De lânkring Noardwest-Meklenburch (Dútsk: Landkreis Nordwestmecklenburg) is in bestjoersdistrikt yn it noardwestlike diel fan 'e Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It bestjoerlike sintrum is de stêd Wismar.

De lânkring leit oan 'e kust fan 'e Eastsee en grinzget yn it west oan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. Oanbuorjende distrikten binne fanút it easten mei de klok mei: de lânkringen Rostock en Ludwigslust-Parchim, de kringfrije stêd Schwerin, de kring Lauenburg en de kringfrije stêd Lübeck yn Sleewyk-Holstein.

Yn Noardwest-Meklenburch lizze foar in part twa grutte marrren: oan de westlike kant de eastlike helte fan de Schaalsee (23 km²) en yn it suden de noardlike helte fan de Schweriner See (63 km²). Fierder hat Noardwest-Meklenburch noch twa lytsere marren: de Bibowsee (0.79 km²) en de Mechower See (km²). It yn 'e Eastsee lizzende eilân Poel heart ek by Noardwest-Meklenburch.

Skiednis Noardwest-Meklenburch ûntstie yn 1994 troch de gearfoeging fan 'e eardere distrikten Gadebusch, Grevesmühlen en Wismar mei in pear lytsere dielen fan de distrikten Sternberg en Schwerin-Land. By de weryndieling fan 2011 waard it gearfoege mei de eardere kring-frije stêd Wismar. De namme fan 'e lânkring waard mei in referindum op 4 septimber 2011 fêststeld.

Stêden en gemeenten thumb|300px|Yndieling fan 'e lânkring Noardwest-Meklenburch Amt-frije stêdAmt-frije gemeentenGrevesmühlen WismarPoel Amten1. Dorf Mecklenburg-Bad Kleinen Bad Kleinen Barnekow Bobitz Dorf Mecklenburg1 Groß Stieten Hohen Viecheln Lübow Metelsdorf Ventschow 2. Gadebusch Dragun Gadebusch1, 2 Kneese Krembz Mühlen Eichsen Roggendorf Rögnitz Veelböken 3. Grevesmühlen-Land (bestjoerssintrum: Grevesmühlen) Bernstorf Gägelow Roggenstorf Rüting Stepenitztal Testorf-Steinfort Upahl Warnow4. Klützer Winkel Boltenhagen Damshagen Hohenkirchen Kalkhorst Klütz1, 2 Zierow 5. Lützow-Lübstorf Alt Meteln Brüsewitz Cramonshagen Dalberg-Wendelstorf Gottesgabe Grambow Klein Trebbow Lübstorf Lützow1 Perlin Pingelshagen Pokrent Schildetal Seehof Zickhusen 6. Neuburg Benz Blowatz Boiensdorf Hornstorf Krusenhagen Neuburg17. Neukloster-Warin Bibow Glasin Jesendorf Lübberstorf Neukloster1, 2 Passee Warin2 Zurow Züsow 8. Rehna Carlow Dechow Groß Molzahn Holdorf Königsfeld Rehna1, 2 Rieps Schlagsdorf Thandorf Utecht Wedendorfersee 9. Schönberger Land Dassow2 Grieben Lüdersdorf Menzendorf Roduchelstorf Schönberg1, 2 Selmsdorf Siemz-Niendorf1 - bestjoerssintrum fan it amt; 2 - stêd

Kategory:Distrikt yn Mecklenburch-Foarpommeren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994