De Aichi E1 A (alliearde koadenamme: "Jake") wie in langeôfstânsferkenningswetterfleantúch dat fan 1941 oant 1945 brûkt waard troch de Keizerlike Japanske Marine (KJM). It wie yn getallen útdrukt de wichtichste driuwerfleanmasine fan de KJM en koe in bemanning fan trije en in bommelêst fan 250 kg (550 lb) ferfiere. thumb|left|In E 13 A by in kattepûllansearring fan de kruser Ashigara ôf, 1943 Operasjonele skiednis Yn Sina operearre it tastel fan wetterfleantúchtenders en krusers ôf. Letter waard er brûkt as ferkenner foar de oanfal op Pearl Harbor en waard er ynset by gefjochten mei de Amerikaanske Marine by de slach yn de Koraalsee en de slach by Midway. It tastel wie yn it hiele konflikt yn tsjinst foar kustpatrûljes, oanfallen tsjin de skippen, ferbiningen, trânsport fan offisieren, rêdingen fan skipbrekkelingen en oare misjes, lykas in pear kamikazemisjes yn de lêste dagen fan de oarloch.

Ien Aichi E 13 A waard troch Nazi-Dútslân brûkt neist twa Arado Ar 196's fan de basis op Penang ôf. De trije fleantugen foarmen de East Asia Naval Special Service om de Dútske Monsun Gruppe en lokale Japanske marineoperaasjes te assistearjen. Geerken, Horst H. (9 juny 2017). Hitler's Asian Adventure. BoD – Books on Demand. s.. 375–376. ISBN 978-3-7386-3013-8.

Acht eksimplaren waarden brûkt troch de Frânske Force maritime de l'aéronautique navale yn de Earste Yndosineeske Oarloch fan 1945 oant 1947, Dorr and Bishop (1996), s. 234. wylst oare foar de oarloch nei alle gedachten brûkt waarden troch de Keninklike Taiske Marine. Ien eksimplaar (MSN 4326) waard nei de ein fan de fijanlikheden oerdroegen oan de Nij-Seelânske striidkrêften en waard koarte tiid flein troch RNZAF-personiel, mar waard net reparearre nei 't in driuwer skansearre wie en dêrnei sonk op syn lisplak yn de baai fan Jacquinot yn Papoea Nij-Guineä. Homewood, Dave (ed.). "RNZAF Life in the Pacific". Wings Over Cambridge. Archived from the original on 2019-12-17.

Technyske gegevens thumb|E13A1 Parameters Bemanning 3 Lingte 11,30 m Hichte 4,7 m Spanwiidte 14,50 m Fleugeloerflak 36,0 m² Fleugellingte 5,8 m Gewicht leech 2642 kg Maks. gewicht by start 3640 kg Oandriuwing ien Mitsubishi Kinsei 43 fan 795 kW (sa'n 1.080 hk) Topfaasje 376 km/0 Tsjinstplafond 8.730 m Fleanberik 2.100 km Bewapening ien beweechbere 7,7-mm Lewis-masinegewear type 92 efteryn de cockpit,oant 250 kg bommen

Literatuer : Japanese Aircraft of the Pacific War, US Naval Institute Press, 1987, ISBN 978-0-87021-313-7.

Kategory:Japanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Japanske bommesmiter Kategory:Japanske ferkenningsfleanmasine Kategory:Japanske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1938