

De ûntwikkeling fan it fleantúch begûn yn 1938. De earste D4Y1 wie klear yn novimber 1940 en makke de oare moanne syn earste flecht by Yokosuka. Francillon, 1970

Hoewol 't it tastel oarspronklik ûntwurpen wie as dûkbommewerper, waard de D4Y ek brûkt yn oare rollen, wêrûnder ferkenning, as nachtjager en spesjale oanfallen (kamikaze). It makke syn gefjochtsdebút as ferkenningsfleantúch doe 't twa pre-produksje D4Y 1-C's oan board giene fan de Sōryū om diel te nimmen oan de Slach om Midway yn 1942. Earst yn maart 1943 waard it tastel akseptearre foar gebrûk as dûkbommewerper. De iere D4Y1 en D4Y2 wiene útrist mei de floeistofkuolle Aichi Atsuta-motor, in yn lisinsje boude ferzje fan de Dútske Daimler-Benz DB 601, wylst de lettere D4Y3 en D4E4 útrist wiene mei de Mitsubishi MK8P Kinsei-stjermotor.

Krekt as in soad oare Japanske fleantugen út dy tiid hie de D4Y gjin pânsering en selstichtsjende brânstoftanks en pas by de lêste fariant, de D4Y, krige it tastel kûgelfrij glês en bepânsering foar de bemanning en brânstoftanks. Ishiguro, Ryusuke; Januszewski, Tadeusz (2009). Japanese Special Attack Aircraft & Flying Bombs. Poland: Mushroom Model Publications. s. 142. ISBN 978-83-89450-12-8. Nettsjinsteande dat wie de D 4 Y ien fan de fluchste dûkbommesmiters fan de oarloch, benammen de D 4, dêr 't Max Gadney fan sei dat it de "rapste dûkbommewerper fan de Twadde Wrâldoarloch" wie en dat er "rapper wie as de Zero". Gadney, Max (April 2008). "Kamikazes, Deconstructed". World War II. Vol. 23, no. 1. World War II. s. 46–47. Allinnich de fertragingen yn de ûntjouwing behinderen de tsjinst derfan wylst syn foargonger, de stadigere Aichi D3A mei fêste fersnelling, folle langer yn tsjinst bleau as de bedoeling wie. Ferneamd is dat in D4Y brûkt waard by ien fan de lêste kamikaze-oanfallen yn 1945, oeren nei de oerjefte fan Japan, mei fice-admiraal Matome Ugaki yn de efterste cockpit.

Spesifikaasjes thumb|Yokosuka D4Y-4 thumb|Cockpit fan in Yokosuka D4Y4 Parameters Feiten (D4Y2) Bemanning 2 (piloat en boardskutter/radiotelegrafist) Lingte 10,22 m Spanwiidte 11,50 m Hichte 3,74 m Fleugeloerflak 23,60 m² Fleugellingte 5,6 Gewicht leech 2.440 kg Startgewicht maks. 4.250 kg Oandriuwing ien Aichi Atsuta AEIA 32 fan 1.044 kW (sa'n 1.420 hk) Heechste faasje 550 km/o op 4.750 m Fleanberik 1.465 km Tsjinstplafond 10.700 m Fleugelbelêsting 180 kg/m² Ferhâlding fermogen/gewicht 0,25 kW/kg Bewapening twa foarút fjurjende 7,7 mm masinegewearenien fan efteren fjurjend 7,92 mm masinegewearoant 800 kg bommen

Kategory:Japanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Japanske bommesmiter Kategory:Japanske ferkenningsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1940