De Aichi D3A Type 99 (alliearde koadenamme "Val") is in dûkbommesmiter foar fleandekskippen út de Twadde Wrâldoarloch. It wie de primêre dûkbommewerper fan de Keizerlike Japanske Marine (KJM) en wie belutsen by hast alle KJM-aksjes, ûnder oare de oanfal op Pearl Harbor.

De AichiD3A wie it earste Japanske fleantúch dat yn de oarloch Amerikaanske doelen bombardearre, te begjinnen mei Pearl Harbor en Amerikaanske bases op de Filipinen, lykas de Clark Air Force Base. Se brochten mear alliearde oarlochsskippen te sink as alle oare fleantugen fan de Asmogendheden (Nazi-Dútslân, Italië en Japan).

Skiednis thumb|250px|Dûkbommesmiter Aichi D3A2 De ûntwikkeling fan de Aichi D3A begûn yn it begjin fan 1936 op basis fan stúdzjes fan de Dútske Heinkel modellen He 66 en He 70. It tastel waard ûntwurpen as in ienmotorige iendekker mei leech oan romp fêstmakkes fleugel en in fêst lâningsgestel en wie de earste folslein metalen dûkbommesmiter en iendekker fan Japan. De Aichi D3A krige dêrnei de oantsjutting (letterlik oerset) "99 type bommewerper brûkt troch fleandekskippen" fan de Keizerlike Japanske Marine. De earste flecht wie yn augustus 1936. Dit earste fleantúch waard noch oandreaun troch in njoggensilinder stjermotor fan it type Nakajima-Hikari-1 mei in fermogen fan 710 pk (523 kW). thumb|left|250px|In Aichi D3A1 mei in bom oan board giet omheech fan it fleandekskip Zuikaku fan de Keizerlike Japanske Marine op 8 maaie 1942 om de fleandekskippen fan de Amerikaanske Marine oan te fallen by de Slach yn 'e Koraalsee De produksje fan it type D3A1 begûn yn jannewaris 1938. Dy ferzje krige in 1.075 hk (791 kW) 14-silinder Mitsubishi-Kinsei-44 dûbelstjermotor. Yn totaal waarden 470 fleantugen fan dizze earste searje produsearre oant 1942. Dêrnei waard de opfolger D3A2 makke, dy 't ferbettere aerodynamika en in Mitsubishi-Kinsei-54 motor fan 1300 pk (970 kW) hie en dêr 't 1016 fan boud waarden oant 1944.

Yn 'e hannen fan in betûft piloat wie dit tastel bûtengewoan krêftich en manûvrearber. Neidat it syn bommelêst smiten hie, wie it ek yn steat om in loftgefjocht mei in jager oan te gean en him steande te hâlden - oant yn de middenfaze fan de Pasifyske Oarloch. De Aichi D3A hat yn de hiele oarloch tsjinst dien.

Yn de lêste faze fan de oarloch waard de Aichi D3A yn syn tradisjonele rol ferfongen troch modernere fleanmasines en dêrnei ek brûkt foar kamikazemisjes. As modernere opfolger waard de Yokosuka D4Y Suisei ûntwikkele, dy 't foar it earst fleach yn desimber 1940 en ek tsjinst die oant de ein fan de oarloch.

Technyske gegevens thumb|Aichi D3A

Parameters Feiten (Aichi D3A2) Bemanning ien piloat en in navigator/boardskutter Kenneth Munson, Die Weltkrieg II-Flugzeuge. Stuttgart, 1973 ISBN 3-87943-302-X, s.38 Lingte 10,25 m Spanwiidte 14,37 m Hichte 3,33 m Fleugeloerflak 34,90 m² Fleugellingte 5,9 m Klimfaasje 8,30 m/s Lading 370 kg Gewicht leech 2.620 kg Maks. startgewicht 3.800 kg Draachflakbelêsting 84,20 kg/m² Krúsfaasje Heechste faasje 426 km/o op 5.650 m Tsjinstplafond 10.900 m Fleanberik 1.550 km Maks. fleantiid Oandriuwing ien 14-sylinder-dûbelstjermotor Mitsubishi Kinsei 54 fan 1300 hk Bewapening twa fêste 7,7-mm-MG's Type 97 nei foaren fjurjendien beweechbere 7,7-mm-mg type 99 efteryn de cockpitien 250kg-bom ûnder de romp en twa bommen fan 60 kg ûnder de fleugels Sjoch ek Ferlykbere ûntwerpen út deselde tiid: ANBO VIII Blackburn Skua Breda Ba.65 Curtiss SB2C Helldiver Douglas SBD Dauntless Fairey Barracuda Junkers Ju 87 Loire-Nieuport LN.401 Saab 17 Vultee A-31 Vengeance Yokosuka D3Y Yokosuka D4Y

Kategory:Japanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Japanske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1938